Moasje S!N - Diele is duorsum - 3 juli 2025
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2025-154696 MOASJE Art. 48 RfO Moasje nei oanlieding fan agendapunt nû. 9 yn de riedsgearkomste fan 3 july 2025
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 3 july 2025
Underwerp: Diele is duorsum
De ried, heard it beried, oerwaagjend dat: - hieltyd mear ynwenners inisjatyf nimme om guod, ferfier en foarsjennings mei inoar te dielen; - dielinisjativen lyk as in arkbieb, ruilkasten, autodielen bydrage oan duorsumens en ûnderlinge ferbûnens; - in soad fan dizze inisjativen ûnsichtber bliuwe foar ynwenners; en fan miening dat: - dielinisjativen de mienskip fersterke en bydrage oan sirkulêre doelen; - de gemeente al kontakt struktueren yn ‘e doarpen en wiken hat en dizze sichtberens sûnder ekstra kosten fergrutsje kin; fersiket it kolleezje: 1. om fia bekende en besteande doarpskontaktpersoanen en kommunikaasjekanalen yn kaart te bringen hokker dielinisjativen der al binne yn doarpen en wiken; 2. om dizze dielinisjativen sichtber te meitsjen op de gemeentlike webside; 3. om de boadskip ‘diele is duorsum’ te brûken yn gemeentlike duorsumheidskommunikaasje, en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: S. Keizer (S!N)
Stimming
Foar:
Tsjin:
Moasje oannnaam / net oannaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 3 july 2025. De ried niisneamd, de griffier,
de foarsitter,
{{Signer1}}
{{Signer2}}
mr. S.K. Dijkstra
mr. J.G. Kramer