Moasje S!N - Lokale previntive struktuer ophelje - 3 juli 2025
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2025-154696 MOASJE Art. 48 RfO Moasje nei oanlieding fan agendapunt nû. 9 yn de riedsgearkomste fan 3 july 2025
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 3 july 2025
Underwerp: Lokale previntive struktuer ophelje
De ried, heard it beried, oerwaagjend dat: - der binnen de gemeente Noardeast-Fryslân brede stipe is foar it fersterkjen fan mienskip en sosjale gearhing; - in soad goede sinjalen en inisjativen yn doarpen en wiken betiid kânsen biede om problemen foar te kommen; - de gemeentlike organisaasje al beskikt oer doarpen- en wikenkontaktpersoanen, beliedsadviseurs en in subsydzje-ynfrastruktuer; - besteande oerlisstruktueren, lyk as doarpen- en wykaginda’s, ynset wurde kinne om previntive sinjalen betiid op te fangen en te fersterkjen; - it opsetten fan in previntive bril op besteande prosessen gjin ekstra jild hoecht te kostjen, mar wol bewustwurding en prioritearring freget; fersiket it kolleezje: 1. om by alle doarpen- en wykaginda’s standert in ûnderdiel op te nimmen oer previntive sinjalen en behoeften op it mêd fan wolwêzen, jeugd, soarch, earmoed en leefberens; 2. om dit tegearre mei lokale partijen (dat kin gean om doarpsbelangen, doarpshuzen, frijwilligers, ferienings of doarpskontaktpersoanen) yn te foljen; 3. om jierliks per doarp of wyk koart te rapportearjen hokker previntive behoeften der ophelle binne en hoe’t der gemeentlik (of lokaal) op reagearre wurden is; 4. de ried hjiroer te ynformearjen, sadat ek dy ynsicht kriget yn it berik en effekt fan dizze lokale previntive struktuer, en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: S. Keizer (S!N)
Stimming
Foar:
Tsjin: Moasje oannnaam / net oannaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 3 july 2025. De ried niisneamd, de griffier,
de foarsitter,
{{Signer1}}
{{Signer2}}
mr. S.K. Dijkstra
mr. J.G. Kramer