Inspraak - Tennisvereniging Burdaard
Tekst van het document
Achte Riedsleden, Ik bin XXXXX fan Tennsfer. Burdaard. Us feriening is tagelyk mei it MFC yn 2011 oprjochte. Destiids ha we ûndersocht as d’r genôch animo wie en dat wie d’r. Noch hieltiid binne we nei al dy jierren in stabiele klup fan 55 leden wer ek de toeristen gebrûk meitsje fan de banen. Wy binne wiis mei de banen en it gebou! We fine it dan ek spitich dat de exploitaasjekosten net rûn te krijen binne. Wy begripe dat trochgean op dizze foet net moochlik is. Tegearre mei de oare belutsenen, bestjoer, frijwilligers, ferienings, BSO wolle wy us hurd meitsje foar In nije start yn in kompakt en efficient mienskipssintrum. Dizze moat dan duorsum wêze en finansjeel sûn. Sa as jo sjogge is it draachflak grut en wy as tennisfer. Wolle hjir graach oan meiwurkje. Mienskip is tige wichtich yn in doarp. Dat Burdaard dit ha blykt ut hoefolle frijwilligers harren ynsette foar alle ferienings, klups, en stichtingen sa as MFC. Wy as tennisfer. Binne ien fan dizze fer. En kinne ek net sunder de nedige foarsjennings. Sport is foar jong en âld, It hâld us fysiek en mentaal sûn, it ferbynt. Wy fine de sitewaasje sa as dy no is (mei us banen) goed mar wy wolle us tennissport foar de takomst behâlde en betelber hâlde. Troch gear te wurkje mei oare klups, sa as dielt gebrûk fan klaaikeamers en kantine, binne wy der fan oertsjoege dat dit in duorsume oplossing is.
Wy hoopje dat de Ried dit ynytsiatyf steune sil.