CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Fersmiten moasje - Ferromming iepeningstiden winkels op snein 261105

It Beslút 5 november 2026, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Begroting 2027 en Meerjarenraming 2028-2030390 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Jiertal / saaknûmer: 2026-239190 MOASJE Art. 48 RfO Moasje nei oanlieding fan agendapunt nû. 6 yn de riedsgearkomste fan 5 november 2026 De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 5 novimber 2026 Underwerp: Ferromming iepeningstiden winkels op snein De ried, heard it beried, konstatearjende dat: • de hjoeddeiske Winkeltidenferoardering Noardeast-Fryslân 2019 bepaalt dat winkels op snein iepen wêze meie fan 12.00 oant 18.00 oere; • de Winkeltijdenwet gemeenten de mooglikheid jout om sels te besluten oer de iepeningstiden fan winkels op snein; • der út petearen mei ûndernimmers, ûnder oare yn Kollum, sinjalen komme dat der ferlet is fan rommere iepeningstiden op snein; • winkels yn omlizzende gemeenten yn bepaalde gefallen al fan 09.00 oere ôf iepen wêze meie; oerwaagjende dat: • frij ûndernimmerskip in wichtige basis is foar in sterke lokale ekonomy; • in ferromming fan de iepeningstiden mear fleksibiliteit biedt oan ûndernimmers en mear karfrijheid oan ynwenners en besikers; • it fersterkjen fan de lokale detailhannel fan belang is foar de leefberens en de oantreklikens fan ús doarpen en stêd; • it winsklik is dat ûndernimmers yn Noardeast-Fryslân net ûnnedich beheind wurde yn harren konkurrinsjemooglikheden yn ferliking mei omlizzende gemeenten; • it iepenstellen fan winkels op snein in mooglikheid is en gjin ferplichting, en dat ûndernimmers dy't de

snein as rêstdei hâlde wolle dy frijheid folslein behâlde; • it ferromjen fan de iepeningstiden fan 12.00 nei 09.00 oere in beheinde en praktyske oanpassing fan de besteande regeling is; ropt it kolleezje op: 1. om op koarte termyn in foarstel ta wiziging fan de Winkeltidenferoardering Noardeast- Fryslân 2019 ta te rieden en oan de gemeenteried foar beslútfoarming foar te lizzen; 2. yn dit foarstel op te nimmen dat alle winkels yn de hiele gemeente Noardeast-Fryslân op snein fan 09.00 oant 18.00 oere iepen wêze meie; 3. dêrby as útgongspunt te nimmen dat de kar om op snein iepen te gean folslein by de ûndernimmer leit, sûnder ferplichting ta iepenstelling;

4. it foarstel uterlik yn it earste fearnsjier fan 2027 oan de gemeenteried foar beslútfoarming foar te lizzen, sadat ûndernimmers sa gau mooglik gebrûk meitsje kinne fan de rommere iepeningstiden, en giet oer ta de oarder fan de dei. Yntsjinne troch: A. Braaksma (GBNF), BBB, VVD, PvdA Stimming Foar: GBNF, BBB, VVD, PvdA, LNF (12) Tsjin: S!N, CU, CDA, FNP (14) Moasje net oannaam

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://noardeastfryslan.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/49982a70-3aeb-46a5-b5d8-31ffa838f526?agendaItemId=37e0705c-4abd-4ef8-af29-08b1ea3c4171