CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Inspraak - Stichting kantine exploitatie sport Birdaard

It Petear 14 december 2023, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: MFC Burdaard605 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

(Burgemeester bedanke foar de introduksje en eventueel talichte dat ik foar de stichting kantine sport praat) Beste riedsleden, It MFC fan Burdaard stjit wer ris op de aginda, mar saos jim krekt al hearden is de boadskip foar de feroaring ris positief. It ôfronne jier binne wy as stjoergroep drok dwaande west om in oplossing te fienen foar dit probleem, dat it hiele doarp besich hald. Maklik wie dit seker net. We binne as stjoergroep faaks meardere jûnen yn de maand by inoar west. Hjir bin ferskate potinsjele oplossingen yn detail trochnaam en bepraat. Der waard regelmatig goed skerp diskussieert en omdat we allejer itselde doel foar eagen hienen binne we hjirtroch uteindeliks wol by in oplossing kaam dy’t yn ús eagen it antwurd is op it probleem “MFC Burdaard”. It plan lieket sa op it earste eag miskien hiel rigoreus. Mar it is wol de manier om alle problemen ris structureel oan te pakken ien plak fan steeds my noadoplossingen alles mar wer wat op te lappen. Wat hjirby it belangriikste is, is dat it ontwerp fan dit nije gebouw oanslut by de easken en winsken fan alle gebrukers. It gebouw mat der namelik foar de gebrukers yn plak fan oarsom, want sa kin je de situaasje no it beste omskriuwe en dit lûkt in swiere wiksel op it hiele doarp. De ôfronne maanden is de stemming yn de stjoergroep omslein ny poerbêst.

It omslagpunt wie hjir dudelik it momint dat de opsje nijbouw oendersocht waard. Dizze kaam op tafel neidat in soad oare opsjes, saos meardere gedeeltelike sloop varianten, al yn de prullebak bedarre wienen omdat ek dit net de oplossing wie. My it utwurkje fan de opsje “ny gebouw” kaam er nije enerzjy yn de groep en dit hat der ek foar soarge dat dit utwurke plan hjir hjoed op tafel leit. Foarlopig hichtepunt yn dit proces wie de presentaasje fan it earste plan troch de architect oan ús (de stjoergroep). Eltsenien wie razend enthousiast. Ik kin jim fersekerje, dit is op mominten wol oars west. Ûnderwilens is it ûntwerp op detailniveau noch wat ferbettere troch twa goeie diskusje sessies my de architect. Ik hearde ien fan ús groep fersuchten “hienen se dit 15 jier ferline mar dien”. Dit jouwt neffens my oan dat wy goed besich binne om in functioneel gebouw te ontwerpen sûnder toeters en bellen. Fanût it eachpunt fan de kantine stichting is de nije lokaasje sûnder twiifel de grutste ferbettering. De kantine komt yn it ûntwerp tsjin de haadfjilden fan de voetbal en korfbal verienigingen te lizzen en ek de oare fjilden binne goed te sjen. Dit is in enorm contrast my de situaasje fan no. No sit der in grut parkeerterrein tusken de kantine en sportfjilden ien. Tsja, hoe krije je soks betocht. 15 jier ferline woe de sport har kantine ek al op dit plak haw.

Lit we hoopje dat de utspraak “Better let as net” straks goed by it einresultaat past. Fjirder komt de kantine no op de begeane grûn, wat it folle better tagonkelik makket foar mei name it grutte tal aldere supporters fan de sportverieningen. It leechere plafond sil ek folle mear it smûke kantine gefoel jaan en sil de stookkosten ek flink drukke. It is neffens my wol dudelik dat wy as kantine stichting hielendal achter it plan fan in nij gebouw stjin. De foardielen binne yn ús eagen dudelik, sawol foar ússels as foar it hiele doarp. Wy hoopje dan ek dat jimme dizze structurele oplossing omearmje. Dan komt der eindelik wer rêst foar alle verienigingen en ynwenners fan Burdaard. Dat haw we ny 12 jier MFC Burdaard wol fertsjinne!

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=a4c5184e-83ce-4f6b-a99b-4ff43357f356