Inspraak vanuit Watertorenbuurt - inspreker 4
Tekst van het document
Ynspraak op 15 maaie yn it Petear. XXXX - bewenner Watertorenbuurt Oandachtspunt: Feilichheid. Achte riedsleden en kolleezje fan B & W, In soad minsken yn ús wyk binne tige ûngerêst, mar kinne der gjin wurden oan jaan, lit stean yn dizze riedsgearkomst. Wy as wurkgroep, ha twa brieven stjoerd oan it Kolleesje en de Ried mei tal fan punten fan soarch. Se steane beide op it portaal. Ik ljochtsje der no ien punt út. Feilichheid Der is yn ús betreklik lytse wyk fan ûngefear 350 ynwenners op dit stuit in ûnrêstich gefoel. Dat blykt út de kontakten dy’t wy yn de buurt hawwe. De minsken binne angstich, mar ek delslein en witte foar in part net hoe’t se hjir mei omgean moatte. It fielt net goed. De ûngersthied wurdt útdrukt yn it ûndertekenjen fan in petysje troch 90 % fan de minsken. In permanent AZC yn ús wyk? In hiele grutte feroaring dy’t 10 jier of miskien wol 20 jier duorje kin. In groep fan 250 folstrekt ûnbekende minsken út ferskate lannen (en wa seit dat it by 250 bliuwt…..!) wurdt yn 2025 of 2026 delplante op de bûtenrâne fan de Feije fan Heemstrasingel. In hiele frjemde ûnnatuarlike beweging, der’t wy net fan witte hoe’t dy ferrinne sil. Binne dit dan no al foaroardielen oer de komst fan asylsikers? Nee, dat is net it gefal. Wy begripe hoe swier dizze minsken it hawwe kinne mei harren ferskate eftergrûn en faaks traumatyske ûnderfiningen. Mar it ropt wol in soad fragen op.
Wêr komt ús angstige en ûnsekere gefoel wei? Wit de ried en it kolleesje genôch fan de kwetsberens fan ús wyk? In flink part âldere minsken, mar ek in groep minsken dy’t persoanlik begelaad wurde, minsken mei in rêchsekje, sa as in part fan ‘Rêst en Utsjoch’?
Wat binne de risiko’s en hoe moat in minske him der op taride? Hoe betrouber is en bliuwt it COA as partner fan ús gemeente? Wat litte allerhande foarbylden yn it lân ús sjen? Wat freget it foar ús soarch dy’t al ferskriklik ûnder druk stiet? En dan de plysje, dy’t te min minsken op stritte hat? Hoe berikber is de plysje by mooglike insidenten? ‘Hoe kin it dat in frege adfys fan de plysje net opfolge wurdt troch it kolleezje? Hoe hurd binne de ôfspraken oangeande oantallen yn in AZC?
Wêrom wurdt der keazen foar in lokaasje dy’t folle grutter is dan de rûmte dy’t nedich is foar maksimaal 250 asylsikers? Al dizze fragen hawwe út te stean mei feiligheid en feilich fielen. Wat wurde wy yn de polityk faak konfrontearre mei de wurden: ‘Ja maar…voortschrijdend inzicht en actuele ontwikkelingen hebben er toe geleid dat ….’ en folje mar oan. Jim kinne dit fakjargon yn dit fermidden goed genôch. Of noch sa’n moaien, ‘Met de kennis van nu zouden wij destijds andere keuzes hebben gemaakt….’ Ik hjer it kolleesje it al sizzen, mar dat jilt ek foar fraksjes yn de ried dy’t no achter it kolleesjefoarstel stean. Wy roppe op om no, no it noch kin, oan de foarkant fan dit projekt in goed ôfwage kar te meitsjen. Wy wolle graach meitinke. Gearfetsjend: Wy fine in permanint AZC yn Dokkum, ticht grinsjend oan twa wenwiken net in ferstandige kar. Ik beslút mei in statement dy’t jilt foar ús allegearre: Immen dy’t noch nea fan miening feroare is, hat noch neat by leard.
Dank foar de oandacht.