CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Fersmiten amendemint Noardeast - AZC-jild foar tydlike wenningen 261105

It Beslút 5 november 2026, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Begroting 2027 en Meerjarenraming 2028-2030459 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Jiertal / saaknûmer: 2026-239190 AMENDEMINT Kêst 47 RfO Agindapunt: 6 (Begrutting 2027 en Mearjierrerûzingen 2028–2030) Underwerp: AZC-jild foar tydlike wenningen De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 5 novimber 2026 beslút it foarstelde beslútpunt ûnder nr. 4 as folget te wizigjen: 1. It folgjende budzjet skrasse: - Budget instellen voor procesgeld AZC (€ 200.000) met dekking uit de algemene reserve. en dit ferfange troch: - Yn 2027 ienmalich € 200.000 út de algemiene reserve yn in nije bestimmingsreserve foar tydlike wenningen foar starters en statushâlders sette. a. Foar dizze reserve de folgjende betingsten fêst te stellen: it jild is bedoeld foar ekstra tydlike wenningen foar beide doelgroepen. De reserve bedraacht maksimaal € 200.000, krijt gjin rinte tafoege en rint fan 2027 oant en mei 2030. Wat ein 2030 oer is, giet werom nei de algemiene reserve, útsein as de ried oars beslút. b. It kolleezje uterlik yn it earste fearnsjier fan 2027 in útfieringsfoarstel oan de ried foarlizze te litten. Dat jout dúdlikens oer lokaasjes, oantallen, ferdieling tusken de doelgroepen, planning, bou- en eksploitaasjekosten, kapitaallêsten, risiko’s en bydragen fan oaren. Jild út de reserve en eventuele ynvestearringskrediten komme pas nei in apart riedsbeslút beskikber. De reserve wurdt net streekrjocht fan de ynvestearring ôflutsen. 2.

Oan it folgjende budzjet: - Een structureel budget instellen voor ambtelijke capaciteit veiligheid (€ 108.000). ta te foegjen: a. Dit ekstra feiligensbudzjet fan € 108.000 jiers net foar AZC-taken yn te setten. b. It kolleezje leit úterlik yn it earste fearnsjier fan 2027 in apart foarstel foar om it frijkommende AZC-diel en oare frijkommende AZC-budzjetten foar tydlike wenningen te brûken. Dêrby wurde de kosten foar Bibob en oare feiligenstaken apart oanjûn, lykas ferplichtings dy’t net ferfalle kinne. 3. De begruttingsmaatregels, programma 5 Wenjen en Omjouwing en de reserve- oersjoggen hjirmei yn oerienstimming te bringen.

Taljochting: Algemien It budzjet foar tydlike húsfesting is earder fan € 1,1 miljoen werombrocht nei € 350.000 en wurdt no folslein skrast. Tagelyk wurdt € 200.000 foar it AZC-proses foarsteld. Wy wolle dat jild brûke foar ekstra tydlike wenningen foar starters en statushâlders. Sa wurdt ekstra oanbod mooglik makke en kin de druk op besteande sosjale hierwenningen beheind wurde. De ried beslút apart oer de útfiering en de folsleine kosten. Finansjele dekking De € 200.000 foar it AZC-proses krijt in oare bestimming. It bedrach dat út de algemiene reserve helle wurdt, bliuwt gelyk. Ek it begruttingssaldo nei de reservewizigingen feroaret net. It noch net berekkene AZC-diel fan it feiligensbudzjet en oare AZC-budzjetten wurde noch net as dekking meiteld. Ferwachte fergoedings fan it COA wurde likemin meiteld. Yntsjinne troch: A. Buwalda (FNP) Stimming Foar: FNP (5) Tsjin: S!N, CDA, CU, PvdA, GBNF, BBB, VVD, LNF (23) Amendemint net oannaam

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://noardeastfryslan.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/f69b8c72-e7d3-40cb-a35e-230a9ed8b858?agendaItemId=37e0705c-4abd-4ef8-af29-08b1ea3c4171