CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Inspraak - PKN Burdaard-Wanswerd-Jislum

It Petear 14 december 2023, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: MFC Burdaard475 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Foarsitter, kolleezje en riedsleden. As lid fan de projektgroep en fertsjinwurdiger fan de PKN tsjerke BurdaardWânswert-Jislum meitsje ik graach gebrûk fan de gelegenheid om yn te sprekken. Efkes werom sjen; Al wer sa’n 20 jierlyn, die bliken dat it sosjalewagenpark fan Burdaard ferâldere wie, net APK proof. De sportseal koe de APK helje, wie it oardiel fan de “Sawn-stjerren garaazje” yn Ferwert. Foar de skoalle wie de APK krap. De kosten stapelen harren op. De chef fan de “Sawn-stjerren garaazje” spruts sels oer in gouden dak op de skoalle. De âlderein wenten wienen noch fersjoen mei in opmetselle stienkoalbak oan de wente fêst. Hielendal net APK proof. It sosiale-barren wie her en der ferspraat. De ûnderdielen leine yn ferskate strjitten. It “sosjalewagenpark” moast ferbetter wurde. De nije skoalle leverde in APKproof ûnderwiisgebou op. De âlde âldereinwenten in boppeslach, âldere ynwenneres fan Burdaard kinne yn har eigen doarp bliuwe ek anno 2023. De kroan fan it sosjale wagenpark soe it MFC wurde, moeting, soarch en rekrëaasje In prachtige karrossery tekening. Mei in 6 sylinder twin-engine, dûbele motor. Trije kommersjieele sylinders en trije sosjale sylinders. Dat soe de stuwende motorkracht wurde fan it MFC. In menear út Brussel sette syn stempel, sertifikaat út Den-Haach en in handtekening fan in mefrou út Ljouwert.

Ek de “Sawn-stjerren garaazje” sette syn handtekening. Mei de garânsje, as it fout rint, stiet de “Sawn-stjerren garaazje” yn foar de sosjale-sylinders. Je koene gjin proefrit meitsje. Nei it earste blokje om bejoechen twa kommersjieele sylinders it. De soarch en de rekraaasje, in tredde sputterde noch wat troch. De soosjale sylinder werkte troch, dankzij de turbo fan de frijwilgers. Mar it giet dochs net goed. De gemeente helpt 12 jannewaris 2023. De trije sosjale-sylinders wurde yn in projektgroep oerpleatst en gean oan de slach mei help fan monteur Anton van den Beukel. De motor begjint te draaien. Underling argumenten útwikselje, de

sylinders wurde op elkoar ynsteld, mar! der komt in eigen ûntwurpen karrossery. Gjin stempels út Brussel, sertifikaat Den Haach as handtekening út Ljouwert. Mar wol mei in goede útdraai. Nije wike 21 desimber giet jim ried oriënterend yn debat oer it Strategysk beliedskader Wolwêzen der wurde 4 pijlers neamd: o Sûn âlder wurden o Sterke mienskip o Besteanswissicheid o Likense kânsen Dizze eleminten spylje ek yn dit ferkennend petaer fan hjoed al in wichtige rol. It be-eage effekt der fan sprutsen wurdt, is dat de gemeente oan har ambysje wurkje kin dat eltsenien meidwaan kin en it wolwêzen fan de ynwenners fan Burdaard ferbettert en de sosjale basis fersterkt wurdt. Dizze projectgroep dy foar de doarpsmienskip oan de slach gien is, hoopt op jim stipe. Op de âlde sportseal styng Phoenix. We hope dat jim oerliz bijdrage mei dat út de stofwolken dochs wer in nij mienskipssentrum ferize mei.

Tanke wol

Welzijnskader &

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=8d7ed969-0c29-4d7f-856c-8cfbdbf873dd