Konsept beslutelist It Beslút 29 september 2022
Tekst van het document
Beslutelist fan de riedsgearkomste fan de gemeente Noardeast-Fryslân d.d. 29 september 2022 OANWEZICH: De leden fan de ried: Mefr. A.C.F. Admiraal (S!N), dhr. J. Andringa (FNP), dhr. M. de Boer (S!N), dhr. F. Breeuwsma (FNP), dhr. A.A. Buwalda (FNP), dhr. J. Dekkema (ChristenUnie), mefr. B. van Dellen (FNP), mefr. D. Ferwerda-Havenga (VVD), dhr. H.S. Halbersma (CDA), dhr. K. de Jager (ChristenUnie), mefr. L.J. Jouta (FNP), dhr. D. Kooistra (CDA), dhr. J.H. Lammering (PvdA), mefr. M. van der Meij-Baron (S!N), mefr. F. Meindertsma (FNP), dhr. K.C. Merkus (S!N), dhr. D. van der Meulen (ChristenUnie), mevr. J.M. van MidlumHuisman (GB), dhr. J. Nutma (S!N), dhr. J.J. Postema (FNP), dhr. J.D. van der Schaaf (FNP), mefr. G.T. Schaafstal (PvdA), mefr. G.J. Schoorstra-Boeijenga (CDA), mefr. M. van der Staal (S!N), dhr. L. Sytsma (CDA), dhr. J. Talsma (BVNL), dhr. R.J. Torensma (S!N), mefr. E. Vellinga-Zeilstra (ChristenUnie), dhr. S.J. Vogelzang (BVNL) De adjunct-griffier: Mevr. S. Kooistra De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: Boargemaster dhr. J.G. Kramer (ek riedsfoarsitter) en de wethâlders dhr. P.L. Braaksma, mefr. R. Slijver en dhr. J.D. de Vries De gemeentesikretaris: Dhr. H. Verbunt Ofwêzich mei kundskip: - Wethâlders dhr. A. Koonstra en dhr. A.J. Soepboer.
It Debat – beleidskader Sociaal Domein Wethâlder De Vries seit ta dat de ynput fan de Participatieraad Sociaal Domein oer it konsept beliedsstik oan de riedsleden tastjoerd wurde sil foardat de beslútfoarming plakfine sil. It Beslút 1. Iepening De foarsitter iepent de riedsgearkomste om 21.05 oere. 2. Fêststelle aginda De folgjende moasjes frjemd wurde oan de aginda tafoegd: 5a Moasje frjemd – Sinnepark Kollumerwaard (FNP, S!N, GBNF, BVNL en PvdA); 5b Motie vreemd – Energiewinning Waddenzee (PvdA); 5c. Moasje frjemd - Enerzjyproblematyk mienskipsfoarsjennings (FNP, S!N, GBNF, BVNL, PvdA, VVD, CDA en CU). De wurklist wurdt, mei boppesteande wizigingen, fêststeld. 3. Meidielings Gjin bysûnderheden. 4. Fêststelle beslutelist It Beslút 15 septimer 2022 De beslutelist wurdt ûnferoare fêststeld.
Pagina 1 van 2 V 1.1
5. Herbenoeming lid gezamenlijke Rekenkamercommissie Noardeast-Fryslân De raad heeft met algemene stemmen besloten dhr. J Roebroek eenmalig te herbenoemen als lid en voorzitter van de gezamenlijke Rekenkamercommissie van de gemeente NoardeastFryslân en de gemeente Dantumadiel voor de periode van 4 jaar, ingaande op 1 oktober 2022. 5a. De troch de fraksjes fan FNP, S!N, GBNF, BVNL en PvdA yntsjinne moasje ‘Sinnepark Kollumerwaard’ dêr’t it kolleezje yn oproppen wurdt: ➢ in plan fan oanpak te meitsjen om te soargjen dat de ynwenners fan Muntsjesyl ek substansjeel meiprofitearje fan it sinnepark Kollumerwaard; ➢ opsjes yn kaart te bringen op it mêd fan de opstelling fan de sinnepanielen dy’t better binne foar it bioferskaat; ➢ te besykjen om de opstelling en hichte fan de sinnepanielen te wizigjen foar in better bioferskaat; ➢ in kader mei rânebetinksten op papier te setten foar takomstige oerienkomsten op it mêd fan grutte enerzjyparken; ➢ de gemeenteried fan boppesteande op ‘e hichte te hâlden, wurdt mei algemiene stimmen oannaam. 5b. De door de fractie van de PvdA ingediende motie ‘Energiewinning Waddenzee’ wordt verder niet gesteund en is daarmee dus met 2 stemmen voor en 27 stemmen tegen verworpen. 5c.
De troch de fraksjes fan FNP, S!N, GBNF, BVNL, PvdA, VVD, CDA en CU yntsjinne moasje ‘Enerzjyproblematyk mienskipsfoarsjennings’ dêr’t it kolleezje yn oproppen wurdt: ➢ om op koarte termyn mei de OVEF te praten oer de mooglikheden om mienskipsfoarsjennings ûnder te bringen by it kontrakt fan de OVEF; ➢ te ûndersykjen oft it mooglik is dat bepaalde mienskipsfoarsjennings fia de gemeente de finansjeel administratieve fariant brûkt wurde kin om op dy wiize foar in geunstiger enerzjytaryf yn oanmerking te kommen; ➢ om aktyf te kommunisearjen hokker mooglikheden der binne foar de mienskisfoarsjennings; ➢ te ûndersykjen oft de 20% regeling by de nije oanbesteging by bepaalde mienskipsfoarsjennings tapast wurde kin; ➢ de Ried oer de resultaten fan boppesteande te ynformearjen, wurdt mei algemiene stimmen oannaam. 6. Sluting De foarsitter slút om 21:57 oere de gearkomste. Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân op 13 oktober 2022. De ried niisneamd, de griffier,
de waarnimmend foarsitter,
{{Signer1}} 14/10/2022 10:26:12 CEST
{{Signer2}} 17/10/2022 13:53:49 CEST
Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl>
Signed By: Merkus, Kevin <k.merkus@noardeast-fryslan.nl>
Id: b898d56b-ab89-47e7-85e1-15b9c143e89c
Id: b898d56b-ab89-47e7-85e1-15b9c143e89c
Auth: Scribble
Auth: Scribble
mr. S.K. Dijkstra
K.C. Merkus
Pagina 2 van 2 V 1.1