Moasje frjemd - FNP - Mei-inoar op de barrikaden foar earlike ferdieling Gemeentefûns
Tekst van het document
Z303441-2021 MOASJE Art. 49 RfO
Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 4 febrewaris 2021
Underwerp: Mei-inoar op de barrikaden foar earlike ferdieling Gemeentefûns
De ried, heard it beried, konstatearjende dat der in fikse koarting driget op de bydrage út it Gemeentefûns foar de measte Fryske gemeenten; it Gemeentefûns in belangryk part fan de begrutting foarmet; de measte gemeenten yn Fryslân tusken 40-83 euro per ynwenner der op efterút buorkje; ek ús gemeente in koarting boppe de holle hinget; oerwaagjend dat dêrtroch gemeenten it ferskuorjendst dreech hawwe de begrutting slutend te krijen; in kompensaasje efternei – sa’t Minister Ollongren foarsteld – moster nei it miel is; in grut oantal gemeenten dit jier al in fikse ferheging fan de belestingen trochfierd hawwe om de begrutting slutend te krijen; in grut oantal gemeenten dit jier al besunige hawwe op saken as leefberens, kulturele ynstellingen, ferieningslibben en sport; dêrmei de ynwenners fan ús gemeenten hurd troffen wurde; der in ferskraling fan de leefberens fan Fryslân op de loer leit; de ried hjir earder op 2 july 2020 ek al har ferbjustering oer útsprutsen hat; it no dochs mis driget te gean, (sjoch LC 03-02-2021); fersiket it kolleezje: har ôfkar út te sprekken oer de plannen foar de “herijking” fan it Gemeentefûns; tegearre mei de VFG en de Fryske gemeentes sa gau as mooglik yn ferset te kommen tsjin dizze herferdieling, en giet oer ta de oarder fan de dei.
V 1.1
Yntsjinne troch: A.J. Soepboer (FNP), CU, PvdA, GBNF, CDA, S!N, VVD, ALL en GROEN nof
Stimming
Foar: FNP (4), CU (4), PvdA (1), GBNF (2), CDA (7), S!N (4), VVD (3), ALL (1), GROEN nof (1) en ELPNEF (1) = 28
Tsjin:
Moasje oannaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 4 febrewaris 2021.
De ried niisneamd, de griffier,
de foarsitter,
{{Signer1}}
{{Signer2}}
mr. S.K. Dijkstra
mr. J.G. Kramer
Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 05/02/2021 12:37:09 CET ID: bb6c401d-c168-47ee-b8ef-413517efb208 Auth: Scribble
Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 05/02/2021 12:50:45 CET ID: bb6c401d-c168-47ee-b8ef-413517efb208 Auth: Scribble
V 1.1