CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Fersmiten amendemint Noardeast - Jild foar de Waadamtner nei kultuer 261105

It Beslút 5 november 2026, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Begroting 2027 en Meerjarenraming 2028-2030324 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Jiertal / saaknûmer: 2026-239190 AMENDEMINT Kêst 47 RfO Agindapunt: 6 (Begrutting 2027 en Mearjierrerûzingen 2028–2030) Underwerp: Jild foar de Waadamtner nei kultuer De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 5 novimber 2026 beslút it foarstelde beslútpunt ûnder nr. 4 as folget te wizigjen: It folgjende budzjet skrasse: - Een structureel budget instellen voor het aanstellen van een Waddenambtenaar (€ 75.000). en dit ferfange troch: - It budzjet foar kultuer binnen programma 2 Mienskip fan 2027 ôf struktureel mei € 75.000 jiers te ferheegjen. Dit bedrach is bedoeld foar kulturele aktiviteiten, ferienings en ynstellings yn Noardeast-Fryslân. a. De bylage mei de begruttingsmaatregels en de rûzingen foar 2027 oant en mei 2030 dêrop oan te passen. It budzjet foar de nije Waadamtner wurdt op nul set. It kultuerbudzjet wurdt elk jier mei € 75.000 ferhege. b. By de útfiering oan te sluten by de besteande subsydzjeregels. It kolleezje makket foar de ried dúdlik hoe’t it jild ferdield wurdt en hokker kulturele aktiviteiten dêrmei behâlden of mooglik makke wurde Taljochting: Algemien De FNP jout foarrang oan it kulturele libben en de ferienings yn ús gemeente. It kolleezje jout oan dat it kultuerbudzjet foar 2027 € 427.398 leger is as yn 2026. As ferklearring neamt it kolleezje bestege of bystelde ynsidintele budzjetten.

De gefolgen foar aktiviteiten en foarsjennings binne lykwols noch ûnfoldwaande dúdlik. Mei dit amendemint komt € 75.000 jiers ekstra beskikber foar kultuer. De dekking komt folslein út it skrassen fan de foarstelde nije amtlike funksje. Finansjele dekking It skrassen fan de nije Waadamtner makket fan 2027 ôf € 75.000 jiers frij. Dat bedrach giet folslein nei kultuer. Oer 2027 oant en mei 2030 giet it om mei-inoar € 300.000. De wiziging is struktureel en hat gjin gefolgen foar it begruttingssaldo. De algemiene reserve wurdt net oansprutsen.

Yntsjinne troch: A. Buwalda (FNP), BBB Stimming Foar: FNP, BBB, PvdA (9) Tsjin: CDA, S!N, CU, LNF, VVD, GBNF (19) Amendemint net oannaam

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://noardeastfryslan.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/ad7023e9-3b16-4071-a8fc-c18b6f6c9d24?agendaItemId=37e0705c-4abd-4ef8-af29-08b1ea3c4171