Oannaam - Moasje - FNP-S!N-GBNF-Fractie Tien-PvdA-CU-CDA-VVD - Missy en fisy FUMO
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2023-047029 MOASJE Art. 49 RfO Moasje nei oanlieding fan agendapunt nû. 5 yn de riedsgearkomste fan 26 april 2023
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 26 april 2023.
Underwerp: Missy en fisy FUMO
De ried, heard it beried, konstatearjend dat: - der yn de gearkomste fan it algemien bestjoer fan de FUMO net genôch komfôrt wie by it AB om de nije missy en fisy fan ’e FUMO te ferwurkjen yn de kadernota sûnder de folksfertsjintwurdigjende organen te hifkjen oer dizze missy en fisy; oerweagjende dat: - de werikte missy en fisy finansjele konsekwinsjes mei him meibringt, dy’t bekostige wurde moatte troch de leden; - de ynfiering fan de Umjouwingswet foar de start fan 1-1-’24 in soad personiele ynset freget; - it ôfwachtsjen is nei 1-1-2024 hokker gefolgen de Umjouwingswet foar ekstra personiele ynset hat foar de FUMO; - noch net dúdlik is hokker ynsidentele en strukturele kosten de Umjouwingswet oangeande de taken fan de FUMO mei him meibringt foar de dielnimmende gemeenten/leden; - de gemeenten fan 2026 ôf te meitsjen krije, lykas op it stuit foarsjoen, mei it saneamde finansjele ravyn; - it útfieren fan wetlike taken boppe net wetlike taken giet; fersiket it kolleezje: - binnen it AB fan de FUMO gjin stipe út te sprekken foar de nije missy en fisy en, sjoen de takomstige ûntwikkelingen, oan te jaan dizze missy en fisy net ferwurkje te wollen yn de Kadernota 2024-2028 van de FUMO, en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: Anton Buwalda (FNP), S!N, GBNF, Fractie Tien, PvdA, CU, CDA, VVD
Stimming
Foar: FNP, S!N, GBNF, Fractie Tien, PvdA, CU, CDA, VVD, BVNL (26)
Tsjin: -
Moasje oannnaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 26 april 2023. De ried niisneamd, de griffier,
de foarsitter,
{{Signer1}}
{{Signer2}}
Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 01/05/2023 12:30:23 CEST ID: b0893b59-8a5e-49a7-b36e-2efbb2353217 Auth: Scribble
mr. S.K. Dijkstra
Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 02/05/2023 14:14:28 CEST ID: b0893b59-8a5e-49a7-b36e-2efbb2353217 Auth: Scribble
mr. J.G. Kramer