OANNAAM 2022 11 03 Moasje Fiering ald en nij
Tekst van het document
2022-202412 MOASJE Art. 49 RfO Moasje nei oanlieding fan agendapunt nû. 6 yn de riedsgearkomste fan 3 novimber 2022
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 3 novimber 2022
Underwerp: Fiering âld & nij 2022/2023
De ried, heard it beried, konstatearjend dat: - der op dit stuit gesprekken binne mei doarpen en wiken oer de oankommende âld & nij-fiering; oerwaagjend dat: - it foar eltsenien fan belang is dat de âld & nij fiering goed ferrinne sil; - de gemeente en doarpen/wiken goed oparbeidzje om goeie plannen te meitsjen; - der in soad doarpen ree binne om in feest te organisearjen en dêrmei harren ferantwurdelikheid nimme om der in feest fan te meitsjen; yn beried nimmend dat: - der op dit stuit noch in protte regele wurde moat; - der positive lûden binne oer en troch de amtners dy ’t hjir mei dwaande binne; - der sinjalen binne dat guon doarpen krekt te min budzjet ha; - krekt te min budzjet betsjutte kin om krekt dat iene net te dwaan wat wol wichtich wêze kin; ropt it kolleezje op om: - ynisjativen út de doarpen en wiken romhertich yn ‘e mjitte te kommen; - de algemiene reserve te brûken, as de besteande budzjetten net foldwaande binne foar de doarpen of wiken dy ’t krekt te min ha oan it oan harren tadielde budzjet, mei in maksimum fan 25% oer it tadielde budzjet; - de Ried sa moogilk foarôf en oars efternei dit jild beskikber stelle te litten, en giet oer ta de oarder fan de dei. j
Yntsjinne troch: A. Buwalda (FNP), S!N, GBNF, BVNL
Stimming
Foar: FNP, S!N, GBNF, BVNL, PvdA, CU, VVD, CDA (29)
Tsjin: -
Moasje oannnaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 3 novimber 2022. De ried niisneamd, de griffier, Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 07/11/2022 08:43:42 CET Id: b4b6f632-3069-47cb-923a-d136a319501b
{{Signer1}} Auth: Scribble
mr. S.K. Dijkstra
de foarsitter, Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 07/11/2022 08:47:15 CET Id: b4b6f632-3069-47cb-923a-d136a319501b
{{Signer2}} Auth: Scribble
mr. J.G. Kramer