Gearfetting ynspraak (1e insprekker)
Tekst van het document
Fan myn ynsprekken op oansteande tongersdei (5 novimer) stjoer ik in gearfetting fan myn tekst. Dizze mei tahekke wurde oan de stikken. Ynsprekken – Bistewolwêzen en natuerherstel By syn ynsprekken freget xx omtinken foar it bistewolwêzen en it reparearjen fan de natuer yn ús gemeente. Hoewol't twa jier lyn unanym in moasje oannommen waard foar it opstellen fan in startnotysje biste- wolwêzen, is dy der oant no ta net kommen. Ek it better meitsjen fan it bioferskaat en it beskermjen fan ús libbens-omjouwing freget om mear konkrete aksjes. Is ús gemeente wol dwaande de Europese Natuurherstelverordening en de Basiskwaliteit Natuur? xx docht dêrom in berop op de gemeenteried om wurden om te setten yn dieden: meitsje jild frij foar biste-wolwêzen, wurkje oan in gemeentlik belied en ynvestearje yn konkrete inisjativen foar natuerherstel. Want bisten binne gjin bysaak. Se binne meibewenners fan ús gemeente. En in soarchsume gemeente nimt net allinnich, mar jout ek werom.