Oannaam - 2023 07 20 Amendemint Undersyk draachflak
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2023-151208 AMENDEMINT Art. 47 RfO Agindapunt: 5 (Meiwurking COA opfang)
Underwerp: Undersyk draachflak
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 20 july 2023 beslút de foarstelde beslútpunten oer de opfang rûnom Dokkum as folget te wizigjen: Locatiescan permanente opvang rondom Dokkum 2. Een locatiescan uit te laten voeren naar mogelijkheden voor permanente vestiging van opvang (AZC) voor c.a. 250 plekken in Dokkum. 3. Hierin zowel leegstaande panden als ook beschikbare grond in beeld te brengen. 4. In algemien gemeentebreed ûndersyk te dwaan nei it draachflak fan in permanint AZC yn Noardeast-Fryslân, spesifyk in lokaasje yn of by Dokkum. Tagelyk in ûndersyk te dwaan oer it draachflak foar de meast gaadlike lokaasje dy't út de lokaasjescan nei foarren komt, dit ûndersyk te beheinen ta de wyk / lokaasje dêr’t it om giet. 5. As Ried winsken en betinkingen oan te jaan foardat de ûndersiken dien wurde. 6. Dit ûndersyk út fiere te litten troch in ekstern ûndersyksburo en de kosten dêrfan te dekken út de algemiene reserve. 7. Nei de útkomsten fan it algemiene draachflakûndersyk en de útkomsten fan de lokaasjescan, dêr't ek it draachflakûndersyk oan keppele wurdt, in riedsbeslút te nimmen oer al of net in permanint AZC yn of by Dokkum.
Taljochting: In sa mooglik permanint AZC yn of by Dokkum is in lestich fraachstik. Wij wolle dit fraachstik foarôf by ús ynwenners del lizze oan'e hân fan draachflak ûndersiken en dêrnei sil der beslútfoarming plak fine. Der bin trije sporen dy't tagelyk ynset wurde: •
In algemien gemeentebreed draachflakûndersyk yn 'e hiele gemeente oer in mooglik permanint AZC te Dokkum. Dit útfiere te litten troch in onôfhinklik ûndersyksburo. Troch de ried kaders oan te jaan wat der ûndersocht wurde moat. Tink dan bygelyks oan oantallen, eventueel meardere lokaasjes, of de groepsformaasje. De útfiering leit by it kolleezje mar as ried wolle we de mooglikheid ha om mei te tinken en dus kaders oan te jaan.
• •
In lokaasjeûndersyk te dwaan. De troch it kolleezje meast geskikt achte lokaasje ek te hifkjen op draachflak, te beheinen ta de wyk / lokaasje dêr’t om giet.
Nei ôfrin fan alle útkomsten werom te kommen by de ried en pas dan sil de beslútfoarming oer al as net in AZC te Dokkum plakfine.
Yntsjinne troch: H. Jouta (FNP), S!N, GB
Stimming
Foar: FNP, S!N, GBNF (15)
Tsjin: CDA, CU, PvdA, BVNL, VVD, Tien (13) Amendemint oannaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 20 july 2023. De ried niisneamd, de griffier,
de foarsitter,
{{Signer1}}
{{Signer2}}
Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 21/07/2023 10:17:13 CEST ID: 444ba742-b314-451d-8f8d-356fd9717806 Auth: Scribble
mr. S.K. Dijkstra
Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 21/07/2023 14:59:33 CEST ID: 444ba742-b314-451d-8f8d-356fd9717806 Auth: Scribble
mr. J.G. Kramer