CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Bylage - konsept reaksjebrief Frysk

It Debat 4 juli 2024, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: It Debat - Concept Energievisie Fryslân516 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Friese Energietafel fet@leeuwarden.nl

Uw brief van: Uw kenmerk:

26 april 2024

Ons adres: Ons telefoonnr: Ons whatsapp nr: Ons e-mailadres: Ons kenmerk:

Postbus 1 9100 AA Dokkum (0519) 29 88 88 (06) 120 830 46 info@noardeast-fryslan.nl 2024-099949

Website:

www.noardeast-fryslan.nl

Behandeld door:

Underwerp: Rieplachting Fryske Enerzjyfyzje

Datum: Datum verzending:

6 mei 2024 20 juni 2024

Achte Fryske Enerzjytafel, Ut namme van de gemeenteried fan de Gemeente Noardeast-Fryslân wolle wy ús reaksje diele oanbelangjend de resint presintearre konseptferzje fan de Fryske Enerzjyfyzje. De leden fan de Fryske Enerzjytafel (FET) hawwe in soad krewearjen levere om te wurkjen ta in takomstbestindich enerzjysysteem yn Fryslân. De konsept Fryske Enerzjyferzje is in produkt dat ta stân kommen is troch gearwurking en ôfstimming binnen de FET. It opstellen fan in mienskiplike útfieringsaginda is in folgjende útdaagjende stap. Wy sjogge sa’n útfieringsaginda as stipe foar ús eigen gemeentlike kar dy’t wy meitsje en wêroer wy in beslút nimme. Winsken en beswieren fanút ús gemeenteried De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân hat twa winsken en beswieren oanbelangjend ta de konsept-ferzje Fryske Enerzjyfyzje:

1. Yn it Kennisdokumint wurdt op side 17 beskreaun, wat as it hjoeddeistige provinsjaal belied útgongspunt is foar 2050. Der stiet: “Foar wyn wurdt der ynset op it opheegjen van buurtmûnes oant 100 m tiphichte en op bedriuweterreinen”. Hjir kinne wy ús yn fine. Hawar dit is net it hjoeddeistige provinsjale belied. Yn de foarlizzende wizigingsferoardening wurdt dit allinnich tastean op de bedriuweterreinen fan Snits, Ljouwert, it Hearrenfean en Drachten. 2. Wittende dat dit giet oer romtlike kar en dat dit yn de provinsjale omjouwingsferoardening is belein en dat it hjir giet om de enerzjyfyzje, sjogge wy hjir mei nammen wriuwing ûntstean as wy útfiering jaan wolle oan de konsept-Fryske Enerzjyfyzje. Wolle wy ynfolling jaan oan de lyts-en grutskaligens fan de enerzjyproduksje en opslach yn it lânskip (liedend prinsipe 4) troch allinnich de ynstruksjenoarmen fan in provinsjale omjouwingsferoardening te hantearjen, dan wurdt allinnich stjoerd fanút it romtlik perspektyf. Sa bepaalt de hichte fan in wynmûne en it tal hektares foar in sinnepark yn wichtige mate de enerzjy ynfrastruktuer foar 2050 en de ekonomyske en sosjale ûntwiklingen fan in mienskip op ‘e lange termyn. It belang fan de enerzjy-ynfrastruktuer en de lokale energy hubs ûnder oaren foar de lokale ekonomy, freget om meardere ynstruksjenoarmen dan allinnich de romtlike.

Yn dit reaksjebrief dogge wy de oanbefelling om yn it trajekt nei it ta stân kommen fan de enerzjyfyzje te ûndersykjen oft der in mear yntegraal ôfwagingsramt ta stân komme kin foar de definiearring fan de lyts-en grutskaligheid fan enerzjyproduksje en opslach. In yntregraal ôfwagingsramt dat rekkening hâldt mei sawol de lokale (ekonomyske) omstannichheden, it enerzjysysteem as de impact op it lânskip. Hjirby moat foarôfgeand oan dizze ôfwaging de opwekpotinsje en fraach yn it gebied sintraal te stean.

Ta beslút Wy fertrouwe derop dat wy jo hjirmei foldwaande meijûn hawwe en sjogge jo reaksje graach temjitte.

Mei freonlike groetnisse, Boargemaster en wethâlders fan Noardeast-Fryslân,

H.J.C.M. Verbunt, MBA Sekretaris

mr. J.G. Kramer Boargemaster

–2–

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=a8914913-db86-4ff9-a05d-7f35164d33dc