Bylage 3.2 fan ynfieringsplan - Oanfoljend advys TWF Ealsum en De Lytse Jouwer
Tekst van het document
Ealsum en De Lytse Jouwer It brief fan it kolleezje oan de doarpsbelangen is dúdlik. Mei it unanym oannommen amendemint hat de ried keazen foar Frysktalige plaknammen yn de Gemeentlike Basisadministraasje (GBA) ensfh. Wol kin der noch keazen wurde tusken in histoaryske of in dialektyske fariant. Dat begryp histoarysk hie better net brûkt wurde kinnen, it “Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden” (Hânfêst) hat yn kêst 10:2g nei lang ûnderhanneljen net foar neat keazen foar it begryp “tradisjonele en krekte foarmen”.
Ommers alle nammen dy’t ienris opskreaun waarden soene trochgean kinne foar histoarysk. Nee it Hânfêst giet út fan in namme dy’t oer langere tiid binnen it Frysk as tradysje sjoen wurdt. It begryp dialektysk is dúdliker. Binnen de gemeente Noardeast-Fryslân tinke wy binnen de Fryske taal oan dialektfoarmen as: easter of oaster by Easternijtsjerk en Eastrum, mûne of mole by Warfstermûne en fan Eanjum is by Berltsum ek noch de foarm Kleaster Anjum bekend. Ealsum of Aalsum Om 1500 hinne hat der yn it Frysk in sterke lûdferoaring west. Ien fan de lûden dy’t him ûntwikkele hat, is de ae -> ea. Yn jo gemeente giet it dan om de doarpsnammen Ealsum, Eanjum en Peazens. Aldfrysk útspraak Nijfrysk baam bâm beam grêne greene grien gôd
good
spreken -
goed sprutsen
In effekt dêrfan is dat de nammen mei dat eardere ae-lûd hjoed-de-dei net mear sjoen wurde as Frysktalich mar as “Nederlânsk”. Gjin minske kriget binnen de Fryske kontekst it wurd Paezens (útsprutsen as Paazens) mear út syn of har mûle. Soks fielt net mear Frysk fansels. Talen steane no ienris net stil en yn guon gefallen feroarje plaknammen mei. In stêd as ’s-Gravenhage wurdt no sels op ‘e hânwizers mei Den Haag oantsjutten.
De Lytse Jouwer of Hiaure It is net sa dreech om “histoaryske” foarmen fan dy plaknamme te finen: 1230 Jeure, 1459 Hiouren, 1488 Hyowr, 1505 Hyauwre, 1511 Jouwer. En dan binne der grif noch wol in pear mear. Mar it Hânfêst hat it allinne mar oer tradisjonele en krekte foarmen fan plaknammen. De tradysje wol dat Hiaure ta it “Nederlânsk” rekkene wurdt en de foarmen fan De Jouwer ta it Nijfrysk. Krekt as yn it wurd hjoed wie/is de “h” yn beide foarmen net-lûdhawwend. Troch de iuwen hinne waard/is de plaknamme dus útsprutsen as de Jou(we)r(e). Dy útspraak wie sa’t it liket op in stuit sa betiizjend mei dy fan de gruttere Jouwer dat oan de namme it wurd lytse taheakke waard, De Lytse Jouwer. De flagge en ek it doarpswapen út 1988 brûke it byld fan de plom fan ‘e jouwer (ned.haver). De ynwenners fan it doarp leine/ lizze in link tusken de útspraak fan harren plaknamme en dat nei alle gedachten oerdrachtlike byld.
Topografyske Wurkgroep Fryslân 25 maaie 2021 towufrysk@knid.nl
Flagge
Wapen