Ferkenning maart 2022 Noardeast-Fryslân gearfetting ferkenningspetearen 31-3-2022
Tekst van het document
Ferkenning 2022 Noardeast-Fryslân; gearfetting ferkenningspetearen Ferkenner Mei stipe fan
: Durk Durksz : Sytze Dijkstra (griffier) en Andree Hofer
Nei de ôftraap fan de ferkenning op 22 maart 2022 yn Kollum ha yndividuele petearen plakfûn mei de folgjende partijen en fertsjinwurdigers: Op 24 maart 2022 mei: • S!N : Sjoerd Keizer en Jouke Douwe de Vries • GB : Jannie van Midlum en Pieter Braaksma • VVD : Digna Ferwerda en Anton van der Aar • PvdA : Johan Lammering en Gryte Schaafstal En op 25 maart 2022 mei: • FNP : Aant Jelle Soepboer en Bert Koonstra (lêste digitaal) • CDA : Lieuwe Sytsma en Geertje Schoorstra • CU : Klaas de Jager en Jan Dekkema • BVNL : Johan Talsma en Siebe Jan Vogelzang 1. Wat fine de fraksjes fan de ferkiezingsútslach? De ferkiezingsútslach wurdt ferskillend belibbe. Wol fine de fertsjintwurdigers fan de fraksjes dat der in dúdlike útslach is. Der hat in dúdlike ferskowing plakfûn mei gefolgen foar de bestjoerlike ferhâldingen. De gemiddelde leeftyd fan de rie is flink nei ûnderen gien, dat wurdt as posityve ûntjowing sjoen. Der is ek tefredenes oer it hegere opkomstpersintaazje yn fergeliking mei de foarige gemeenteriedsferkiezings. Al binne der noch in protte mooglike kiezers thús bleaun. It is in útdaging foar de kommende periode om ynwenners mear by de gemeente en de polityk te belûken en oer fjouwer jier it opkomstpersintaazje noch heger te krijen. 2.
Hoe sjogge jimme (de rol fan) de nije koalysje? De nije koalysje soe it bêste bestean kinne út de twa grutste fraksjes oanfolle mei ien as mooglik twa partijen, om sa op 17 oant 19 sitten te kommen. Dus wol in stevige basis mar ek wer net in te grutte mearderheid, om sa in sûne balâns te hâlden én as in goede ôfspegeling fan de útslach. De opposysje moat sa goed mooglik meinommen wurde. Fan elkenien (yn de koalysje en de opposysje) moat it stribjen wêzen safolle mooglik as ien ried te operearjen. In koalysje mei selsbetrouwen dy’t romte jout oan de opposysje. Sûne ferhâldingen en gjin blokken. Elkoar romte jaan en elkoar wat gunne. It is wichtich dat alle fraksjes goed yn it proses meinommen wurde en dat dúdlik is hokker kar wêrom makke wurdt. Dat jildt net allinne foar de ferkenning mar ek foar de ynformaasjeen formaasjeperioade. Nei de ynformaasjeperioade moat oan de partijen yndividueel weromkeppele wurde hokker kar makke is, foardat in mienskiplike gearkomste plakfynt. Underwerpen dy't de kommende perioade mear oandacht krije moatte, binne ynformaasjefoarsjenning oan alle partijen (koalysje én opposysje) en it dualisme. 3. Hoe fier moat de iepenbierheid gean? Hast alle partijen fine it prima dat de yndividuele petearen yn it ramt fan de ferkennings en (yn)formaasje efter sletten doarren plakfine.
As op de kallibraasjemominten (“ijkmomenten”) dat der wat bekend is mar yn iepenheid en iepenbierens oer sprutsen wurdt, lykas no yn dit Petear hjoed (31-32022). Sa ha wy in trochsichtich proses en gjin sabeare petearen foar it poadium. Ien partij hie alles wol iepenbier hawwe wolt, mar fynt it prima dat, as alle oare partijen it sa wolle, it no sa giet as it giet.
Ferslach Ferkenning Noardeast-Fryslân, maart 2022
1
Oer it algemien binne de partijen tefreden oer de wize wêrop dizze ried de iepenbierens yn de ôfrûne perioade dien hat en wie it dúdlik wêrom en wannear ûnderwerpen fertroulik behannele binne. 4. Hoe sjogge jimme de relaasje koälysje/opposysje? De koalysje moat in dúdlike koers farre en dêrby romte jaan oan de oppysje en iepen stean foar goede inisjativen en oanfollingen fanút de opposysje. Dus: elkoar romte jaan en elkoar wat gunne. De koalysje mei stevich de lieding nimme. Dêrfoar is it goed dat der in koalysjeakkoart is dat rjochting jout mar net ticht timmere is. Op in oantal spesifike punten kinne hurde ôfspraken makke wurde, dat binne de útsûnderingen. Sa bliuwt er romte foar de opposysje en hâlde we de polityk libben. 5. Hoe moatte de riedsleden mei elkoar omgean? Oer dit punt wiene de fraksjes unanym. Riedsleden geane mei respekt en kollegialiteit mei elkoar om, foar en efter de skermen. As dit ris in kear net bart, moatte sawol de foarsitter as de riedsleden sels de belutsene dêr op oansprekke. Yn de formele gearkomsten giet men formeel mei elkoar om en sprekke de riedsleden elkoar ek formeel oan. Dit fanút respekt nei elkoar, as ek fanút de foarbyldfunksje dy’t de ried hat. In punt fan oandacht is noch wol de sprekkultuer, dêr wolle de fraksjes noch wolris mei elkoar nei sjen. In fel debat op ynhâld dat mei, hâld it wol fatsoenlik en net op de persoan spylje.
Lit elkoar útprate, sûnder ûnnedige wiidweidige petearen. En nei ôfrin mei elkoar der noch ien op nimme. 6. Hoe sjogge jimme de partisipaasje mei de ynwenners? Ut de petearen mei de fraksjes die bliken dat riedsleden en partijen mear nei bûten moatte soene en wolle, op besite by organisaasjes, ferieningen, bedriuwen, doarpsbelangen en oare ynwennersgroepen yn de gemeente. As de ried dit meielkoar dwaan wol hoecht dit net mei alle 29 riedsleden, mar kin dat ek mei fertsjintwurdigers út namme fan de ried, dy’t dan ferslach dogge oan de hiele ried. “It Poadium” is in moai ynstrumint, mar dat koe troch Koroana de ôfrûne jierren net goed ynset wurde. Gelokkich kin dat no wol wer en stean der wer nije “Poadium-”byienkomsten pland. Net alles hoecht fia Poadium’s organisearre te wurden. Fraksjes moatte ek de romte hawwe om sels nei partijen ta te gean. It is ek belangryk dat ynwenners ynsprekke kinne, wêrby mear oandacht is foar de ynbring fan ynsprekkers en wêrby de fraksjes de tiid krije de útkomsten mei te wagen yn harren mieningsfoarming. 7. Sjogge jimme problemen yn de hjoeddeiske fergaderkultuer en struktuer? De measte fraksjes wurdearje de hjoeddeistige fergaderkultuer. Fansels is der wol ris wat, mar dan wurdt dat ek útsprutsen. It fergaderjen mei wol strakker, koarter en effisjinter. De partijen sjogge derfoar wol kânsen op ferbettering yn de hjoeddeistige fergaderstruktuer.
Dêrby ha guon ûnwennigens oan de eardere kommisjestruktuer. Wichtichste punten fan ferbettering soene wêze kinne om gebrûk te meitsjen fan de mooglikheid om ferfangers (skaad-fraksjeleden) dielnimme te litte oan gearkomsten. Fansels net oan ‘It Beslút’, dat is allinne foar keazen riedsleden. Mar wol oan de tariedende gearkomsten Ít Poadium’ en ‘It Petear’ en mooglik ek ‘It Debat’. Sa wurdt it foar de lytse partijen mear wurkber en kinne takomstige riedskandidaten oplied wurde. It adfys is om it dielnimmen fan skaad-fraksjeleden yn de kommende perioade as ried te besprekken en der in beslút oer te nimmen. Te tinken falt oan de ien- en twapersoansfraksjes om dêr ferfangers ta te stean. Dêrnjonken soe der by guon ûnderwerpen mear tiid tusken ‘It Debat’ en ‘It Beslút’ sitte moatte, om binnen de fraksjes noch ris in kear fan tinzen te wikseljen oer de nije ynformaasje út ‘It Debat’. Ferslach Ferkenning Noardeast-Fryslân, maart 2022
2
Ek in febetterpunt is werhelling fan diskussjes en betogen foar te kommen. Yn ‘It Beslút’ wurdt de diskusje faak noch in kear opnij dien. Dat moat oars, dêr stiet eltse partij foar oan de latte! Der binne ek ûnderwerpen wer’t de ried (en somtiden ek de ynwenners) yn in betider statium by de plannen belútsen wurde kinne. Dan soe de tiid tusken “it Petear’ en ‘It Debat’ rommer wêze moatte. De partijen fine it fan belang om benammen oandacht te hawwen foar de wichtige en maatskiplik en polityk swiere ûnderwerpen. Wol fine in tal fan partijen dat de seleksje fan dy ûnderwerpen better kin. In bettere ôspegeling fan de ried yn de agindakommissje soe nei harren idee helpe kinne. Der meie ek wol mear hammerpunten komme. ‘It Petear’ is no mear ynformaasjefoarsjenning yn plak fan oerlis. Yn ‘It Petear’ soene de fraksjes letterlik om tafel gean moatte om yn petear mei ynwenners en groepen te gean. ’It Petear’ soe dan ek net útstjoerd hoeche te wurden. Sa kin it de drompel leger meitsje kinne om sa wer by de bedoeling fan ‘It Petear’ te kommen. Al mei al is de yndruk dat de neamde ferbetteringen yn de hjoeddeistige struktuer, dy’t maatwurk mooglik makket, trochfierd wurde kinne. De ferkenning is net it plak om dêr knopen oer troch te hakken. Wol liket it de ferkenner goed ta om dit ûnderwerp as ried de kommende tiid op de aginda te setten. 8.
Moat der wol as net in riedsbrede gearwurking komme/wêze? Wolle jim, njonken in koalysjeakkoart, ek in riedsaginda? En, sa ja, op hokker punten? De measte fraksjes fine dat der in goed rjochtingjaand koalysjeakkoart komme moat. Dat biedt in steviche basis foar de koalysje. It koalysjeakkoart moat net ticht timmere wurde, sadat der ek noch romte is foar de opposysje. Dat moat rjochting jaan, romte biede en kin op in oantal spesifyke ûnderwerpen hurde ôfspraken befetsje. Ien partij hie wol in riedsbrede koalysje sjent wolt, mei saakwethâlders. Mar as de oare partijen dat net wolle, fynt die partij it ek prima dat it oars ynfold wurdt. It liket de measte fraksjes goed om nochris oer de riedsaginda te praten. In ‘Riedsagenda’ op in beheind oantal tema's kin fan tafoegde wearde wêze om as ried meielkoar oan de slach te gean. Sa kin de riedsagenda in bynmiddel wêze om de sfear goed te hâlden. Al moat de wearde fan in Riedsagenda net oerskat wurde. En as de ried der foar kiest te wurkjen mei in Riedsagenda, moat dy op in oare wize ynfold wurde as yn de ôfrûne perioade: mear fia kolleezje en amtlik apparaat. En it doel moat foarôf helder wêze, bygelyks dat it giet om in mienskiplike ferdjipping. Wurkje mei in ‘Startnotitie’ kin dêrby helpe.
Wichtige ûnderwerpen dy’t faak neamd binne om yn in riedsaginda en/of koalysjeakkoart op te nimmen, binne: - Enerzjy-transysje; - Soarch; - Mienskip (doarpen- en wikenbelied); - Ekonomy; - Wenjen (bouwe); - Duorsumens en bioferskaat. Yn in riedsdaginda kinne de ûnderwerpen as speerpunt beneamd wurde, om se yn in koalysjeakkoart fierder út te wurkjen. Opdracht ynformateur Nei dizze ferkenning kin oergien wurde ta in proses fan ynformaasje. Op grûn fan de petearen en dit ferslach, is yn taheakke in opdracht formulearre foar de te beneamen ynformateur. Dokkum, 29 maart 2022
Ferslach Ferkenning Noardeast-Fryslân, maart 2022
3