CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Moasje frjemd - Undersyk draachflak wynmûne Mokselbankwei Moddergat

It Beslút 21 januari 2021, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Niet aangenomen Moasje frjemd - FNP - Undersyk draachflak wynmûne Mokselbankwei Moddergat373 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

2021 / Z301041-2021 MOASJE Art. 49 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op tongersdei 21 jannewaris 2021

Underwerp: Undersyk draachflak wynmûne Mokselbankwei Moddergat

De ried, heard it beried, konstatearjende dat:   

de FNP-fraksje op 28 april 2020 skriftlike fragen steld hat oer de omjouwingsfergunning wynmûne Moddergat; dizze fragen op 15 desimber 2020 skriftlik troch it kolleezje beäntwurde binne; it kolleezje op 15 desimber 2020 in beslút nommen hat op de beswieren en fan doel is om de omjouwingsfergunning foar it ferfangen fan de wynmûne oan de Mokselbankwei yn Moddergat yn stân te litten;

oerwaagjende dat:         

de wynmûne oan de Moskelbankwei neffens it belied fan de provinsje Fryslân ûnder de kategory besteande doarpsmûnen falt; de opbringst yn dat gefal folslein ten goede komme moat oan de lokale mienskip; it koalysjeakkoart “Trochpakke!” fan Noardeast-Fryslân boppesteande nochris beklammet; it koalysjeakkoart gruttere wynmûnen (nije mar ek te ferfangen) tastiet, mits it yn de omjouwing past; maatskiplik draachflak by de direkte omjouwing binnen it koalysjeakkoart “Trochpakke” en bestjoersakkoart provinsje Fryslân eksplisyt neamd is; de inisjatyfnimmers fan de nije gruttere wynmûne (stifting Dorpsmolens Ternaard) net it draachflak yn de doarpen Paesens- Moddergat ûndersocht en mjitten hat; dizze konstatearring troch doarpsbelang Paesens – Moddergat ûnderskreaun wurdt; de opbringst fan de mûne net by it doarpsbelang Paesens- Moddergat ynsichtlik makke is; it kolleezje by it nimmen fan har beslút op 15 desimber 2020 ôfwykt fan it advys fan Hûs en Hiem;

V 1.1

ropt it kolleezje op:    

in ûndersyk by minimaal 75% fan de ynwenners fan de doarpen Paesens – Moddergat út te fieren om it draachflak foar de wynmûne te mjitten; ynsichtlik te meitsjen wat de opbringsten fan de wynmûne foar doarpsbelang Paesens – Moddergat no konkreet binne; ynsichtlik te meitsjen hokker bestjoerlik poadium de ynwenners fan PaesensModdergat yn de stifting Dorpsmolens Ternaard krije sille; as út boppesteande antwurden blykt dat der te min draachflak is, te sjen oft de vergunning te wêrroppen is,

en giet oer ta de oarder fan de dei.

Yntsjinne troch: B. Koonstra (FNP), ELP-NEF, GROEN nof

Stimming

Foar: FNP, ELP-NEF, GROEN nof (7)

Tsjin: CDA, CU, VVD, ALL, GROEN nof, GBNF, S!N (22)

Moasje net oannaam

V 1.1

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=ba1f2647-0307-4a88-a0ff-44a9c424aeec