OANNAAM Moasje frjemd - Statushâlders yn Noardeast-Fryslân 240704
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2024-141489
MOASJE Art. 48 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 4 july 2024
Underwerp: Statushâlders yn Noardeast-Fryslân
De ried, heard it beried, konstatearjend dat: • Nederlân te krijen hat mei in asylkrisis; • Nederlân te krijen hat mei in huzekrisis; • út it draachflakûndersyk blykt dat in grutte mearderheid gjin permanint AZC yn ús gemeente wol; • ûngefear 20.257 statushâlders yn in AZC ferbliuwe, dit san 30% fan alle plakken yn AZC's binne; • gemeenten fanút it Ryk in ferplichte opjefte hawwe foar de opfang fan statushâlders en it kolleezje earder oanjûn hat net oan’e taakstelling foldwaan te kinnen; • it COA oanjûn hat, wannear’t de statushâlders trochstreame, besteande AZC's brûkt wurde kinne dêr’t se foar bedoeld binne; yn beried nimmend dat: • gemeenten op ferskate wizen de asylketen ûntlêste kinne; • it húsfesten fan statushâlders neffens it Ryk ien fan de mooglike bydragen hjiroan is; • tydlike wenningbou bydraacht oan it foldwaan fan húsfesten fan statushâlders en mooglik ek by de huzekrisis; • tydlike wenningbou op koarte termyn realisearre wurde kin; • tydlike wenningbou yn oerlis mei doarpsbelangen en wykrieden nei aard, skaal en karakter mooglik is; • de statushâlders fanút in eigen wenning better yntegreare kinne yn ’e mienskip;
sprekt út: • ek sjoen de útslach fan it draachflakûndersyk, ôf te sjen fan it foarnimmen fan de bou fan in permanint AZC op de troch it kolleezje foardroegen foarkarlokaasjes, te witten de folgjende wiken: De Trije Terpen, De Wettertoerbuurt en it Kalkhúsplein; ropt it kolleezje op: • in ûndersyk te dwaan nei wat er maksimaal oan statushâlders yn Noardeast-Fryslân húsfeste wurde kin en dit ûndersyk oan ’e ried te presintearjen, en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: J. Postema (FNP), GBNF, BVNL, VVD, PvdA
Stimming
Foar: FNP, GBNF, BVNL, VVD, PvdA (15)
Tsjin: S!N, CU, CDA (12)
Moasje oannnaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 4 july 2024. De ried niisneamd, de griffier,
de foarsitter,
{{Signer1}}
{{Signer2}}
Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 05/07/2024 13:20:23 CEST ID: e031b727-ddaf-4c85-bf69-017d414ecc50 Auth: Scribble
mr. S.K. Dijkstra
Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 05/07/2024 14:03:08 CEST ID: e031b727-ddaf-4c85-bf69-017d414ecc50 Auth: Scribble
mr. J.G. Kramer