CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Inspraak - Kourbalferiening NQL

It Petear 14 december 2023, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: MFC Burdaard349 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Dank oan de gemeente foar de wize wêrop at it doarp meinaam wurden is om mei te tinken oer de ynfolling fan it mfc. Komplimenten foar de projektgroep, Sy hawwe, foar en achter de skermen, in hiel soad wurk ferset. Mei as grutste fertsjinste dat alle brûkers fertsjinwurdige én heard binne. Yn de plannen wurdt sprutsen oer in sporthal yn Burdaard. Hjir binne wy hiel bliid mei, want dit jout ús kuorbalferiening eindelik in eigen thúsbasis! Ik sil útlizze wêrom: Yn it koart oer ús kuorbalferiening. Wy binne yn fúzjeklup fan Burdaard en de Geast. Mei sawol in sportfjild yn Burdaard as yn Rinsumageast binne wy yn twa gemeenten fertsjinwurdige. Dat hâldt yn dat it neist de dûbele kosten dy’t wy hawwe, ek lestich is om in echte thúsbasis te finen foar ús leden. Wat it noch dreger makket, is dat wy fan oktober oant en mei maaie traine en spylje yn de sporthal yn Ferwert. Dat heal jier binne wy de bining mei de doarpen sa goed as kwyt. Wêr at wy tidens de fjildkompetysje nei trainingen en wedstriden gezamelijk neisitte mei de fuotballers, binne wy yn Ferwert mar ‘allinnich’. Nei it sportieve diel en de tredde helte, binne wy ek faak mei in groep kuorballers fertsjinwurdige wannear at der yn it mfc in muzykjûn of pubquiz organiseare wurdt. Weromkommend op de plannen dy’t op tafel lizze.

Op it mêd fan bining, snijdt it mes oan twa kanten: Foar ús soe it in echte thúsbasis wêze, wêrtroch at wy mear sichtber binne yn Burdaard en omkriten en sa noch mear minsken - jong en âld - oan it sporten krije kinne. Oan de oare kant betsjut it foar it doarp in hiel jier oan ekstra ynkomsten, net allinnich foar de kantine, mar ek by de aktiviteiten dy’t organiseare wurde yn it doarp. Jim begripe, dat doe at de fraach kaam at wy der akkoord mei gien ús kuorbalfjild op te jaan foar dit plan, wy hjir net lang oer hoefden te prakkesearjen. In sporthal yn Burdaard soe foar ús in dream wêze dy’t útkomt.

foarsitter NQL

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=f2b15fde-02bb-4ade-a5ed-f0391562cbb0