Ferfolchfragen FNP met antwurd kolleezje - Programma 5 - Activiteit 1C
Tekst van het document
Ferfolchfragen FNP – nei oanlieding antwurden technyske fragen Jierrekken 2023 Jierrekken 2023 Programma 5 – Wenjen en Omjouwing Bladzijde:59 Subdoel Activiteit 1C: Kennis wordt gedeeld met de mienskip en stakeholders bij de woonopgave met als doel om in samenwerking met elkaar sneller toekomstbestendige en betaalbare nieuwbouw te kunnen realiseren voor de marktvraag. Toelichting Via de diverse werkgroepen binnen de prestatieafspraken en met provincie en Rijk wordt inmiddels kennis uitgewisseld om sneller betaalbare en toekomstbestendige nieuwbouw te kunnen realiseren. Dit is ook onderdeel van de door de regio met de provincie en het Rijk gesloten woondeal. Daarnaast is in 2023 onderzocht hoe en waar flexwoningen kunnen worden gerealiseerd.
Programma Bladz. Fractie Nummer 501 59 FNP
Vraag
Antwoord
Dêrneist is yn 2023 ûndersocht hoe 't en wêr 't flekswenningen realisearre wurde kinne. Wat binne de útkomsten fan dit ûndersyk? Wêr en hoe komme de flekswenningen?
Yn gearspraak mei Thús Wonen is it ûndersyk nei flekswenten útfierd. De útkomst fan it ûndersyk binne dat der relatyf net in soad lokaasjes geskikt binne, trochdat de beheinende faktoaren dy 't fan tapassing binne op reguliere wenningbou ek de mooglikheid foar it flekswenjen beynfloedzje, lykas de lange wachttiden foar oansluting op it stroomnet. Oft der flekswenten komme is dêrmei noch ûndúdlik, sadree 't helderens is óf der flekswenten komme sil dat kommunisearre wurde mei de ried.
Ferfolgfragen: De lange wachttiden foar oansluting op it stroomnet is û.o. de reden dat flekswenten net te realisearjen binne. Aktiviteit 1 c hat as doel om yn oparbeidzjen mei-inoar, lês mienskip en stakeholders, flugger takomstbestindige en betelbere nijbou realisearje te kinnen foar de merkfraach. Hoe tinkt it kolleezje it doel ûnder 1 c te heljen as yn it antwurd op de fraach oer fleksibele wenten it stroomnet as beheinende faktor sjoen wurdt? Wêr wurdt prioriteit oan jûn wat bou oanbelanget sjoen de problematyk oangeande de oansluting op it stroomnet? Is der in prioriteitelist?
Antwurd: Yn de fraach leit de suggestje besletten dat it realisearjen fan de stroomoanslutingen de bepalende faktor is. Dat is net it gefal: it is ien fan de komplisearjende faktoaren. We bliuwe yn kontakt mei Liander om mear dúdlikheid te krijen oer de konkrete trochwurking fan de netkongesty. Dêrneist bliuwe wy aktyf kommunisearjen mei de merk en mienskip om de wenningbou te ferhastigjen.