CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Ferslach Ynformaasje april 2022 Noardeast-Fryslân 14-4-2022

It Petear 19 april 2022, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Ferslach ynformateur744 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Ferslach Ynformaasje 2022 Noardeast-Fryslân Ferkenner Mei stipe fan

: Durk Durksz, : Sytze Dijkstra (griffier) en Andree Hofer

Ôfruning ynformaasjefaze Ik stel foar de ynformaasjefaze ôf te rûnjen en oer te gean nei de formaasjefaze. Dat kin mei troch de goede petearen dy 't ik mei alle partijen yn de ôfrûne perioade fierd haw. Myn útstel is yn de formaasje de mooglikheden foar in koälysje fan FNP, S!N en Gemeentebelangen te ûndersykjen. Mei dit ferslach keppelje ik myn befiningen werom oer it proses dat ik sa soarchfâldich mooglik besocht haw te fieren, de útkomsten fan de ynformaasje-ronde en de ûnderbouwing fan myn foarstel. It proses Nei It Petear op 31 maart 2022 yn Kollum wêryn ta de opdracht foar de ynformateur besletten is, hawwe yndividuele petearen plakfûn mei de folgjende partijen en fertsjintwurdigers: Op 4 april 2022 mei: • CDA : Lieuwe Sytsma en Geertje Schoorstra • FNP : Aant Jelle Soepboer en Bert Koonstra • CU : Klaas de Jager en Jan Dekkema • GB : Jannie van Midlum en Pieter Braaksma • S!N : Sjoerd Keizer en Jouke Douwe de Vries En op 7 april 2022 mei: • VVD : Digna Ferwerda en Anton van der Aar • PvdA : Johan Lammering en Gryte Schaafstal • BVNL : Johan Talsma en Siebe Jan Vogelzang Nei dizze omgong haw ik mei alle partijen belle om de stân fan saken werom te keppeljen en te tsjekken oft myn ynterpretaasje fan dy petearen goed wie. Dêrnei is op sneon 9 april mei FNP en S!N oer it ferfolch praat en is dit nei alle partijen weromkeppele.

Op moandei 11 april is mei Gemeentebelangen trochpraat en woansdei 13 april is mei de fertsjintwurdigers fan de trije belutsen partijen praat. Nei dizze ronde binne alle partijen wer telefoanysk ynformearre oer de stân fan saken. Dêrmei hie ik genôch dúdlikheid om dizze ynformaasjeronde ôf te rûnjen. De útkomsten fan de ynformaasje-ronde en de ûnderbouwing fan myn foarstel Alle partijen wolle yn de basis wol koälysjepartij wêze. In tal partijen fynt it ek prima om opposysjepartij te wêzen en soe dêr ek goed mei libje kinne. As de koälysje romte lit oan de opposysje, kinne je mei-inoar ek in goede ried foarmje. Gjin inkelde partij wol gedoogpartij wêze. De measte partijen sjogge FNP en S!N as motorblok fan de koälysje en wolle dêr graach sels of mei noch in partij by oan slute. Twa partijen (CDA en ChristenUnie) sjogge foar harren sels gjin rol by dit motorblok. Ynhâldlik wiene der fansels wol ferskillen tusken de partijen. Op basis dêrfan én mei it each op stabilens doch ik it foarstel in koälysje fan FNP, S!N en Gemeentebelangen te ûndersykjen. Moai is dat der gjin âld sear leit en dat de ferhâldings yn de ried goed binne. Alle partijen binne fan betinken dat Noardeast-Fryslân fjouwer of op syn minst fjouwer wethâlders nedich hat, sjoen de opjeften yn de kommende perioade.

Ferslach Ynformaasje Noardeast-Fryslân, april 2022

1

De wethâlders moatte by foarkar út de eigen gemeente komme en oars in sterke bining mei de gemeente en it gebiet hawwe.

Dêrmei kin in stabile lokale gearwurking foarme wurde, dy’t rjocht docht oan de ferkiezingsútslach en dy’t in sûne ferhâlding koälysje - opposysje biedt. Dizze ferhâlding is kwa sitten 16 - 13. Dat is krekt wat krapper as yn earste ynstânsje by de Ferkenning beëage. Der bliuwt lykwols foldwaande basis foar stabilens en in moaie balâns yn de ried. Ek de belutsen partijen (FNP, S!N en Gemeentebelangen) sjogge takomst yn dizze koälysje. Hja wolle komme ta in koart rjochtingjouwend koälysje-akkoart mei in beheind tal hurde ôfspraken. Sa biedt dizze koälysje romte oan de opposysje en dêrmei in basis foar goede gearwurking mei alle partijen yn de kommende riedsperioade. Ynhâldlik wichtige punten dy 't as pylders yn it koälysjeakkoart weromkomme sille binne: - Wenjen: aktive ynset op wenningbou yn doarpen en stêd; - Mienskip, taal, kultuer, doarpen- en wiken: in gemeente tichby, foar en tusken de minsken; - Soarch en ûnderwiis; - Ekonomy, rekreaasje, toerisme en sport; - Duorsumens, enerzjytransysje, lânbou, lânskip, natuer en bioferskaat; - Tsjinstferliening mei skerpe ôfspraken, goede kommunikaasje en meitinkende amtners. Yn it koälysje-akkoart sil de Riedsaginda op in beheind oantal tema’s dêr 't partijen it oer iens binne, as earste haadstik fan it koalysje-akkoart werom komme.

Al mei al stel ik dus foar de ynformaasjefaze ôf te rûnjen en yn de formaasjeperioade de mooglikheden fan in koälysje fan FNP, S!N en Gemeentebelangen te ûndersykjen. Dokkum, 14 april 2022, Durk Durksz

Ferslach Ynformaasje Noardeast-Fryslân, april 2022

2

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=40262ea4-2259-46b3-bea6-8e83641bc7d8