Fersmiten - Moasje Alliantie Schooltuinen
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2025-154696 MOASJE Art. 48 RfO Moasje nei oanlieding fan agendapunt nû. 9 yn de riedsgearkomste fan 3 july 2025
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 3 july 2025
Underwerp: Alliantie Schooltuinen
De ried, heard it beried, fan miening dat: - it belang fan sûn iten, bioferskaat en ûnderwiis rjochte op ûnderfining grut is foar alle basisskoallebern yn de gemeente Noardeast-Fryslân; - dizze ambysjes boarge wurde kinne yn it inisjatyf de Alliantie Schooltuinen en de ‘Week van de Schooltuin’; oerwaagjend dat: - de oanpassing fan skoaltunen net in strukturele ynvestearring nedich is at de gemeente grûn, kontakten en kommunikaasje ynset; - dielname oan de kampanjes ‘Week van de Schooltuin’ en ‘Gouden Wortel’ positive PR en bewustwurding opsmyt; - der al in pear skoallen yn Noardeast-Fryslân meidogge oan dit inisjatyf; fersiket it kolleezje: 1. om aktyf basisskoallen te fasilitearjen by dielname oan de Alliantie Schooltuinen; 2. om de ‘Week van de Schooltuin’ jierliks ûnder de oandacht te bringen fia gemeentlike kanalen en skoallen te stimulearjen om harren oan te melden en mei te dwaan, en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: S. Keizer (S!N)
Stimming
Foar: S!N (6)
Tsjin: FNP, CDA, CU, LNF, PvdA, GBNF, VVD (22) Moasje net oannaam