Moasje - It tsjingean fan pesten op skoalle 240711
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2024-128792 MOASJE Art. 48 RfO Moasje – agindapunt 5 It Beslút 20 juny 2024
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 11 july 2024
Underwerp: It tsjingean fan pesten op skoallen
De ried, heard it beried, konstatearjend dat: ➢ it pesten op skoallen hieltyd mear tanimt; ➢ ús berneboargemaster Ruben van der Veen him hjir graach foar ynsette wol; ➢ it foar bern lestich wêze kin om hjir oer te praten, omdat de drompel heech wêze kin; ➢ it pesten grutte gefolgen hat foar dejinge dy’t pest wurdt, mar ek foar de omstanners; ➢ yn it skoaljier fan 2020-2021, 1 op de 10 bern pest waard (CBS); oerwaagjend dat: ➢ it belangryk is dat elts bern yn ús gemeente him/har feilich en sosjaal akseptearre fielt; ➢ út ferskate ûndersiken bliken docht dat pest wurde gefoelens fan iensumens en depresje fergruttet, it kin sels liede ta gedachten oer selsmoard; ➢ de psychologyske skea dy ’t troch pesten ûntstean kin, tige grut is en faak in libben lang meidroegen wurdt; ➢ pesten liedt ta in heger fersom fanwegen sykte; ➢ betiid sinjalearjen de ûntwikkeling fan psychyske en lichaamlike klachten as gefolch fan pesten ferminderje / foarkomme kin; ➢ dit soarget foar in legere belêsting fan it soarchstelsel, de jeugdsoarch en in bettere situaasje op skoallen; ➢ de Wet Veiligheid op school regelet dat skoallen har ynspanne om narjen tsjin te gean en de sosjale feilichheid op skoalle te ferbetterjen; fersiket it kolleezje: ➢ eltse skoalle op sawol it basis as heger ûnderwiis yn ús gemeente in “anty-pestbus” oan te bieden, in brievebus dêr’t bern dy’t pest wurde of wêr’t oaren fan witte
dat se pest wurde, in briefke yn dwaan kinne;
➢ de skoallen sels de mooglikheid te jaan om harren eigen ynfolling oan te jaan en dizze anty-pestbus op in geskikt plak del te setten, sadat de drompel leech is. Skoallen binne sels ferantwurdlik foar it behearen fan de brievebus; ➢ om hjir ekstra oandacht oan te jaan yn de wike fan it pesten op 23 oant 27 septimber 2024; ➢ de Ried oer de útfiering fan dizze moasje te ynformearjen, en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: R.J. Torensma (S!N) en T.A. van der Veen (BVNL), FNP, VVD, GBNF, PvdA CU, CDA
Stimming
Foar: S!N,BVNL, FNP, VVD, GBNF, PvdA, CU, CDA (25)
Tsjin: -
Moasje oannaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 11 july 2024. De ried niisneamd, de griffier,
de foarsitter,
{{Signer1}}
{{Signer2}}
Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 17/07/2024 16:45:29 CEST ID: 4260dfa4-4c43-4d7b-8cf4-86c68b3ce73d Auth: Scribble
mr. S.K. Dijkstra
Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 17/07/2024 20:46:09 CEST ID: 4260dfa4-4c43-4d7b-8cf4-86c68b3ce73d Auth: Scribble
mr. J.G. Kramer