Moasje frjemd S!N-FNP-GBNF-CU-CDA - Enerzjyhubs yn Noardeast-Fryslân
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2024-064352 MOASJE Art. 48 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 21 maart 2024
Underwerp: Enerzjyhubs yn Noardeast-Fryslân
De ried, heard it beried, yn beried nimmend dat: • it bestean (festigjen) en dêrmei de wurkgelegenheid fan guon grutte (famylje)bedriuwen yn ús gemeente faai stiet, lykas yn Hallum, omdat dizze bedriuwen net genôch stroom krije kinne fanwege in te fol en oerbelêst stroomnet; • guon fan dizze bedriuwen al plannen foar enerzjyhubs útwurke ha; • Liander enerzjyhubs as oplossing sjocht foar it ûntlesten fan it stroomnet; • Provinsje Fryslân en FREON undersyk dien ha nei local4local en de belangrykste útkomst is dat enerzjyhubs in positive bydrage leverje kinne oan de Fryske enerzjytransysje; • Deputearre Steaten tegearre mei gemeenten en lokale partijen oan de slach sille mei de útkomsten; • men sjocht nei enerzjyhubs by Ljouwert, Drachten, It Hearrenfean en Snits; fan oardiel dat: • it net sa wêze kin dat hjirtroch de bedriuwen yn Noardeast-Fryslân achterbliuwe mei as gefolch dat minsken harren wurk en bestean kwytreitsje; ropt it kolleezje op: • om rjochting Provinsje Fryslân noed út te sprekken oer it bliuwen fan wurkgelegenheid en dizze bedriuwen yn ús regio; • DS te fersykjen om yn elts gefal Hallum yn ús gemeente mei te nimmen yn it ûndersykjen fan enerzjyhubs; • de ried hjirfan op ‘e hichte te hâlden, en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: Marije van der Staal (S!N), FNP, GB, CU, CDA
Stimming
Foar: S!N, FNP, GB, CU, CDA, BVNL, PvdA (25)
Tsjin: -
Moasje oannnaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 21 maart 2024. De ried niisneamd, de griffier,
de foarsitter,
{{Signer1}}
{{Signer2}}
Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 22/03/2024 10:52:42 CET ID: 1203a9e2-7da6-4071-8b9a-04147f59dc0f Auth: Scribble
mr. S.K. Dijkstra
Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 22/03/2024 11:33:39 CET ID: 1203a9e2-7da6-4071-8b9a-04147f59dc0f Auth: Scribble
mr. J.G. Kramer