CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Inspraak - Stichting Beheersaccommodaties Sport Burdaard

It Petear 14 december 2023, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: MFC Burdaard367 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

ACHT KOLLEEZJE EN RIEDSLEDEN

Ik bin XXXXXX, foarsitter fan de beheerskommisje sportakkomodaasjes. Mooi dat wij hjir ek een wurdsje dwaan meie. Fanof de earste plannen ,no san 15 jier lyn,hawwe wij as kommisje belutsen west bij it projekt MFC. It kaam net net goed , dat wir gau dudlik, mar we moesten mei yn it gebeuren. Hieltyd de spanning, hoe moatte we fierder. De earste kontakten mei de nije gemeente jounen hoop, dat spiele sa’n viif jier lyn. De benadering fanut Dokkum is sa bleuwn, wij binne echt bliid mei de halding en hulp. Us taak as behearskommisje: de sportfjilden mei alles der omhinne. Se lizze der kreas bij. Elts seizoen een hiel karwei foar de frijwilligers, de nije meanrobot en een bytsje hulp fan butentsjinst fan Noard East Fryslan, een kompliment wurdich. Derbij hawwe we de kleadkeamers, fanut een mooglike nijbou feroaret der eins neat. It oantal is wat wij noadich binne, en lyk as wat foarskreuwn is troch de sportorganisaasjes.En dan nog een sporthal of gymnastiekseal foar de binnensporten en seker de skoalle. Een bytsje greater as no soe een protte kansen biede.

De hiele tiid hawwe wij belutsen west bij de projektgroepen om mei te praten oer wat kin en net kin, wat goed en genoch is foar it doarp. Mei hulp fan alle belutsenenbinne we der fier mei kommen. Jawis, der binne minsken die een mooglike sloop fan it fiersten te greate gebou een pynlike saak fine. Der lijt een prottewurk en ynset yn. Dat dit sear docht is begryplik. Mar we kinne der net mei fierder, it is net te beteljen, te underhalden en te besetten, een tryste saak. Wat hjir no foarlijt, een folle lytser en behearsbarder foarsjinning, der kinne wij us beslist yn fine. It luke oan een dea hynder is dan oer, en we kinne der mei elkoar wat moais fan meitsje. Wij hoopje fan herte op stipe fan de gemeenterie, en alle belutsen minsken fan de gemeente. Ek nog dank oan de man die ynhierd waard, Anton van de Breukel, Frysk ferstiet er eins net, mar hij hat us al een ein fierder brocht. No it leste stik nog, dat lijt bij jim, achte riedsleden. Dankewol.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=acbc091c-e021-4730-a4d7-0a8210dc71de