Oannaam - 2022 09 29 Moasje - Sinnepark Kollumerwaard
Tekst van het document
2022-206261 MOASJE Art. 49 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 29 septimber 2022
Underwerp: Sinnepark Kollumerwaard
De ried, heard it beried, konstatearjend dat: • it net goed giet mei it bioferskaat yn Nederlân; • enerzjyearmoede in grut probleem is foar in soad ynwenners fan ús gemeente; • yn de plannen fan sinnepark Kollumerwaard men in lege east-westopstelling foar eagen hat foar de pleatsing fan de sinnepanielen; • yn de plannen foar it Sinnepark Kollumerwaard (hast) gjin omtinken is foar (de gearwurking mei) de ynwenners fan de omjouwing (Muntsjesyl); yn beried nimmend dat: • de need op it mêd fan enerzjy-earmoede eltse dei slimmer wurdt; • yn it ramt fan de RES (Regionale Energie Strategie) it wichtich is dat bewenners aktyf belutsen wurde by (grutte) projekten op it mêd fan de enerzjytransysje en dêr ek fan meiprofitearje (bottom-up); • de gemeente al it mooglike potinsjeel út it sinnepark helje moat foar ús ynwenners en benammen de ynwenners fan Muntsjesyl; • in lege east-westopstelling tige min is foar it bioferskaat (A.
Schotman, et al., 2021, p.7); • it sinnepark neist in Nasjonaal Park (Natura 2000) leit; ropt it kolleezje op: • in plan fan oanpak te meitsjen om te soargjen dat de ynwenners fan Muntsjesyl ek substansjeel meiprofitearje fan it sinnepark Kollumerwaard; • opsjes yn kaart te bringen op it mêd fan de opstelling fan de sinnepanielen dy’t better binne foar it bioferskaat; • te besykjen om de opstelling en hichte fan de sinnepanielen te wizigjen foar in better bioferskaat;
• •
in kader mei rânebetinksten op papier te setten foar takomstige oerienkomsten op it mêd fan grutte enerzjyparken; de gemeenteried fan boppesteande op ‘e hichte te hâlden,
en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: J.D. van der Schaaf (FNP), S!N, GBNF, BVNL, PvdA
Stimming
Foar: FNP, S!N, GBNF, BVNL, PvdA, CU, VVD, CDA (29)
Tsjin: -
Moasje oannnaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 29 septimber 2022. De ried niisneamd, de adjunkt-griffier, Signed By: S. Kooistra <s.kooistra@noardeast-fryslan.nl> 30/09/2022 10:33:59 CEST Id: 669f40b1-2861-4a7b-8a6e-4879d9f4ca0f
{{Signer1}} Auth: Scribble
S. Kooistra
de foarsitter, Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 30/09/2022 13:06:10 CEST ID: 669f40b1-2861-4a7b-8a6e-4879d9f4ca0f
{{Signer2}} Auth: Scribble
mr. J.G. Kramer