CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Oannaam - 2022 09 29 Moasje OVEF enerzjy

It Beslút 29 september 2022, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Oannaam - Moasje frjemd - FNP-S!N-GBNF-BVNL-PvdA-VVD-CDA-CU - Enerzjyproblematyk mienskipsfoarsjennings365 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

2022-213897 MOASJE Art. 49 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 29 september 2022.

Underwerp: Enerzjyproblematyk mienskipsfoarsjennings

De ried, heard it beried, oerwaagjend dat: • in grut part fan de mienskipsfoarsjennings te krijen hat mei in hege enerzjyrekken; • hjirtroch foarsjennings yn’e knipe komme; • út ûndersyk bliken docht dat der ferskate mooglikheden binne om mienskjipsfoarsjennings oanslúte te litten by it kontrakt fan de OVEF (Coöperatieve Openbare Verlichting & Energie Fryslan; de OVEF fersoarchet ûnder oare de ynkeap fan enerzjy foar ferskate gemeentes, provinsje Fryslân en it Wetterskip); • der yn oare gemeentes foar mienskipsfoarsjennings fia de gemeente de finansjeel administratieve fariant brûkt wurdt om sa fan in geunstiger taryf gebrûk meitsje te kinnen; • der 20% fan de omset fan dit kontrakt foarbehâlden is oan de ôfnimmers neffens de statuten fan de OVEF; • dy 20% folslein útnut is by dit kontrakt; ropt it kolleezje op: • om op koarte termyn mei de OVEF te praten oer de mooglikheden om mienskipsfoarsjennings ûnder te bringen by it kontrakt fan de OVEF; • te ûndersykjen oft it mooglik is dat bepaalde mienskipsfoarsjennings fia de gemeente de finansjeel administratieve fariant brûkt wurde kin om op dy wiize foar in geunstiger enerzjytaryf yn oanmerking te kommen; • om aktyf te kommunisearjen hokker mooglikheden der binne foar de mienskisfoarsjennings; • te ûndersykjen oft de 20% regeling by de nije oanbesteging by bepaalde mienskipsfoarsjennings tapast wurde kin; • de Ried oer de

resultaten fan boppesteande te ynformearjen, en giet oer ta de oarder fan de dei.

Yntsjinne troch: A. Buwalda (FNP), S!N, GBNF, BVNL, PvdA, VVD, CDA, CU

Stimming

Foar: FNP, S!N, GBNF, BVNL, PvdA, VVD, CDA, CU (29)

Tsjin: -

Moasje oannnaam

Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 29 septimber 2022. De ried niisneamd, de adjunkt-griffier, Signed By: S. Kooistra <s.kooistra@noardeast-fryslan.nl> 30/09/2022 10:34:49 CEST Id: 2f75b07e-7823-4219-8f8f-4154858d4fd9

{{Signer1}} Auth: Scribble

S. Kooistra

de foarsitter, Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 30/09/2022 13:06:03 CEST ID: 2f75b07e-7823-4219-8f8f-4154858d4fd9

{{Signer2}} Auth: Scribble

mr. J.G. Kramer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=7edb51cc-7350-4759-986c-7b1764bc5283