Inspraak - Coördinator vrijwilligersteam en beheer commissie
Tekst van het document
Bêste minsken, Myn namme is xxxxx, ik kom út Burdaard en ik bin ien fan de frijwilligers fan it MFC. Sa’n bytsje in moanne lyn waard it foar de frijwilligers fan it MFC Burdaard dúdlik dat de gemeente eins gewoan foar sloop fan it hiele MFC-gebou who. Dat wie in hiele snútslach want hierders, gebrûkers, besikers én frijwilligers wiene yn de feronderstelling dat sy mei syn allen, sis mar yn de projektgroep, dwaande wiene mei in reddingsplan foar it MFC. Dat der socht wurde soe nei in oplossing foar de ûnderhâldskosten en foar de hypotheek. En dat der socht wurde soe nei oare mooglikheden om it MFC rendabel te meitsjen. Mar ynienen wie dat net mear oan de oarder. Njonnken de al neamde snútslach wie der ek ferbjustering. Wêrom waard hjir yn fredesnaam keazen foar sloop en neibou mei in kosteplaatsje fan 7 miljoen wylst der in alternatyf beskikber is foar 2 miljoen? WAAR ZIJN WE HIER NU HELEMAAL MEE BEZIG? tocht ik doe. Efkes weromsjen nei hoe’t it allegear begûn. Nei de earste wurkgroep, mei dêryn hierders, brûkers, besikers en frijwilligers, waard der troch de gemeente in nije projektgroep opsteld kompleet mei in eksterne projektlieder. As ôffurdiging fan it doarp. Niks mis mei soene jo sizze mar wol no’t efterôf dúdlik wurd dat de troch de gemeente oanstelde projektlieder eins mar ien boadskip meikrige: SLOOP.
Yn de projektgroep waarden eins allinne mar sloopfarianten bepraat en rekken de kaders fan de eardere ûndersyksopdrachten nei alternativen hieltiden mear út byld. De leden fan de nije projektgroep mei dêryn: de foetbalferiening, de tsjerke, doarpsbelang de ûndernimmersferiening, de sportbehearkommisje, de tennisferiening, horeca,skoalle en 2 minsken fan it MFC, waarden sa súntsjesoan rjochting sloop stjoerd. En omt sy it doarp fertsjinwurdigen wie dat dan dus de wil, de winsk of de miening fan it doarp c.q. de mienskip. Bysûnder omdat de tsjerke, de ûndernimmersferiening en ek de horeca self gjin gebrûk meitsje fan it MFC. Mar meiinoar foarmje sy wol de mienskip en sa waard de saak legitimearre. Dat der net praat waard mei de gebrûkers fan it MFC wie ek bysûnder. De fitness, it folksdûnsjen, it koar, de senioaren, de soos, de gymnastyk, de besikers fan eveneminten en symposia, it Doarpsmiel en de eigen frijwilligers. Allegear wolle se graach dat it gebou stean bliuwt. En de foetbal dan? Hear ik jo tinken. Ja, dy wolle ek wol bliuwe mar harren is troch de gemeente de woarst fan in nije grutte sporthal foar hâlden. Dat ja, wat moatte jo dan……. Yn de projektgroep waarden ferskate sloopfarianten bepraat mar úteinlik wiene dy allegear te kostber, der koe better mar sjoen wurde nei komplete sloop.
Saken as it verduurzamen fan it MFC, der wie in nijsgjirrige opsje mei sinnepanelen, en it rendabeler meitsje, in útwreiding fan de berneopfang bygelyks, wiene net mear oan de oarder. Dêr koe gjin tiid en jild mear yn stutsen wurde. Wylst de oare sloop-opsjes wol wiidweidich ûndersocht waarden en ek jild, mienskipsjild, kosten. It resultearre úteinlik yn in totale sloop-opsje mei dêrnei nijbou. Kosten 7 miljoen. It MFC tsjin de flakte en nijbou der foar yn it plak. Wylst der al in prachtich gebou stiet mei de
moaiste foetbalkantine fan hiel Fryslân, in gebou dat troch meer dan 100 frijwilligers inrochte is.. It fielt as in enoarme kapitaalsvernietiging. Ik kin net oars konkludearje dan dat wy hjir yn Burdaard mei dit MFC wer deselfde fûke yn swemme as 12 jier ferlyn! Doe waard der in MFC optúgd dat eins te grut en net te behappen wie foar it doarp. Mar it moast en soe der komme. Der wie gjin praten tsjin. It doarp, de mienskip yn Burdaard sette de skouders der ûnder. It mienskip gevoel kaam er! De gemeente hat nou tajûn dat it doedestiids fout gongen is. Ik soe no sizze: gemeente gean net werop ‘e nij yn de fout.
Bêste riedsleden lit jimme gjin sân yn de eagen struie mei it feit dat de komplete sloop presentearre wurdt as soe dat de keuze fan it doarp fan de mienskip yn Burdaard wêze. Dat is it net. De projektgroep is net in goede ôfspegeling fan it doarp en de brûkers fan it MFC. Wat makket it de tsjerke út oft dit gebou stean bliuwt of dat der in nij gebou komt? Sy meitsje der gjin gebrûk fan. Itselfde jildt foar de ûndernimmersferiening en de horeca. It makket harren neat út omt sy der gjin gebrûk fan meitsje. Praat mei de brûkers fan it MFC, dat is in bettere ôfspegeling en dy hawwe der as brûkers ek belang by. Sa as sein lit jimme as folksfertsjinwurdigers gjin sân yn de eagen struie en sjoch nei it kosteplaatsje. Mienskipjild kin krekt as gewoan jild mar ien kear utjûn wurde. Foar de 5 miljoen dy’t oerbliuwt fine jimme grif wol in bettere bestemming!