Oanfoljende ynformaasje fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân oer Hiaure
Tekst van het document
Oanfoljende ynformaasje fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân oer Hiaure/De Lytse Jouwer
Nei fragen út 'e polityk en fan de gemeente, hat ús wurkgroep op 'e nij noch nei de plaknammen fan De Lytse Jouwer sjoen. Der hat in pear kear kontakt mei it doarpsbelang west. Spitigernôch kaam dêr net út wat it doarpsbelang foar eagen hie, de Nederlânske plaknamme hâlde. Yn ús eardere brief oan de ried hawwe wy al oanjûn dat minsken mei kennis fan saken Hiaure rekkenje ta de Nederlânsktalige plaknammen. Yn dy twadde hifking fan de wurkgroep waard ek ús dúdlik wêr't soks wei komt. Yn 1498 krige Albrecht fan Saksen it bewâld oer Fryslân. Syn amtners moasten 'Nederlânsk' mei-inoar briefkje. En krekt yn it begjin fan de 16e iuw kaam èn by de lytse Jouwer èn by de grutte Jouwer dy au-skriuwerij foar it ljocht. By de grutte Jouwer hat soks mar ien iuw duorre, mar by Hiaure is dy njonken de al besteande ou-foarm bleaun. Wy hawwe oan it doarpsbelang dan ek trochdien dat ek wij tinke dat Hiaure in fernederlânsking is.
Yn de taheakke in side út it lexicon fan de Friese plaatsnamen fan Karel F. Gildemacher