CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Inspreektekst - Inspreker Projectgroep (kantine sport)

It Petear 11 september 2024, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Inspraak1.051 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Durf te kiezen Goeie jûn achte riedsleden, Even koart foar de folledichhiid. Ik bin lid fan de projectgroep as fertsjinwurdiger fan de kantine stichting fan de sportverieningen fan Birdaard, wer ik as ponghâlder aktief bin. “Durf te kiezen” wie ien fan de opdrachten dy’t de projectgroep behoud basisvoorzieningen in lytse 2 jier ferline meikriig en it like my in goeie titel foar dit ferhaal. Want no, 2 jier letter en ondertussen ek al 2 kear utstel, stjit it einliks dan echt op de aginda by de ried. Mar nee, net om der in klap op te jaan, mar sa os it sich oan lit sjen foar utstel om noch mar mear te undersiekje. Dus wer gjin keuze meitjse, we gjin wer foar utstel! En dit mat dan foar ekstra undersyk foar in kompleet nije oplossingsrichting dy’t in pear maand ferline ut it neat op tafel kaam wielst it foarstel fan de projectgroep fan tafel faage is. En hjiroer wol ik beneidrukke dat at dit nije foarstel in goed alternatief west hie, wy hjir heel bliid my wienen. Mar helaas, dat kinne wy gewoan net sizze. Allerearst is de fokus fan de oplossing hielendal ferkeard. Ien it riedsfoarstel stjit dat de mienskip fan Burdaard in probleem hat en dat der in oplossing mat komme foar it MFC fan Burdaard. Dit is de wrâld op e kop. It MFC fan Burdaard hat in probleem, dit kinne we net genoch beneidrukke. En der mat in oplossing komme foar de mienskip fan Burdaard, net oarsom.

De eardere sprekkers fan de project groep haw al dudelik oanjoen dat dit riedsfoarstel heaks stjit op de oplossingsrichting dy’t in pear jier ferline utein set is. En ek is der foarol ien de lêste 6 moannen in soad misgean, wat net goed is foar it fertouwen en it draachflak ien it doarp. Mar ik tink nog belangriiker, finansjeel binne der ek in hiel soad dingen oan te merken. It sil eltsenien dy’t it foarstel en de begruttingen troch lêzen hat fêst opfallen wêzen, der wurd wol hiel optymistysk rekkene. In pear foarbielden: -

De hier opbringst gjit fan sa’n 55.000 euro, de situaasje fan no sûnder it swimbad, ny in opbringst fan 233.000 euro. 4 kear safolle, of in taname fan in 180.000 euro! En dat troch wat extra romtes te ferhieren. In wol hiel optymistyske oanname en foarol ek hiel riskant om hjir de finansiering fan in grut herinrichtings plan my te onderbouwen. Belangriik ek: der wurd ient riedsfoarstel melding makke fan in 120.000 euro oan ekstra hier troch de verbouwde romtes, wer komt de oare 60.000 euro wy? It reddingsplan ut 2017 hie itselde doel, mear hierders fiene! Der kinne we ek koart oer wêze. Dat is totaal net slagge.

-

By it utrekkenje fan de explotaasje wurd utgean fan in hiel minimaal bedrach foar de herinrichting fan 1.8 miljoen. It hoeft mar krekt djoerder en it finansjele beeld wurd al in hiel stik minder. En dat soe mar samar kinne, ek omdat der ien it riedsfoarstel investeringsbedragen tot 3 miljoen beneamd wurde. En sjoen it grut aantal gebreken ient gebou sil der grif mear utjoen wurde dan de 1.8 miljoen. Sa doogt der neat fan de enerzje foarsjenning, is de klimaat beheersing in ramp, wat bijfoarbeeld soarget foar skimmel yn de klaaikeamers, en binne de liften net geschikt foar de funksje wer se foar bedoeld binne. En dan binne dit noch mar de dingen wer de sportferieningen tsjinoan rinne. En dat is net oplost troch in pear muorren te ferspiekerje

En it is dus ek allejer hiel leuk en aardich dat de arsjitekt oanjouwt dat it gebou goed is, mar de praktiik jouwt oan dat it gewoan net sa is. Sa is der ek nog de slechte stiet fan it dak dat moai by it listje fan de problemen kin dy’t ik sakrekt al opnaam haw. En my heechere ferbou kosten bliuwt der ek hiel weinig oer fan it positieve financiele plaatsje -

It gebou is takseart op in heal miljoen in novimber 2021. Der is regelmatig sein dat sloop, al as net gedeeltelijk, kapitaalsvernietiging is. Neffens my is in 3 miljoen der tsjinoan klappe dat al hielendal.

-

At it plan mislukt, dan is it probleem noch folle grutter makke. En dat scenario lieket ús net heel onwarskienlik. Sels al soenen alle romtes ferhierd wurde, dan is der fuort in probleem at ien de huur opseit.

No we it toch oer de financien haw. It foarstel van nybou waard folledig ôfsketten op basis fan de siifers dy’t heare by it grutste en dermei ek it djoerste scenario. Der wurd neat sein oer de scenarios dy’t in hiel stik goedkeaper binne. En de bonus fan nije wenromte ien it doarps sintrum, der wurd ek hiel maklik oerhinne praat ient foarstel. It is mar wakker frjemd dat dit allejer net besiifere is. En hjiroan sit ien hele grutte fraach koppele. Hoe kinne jimme as gemeenteried in goeie keuze meitsje at jimme dizze siifers net haw? Om noch ien kear werom te kommen op de titel. Dwar te kiezen! Dat wie foar us diel fan de opdracht, mar soks jild fansels ek foar jimme as gemeenteried. Gjin hjir de kommende maand asjeblieft my oan de slach en kom ta in beslút! Der is al safolle informaasje beskikber. Meitsje in keus ien plak fan my te gean ien dizze maklike opsje fan wer utstelle. Dan as ofslúter noch 1 ding. Ien it riedsfoarstel stjit ûnder “vervolg en planning” de folgende sin: “De gemeente gaat in samenwerking met het dorp na hoe deze herstructurering vorm kan worden gegeven”. Allerearst fiene wy it frjemd dat dit ient riedsfoarstel stjit, omdat it dudelik wie dat de projectgroep har hielendal net fiene kin ient foarstel. It fielt toch wat as moai waar spylje. En dan oer dit gearwurkje. It al as net gearwurkje sil foar in grut part ôfhingje fan de kommende wiken.

Om der al in bytsje op foarút te rinnen. Wy wolle perfoarst gjin oenderdiel wêze foar it utwurkje fan de herinrichting en de financiën fan de vastgoed BV It Spektrum. Dit fiene wy in taak foar de gemeente sels. Ús taak is en bliuwt it waarborgje fan de basisvoorzieningen fan it doarp, net mear en foarol net minder. Dankewol

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=d376384e-917e-4374-a6ac-7f2ff26d2152