CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Moasje frjemd - Kwelders

It Beslút 16 april 2026, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Moasje frjemd - Kwelders419 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Jiertal / saaknûmer: 2026-101207

MOASJE Art. 48 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 16 april 2026

Underwerp: Kwelders

De ried, heard it beried, konstatearjend dat: • Rykswettersteat sûnder oerlis mei oare oerheden en mienskip kwelders ôfsluten hat of ôfslute sil; • dizze maatregels yn de praktyk liede ta útsluten fan ynwenners út harren eigen leefomjouwing; • der gjin dúdlik, dield transparant ferhaal leit ûnder dizze yngripende beslúten; • de gemeente net belutsen west hat, wylst it wol effekt ha kin op de toeristyske plannen dy't der lizze; oerwaagjende dat: • de kwelders net allinne natuer binne, mar ea oanlein bin as nije lânbougrûn, en dêrneist ek ûnderdiel binne fan de identiteit en it deistich libben fan de mienskip fan de kustdoarpen; • it ôfsluten fan gebieten sûnder draachflak, it betrouwen yn it hanneljen fan de oerheid fierder ôfbrekt; • natuerbeleid it bêste slagget as de mienskip der ûnderdiel fan is; sprekt út dat: • it ûnakseptabel is dat besluten fan it Ryk oer de hollen fan ynwenners hinne nommen wurde; • de gemeente dúdlik en stevich stelling nimme moat tsjin it hanneljen fan Rykswettersteat en de stim fan de mienskip fertsjinwurdigje moat;

fersiket it kolleezje: 1. om him aktyf, sichtber en mei klam yn te setten rjochting Rykswettersteat en it Wetterskip, mei as doel te lobbyen foar it weromdraaien of fersêftsjen fan de tagongsferboaden; 2. om as gemeente de regy te nimmen yn it organisearjen fan in iepen en earlik proses mei de belutsen oerheden dat ek sichtber is en goed kommunisearre wurde sil nei de mienskip; 3. om dúdlik te meitsjen dat natuerbelied yn Noardeast-Fryslân it bêste slagje kin mei draachflak út de mienskip; 4. om de ried op koarte termyn, mar yn elk gefal foar 1 juny 2026, te ynformearjen oer konkrete stappen en resultaten yn dit dossier, en giet oer ta de oarder fan de dei.

Yntsjinne troch: J. Andringa (FNP), LNF, BBB, CDA, CU, GB, VVD

Stimming

Foar: FNP, LNF, BBB, CDA, CU, GB, VVD, S!N, PvdA (28)

Tsjin: -

Moasje oannaam

Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 16 april 2026. De ried niisneamd, de griffier,

de foarsitter,

Signed By: Dijkstra, Sytze 17/04/2026 12:15:34 +02:00 ID: 14576b76-9601-4e0e-bb72-7fe81af83dad Auth: Scribble

{{Signer1}}

Signed By: Kramer, Johannes 17/04/2026 14:00:34 +02:00 ID: 14576b76-9601-4e0e-bb72-7fe81af83dad Auth: Scribble

{{Signer2}}

mr. S.K. Dijkstra

mr. J.G. Kramer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=bf6244c4-c5fa-4c25-960f-161aa863f27b