OANNAAM 2022 11 03 - Moasje - Munysjestoart Waadsee
Tekst van het document
2022-202412 MOASJE Art. 49 RfO Moasje nei oanlieding fan agendapunt nû. 6 yn de riedsgearkomste fan 3 novimber 2022
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 3 novimber 2022
Underwerp: Munysjestoart Waadsee
De ried, heard it beried, konstatearjend dat: • yn de Waadsee by de Engelsmanplaat in munysjestoart leit (perseel Nes D3, gem. adres: Engelsmanplaat 1.); • yn de gemeentlike begrutting (side 63 / nr. R155) it risiko dat op dizze lokaasje wat misgiet op 3% ynskat wurdt, mei in maksimaal finansjeel gefolch fan 5.000.000 euro; • yn de begrutting dêrmei gjin rekken hâlden is; yn beried nimmend dat: • it Waadgebiet, benammen yn it gat tusken Skiermûntseach en It Amelân, in dynamysk gebiet is dêr’t slenken nei in hjerststoarm samar ûntstean kinne en tichtslibje, of dat sânplaten ferskowe; • de lêste jierren de slenk “Holwerter Balch” gefaarlik ticht nei it stoart ta skoot; • dêrmei mooglik de munysje bleat komt te lizzen en oanspiele kin op sânplaten; • der mooglik ek mosterdgas yn fetten opslein is yn de munysjestoart; • de munysjestoart in saak fan Definsje is en dêrmei in rykssaak; • it risiko op dit stuit te leech ynskat wurdt; • de fraksje fan de ChristenUnie oer dit ûnderwerp earder ek al technyske fragen yntsjinne hat en dat it kolleezje dy fragen beäntwurde hat yn de brief fan 14 juni 2022 dy’t taheakke is oan it Beslút fan 7 july 2022 ûnder nûmer 220610, fraach en antwurd nr.
20; ropt it kolleezje op: • it risiko by it Ryk del te lizzen omdat de gemeente neat mei de munysjestoart te krijen hat; • it Ryk op te roppen in eksakte list mei saken dy’t opslein binne yn de munysjestoart te meitsjen en op te stjoeren nei de gemeente; • it Ryk op te roppen in ûndersyk út te fieren oangeande de hjoeddeistige stân fan saken op it mêd fan mooglike risiko’s en gefolgen fan de munysjestoart foar de folkssûnens en it miljeu;
• • •
it Ryk op te roppen de munysjestoart op te romjen; lykas earder al tasein is yn de beäntwurding fan de fragen fan de ChristenUnie oer dit ûnderwerp, ferslach te dwaan oan de Ried fan it oerlis dat mei de belutsen ministearjes dêroer plakfûn hat of noch plakfine moat; de gemeenteried fan boppesteande op ‘e hichte te hâlden,
en giet oer ta de oarder fan de dei. Link nei de kaart fan 2010 en 2022 fan de Engelsmanplaat: https://drive.google.com/file/d/1gRl6ErUHIttS3yoVoppZnPsC2FB_oUTe/view?usp=sharing
Yntsjinne troch: A. Buwalda (FNP), S!N, PvdA, CU, GBNF, VVD
Stimming
Foar: FNP, S!N, PvdA, CU, GBNF, VVD, CDA, BVNL (29)
Tsjin: -
Moasje oannnaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 3 novimber 2022. De ried niisneamd, de griffier, Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 07/11/2022 08:43:42 CET Id: b4b6f632-3069-47cb-923a-d136a319501b
{{Signer1}} Auth: Scribble
mr. S.K. Dijkstra
de foarsitter, Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 07/11/2022 08:47:16 CET Id: b4b6f632-3069-47cb-923a-d136a319501b
{{Signer2}} Auth: Scribble
mr. J.G. Kramer