CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

Bijlage bij Raadsinformatiebrief - 261028 Noardeast-Fryslân - van CdK - asielopvangvoorzieningen

It Debat 3 december 2026, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Debat Sartnotitie realisatie AZC1.465 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Commissaris van de Koning in de provincie Fryslan Kabinet Gemeente Noardeast-Fryslan Kolleezje fan B&W Postbus 1 9100 AA DOKKUM Ljouwert, 28 oktober 2026 Ferstjoerd : Us kenmerk Öfdieling Taheakke : KAB 02576626 : Kabinet kommissaris fan de Kening : Staatscourant 8582 Capaciteitsraming, provinciale opvangopgave en indicatieve verdeling per gemeente 2026 Underwerp : Stan fan saken ütfiering Wet gemeentelijke taak mogelijk maken asielopvangvoorzieningen yn Fryslan Achte kolleezje, As foarsitter fan de Provinciale Regietafel (PRT) Fryslan stjoer ik jo dit berjocht yn oanrin nei it fêststellen en publisearjen fan it provinsjale ferslach en provinsjaal plan oer de asyl opfang yn Fryslan. Mei dit berjocht bied ik jo myn refleksje op 'e ütfiering fan de Wet gemeentelijke taak mogelijk maken asielopvangvoorzieningen, better bekend as de Spreidingswet, en de stan fan saken dêrfan yn Fryslan. It is myn byld dat de measte Fryske gemeenten trochkrongen binne fan de needsaak fan it kapasiteitsferlet en de trochstream binnen de asylketen. De gemeenten binne, nei aard en skaal en fanüt dielde ferantwurdlikheid, oanhaldend sykjende nei mooglikheden foar ferheging fan 'e opfangkapasiteit. Oan de PRT wurdt hjir, fanüt in dield besef fan urginsje, oer sprutsen.

Alle achttjin Fryske gemeenten, net ien ütsundere, hawwe nei my oanjun yn beginsel ree te wêzen om in bydrage te leverjen oan 'e opfang fan de ferskate groepen flechtelingen en statushalders. De ynspanningen fan de mienskiplike gemeenten rjochtet him op it kreëarjen fan rêst yn it Fryske asylopfang-lanskip. Yn dat Ijocht bin ik posityf stimd oer de lange termynoanpak dêr't in soad gemeenten har oan ferbine. Koartrinnende ofspraken oer opfangkapasiteit leverje yn in soad getallen werheljende diskusjes op, mei de maatskiplike ünrêst dy't dêroan ferbun is. Dit wylst wy ek konstatearje dat opfanglokaasjes mei in lange rintiid komselden foar problemen soargje. De aktuele situaasje is dat de asylopfang under tige grutte druk stiet en dat de ütstream fan statushalders ferhastige wurde moat. De Minister van Asiel en Migratie hat d.d. 12 oktober - 1 /4-

2026 witte litten dat de besettingsgraad fan it COA mominteel 102% is. As gefolch hjirfan is fersocht om opfanglokaasjes dy't sletten wurde soene safolle mooglik langer iepen te halden, statushalders earder te hüsfestjen en ekstra opfangplakken foar asylsikers te realisearjen. Hjirunder stiet de krekte ekstra opdracht fan de Minister van Asiel en Migratie (d.d. 12-10- 2026): 1 novimber | 1 jannewaris | 1 april Grins | 150 plakken | 150 plakken | 150 plakken Drinte, Flevolan, Frys­ | 150 plakken | 230 plakken | 500 plakken lan, Oerisel, Seelan Gelderlan, Limburch, | 250 plakken | 370 plakken | 800 plakken Noard-Braban, Noard- Hollan, Utert, Sud- Hollan Totaal | 2.400 plakken | 3.520 plakken | 7.450 plakken (kumulatyf) Myn wurdearring is grut foar gemeenten dy't, yn guon getallen al jierrenlang, in belangrike bydrage leverje oan 'e asylopfangkapasiteit yn Fryslan of konkrete plannen dêrta ha. Al binne der op dit stuit ek gemeenten dy't noch gjin opfangplakken foar asylsikers realisearje. Dy gemeenten moatte har goed realisearje dat it ütbliuwen fan in bydrage liedt ta tanimmende druk op oare gemeenten. Ut myn wurdkar begripe jo dat ik it as in Fryske opjefte beskögje, wêrby't ik de ferwachting koesterje dat elke gemeente de tasizzing docht om hjiroan in bydrage te leveren.

En mochten der dochs Fryske gemeenten wêze dy't, hoe lyts of hoe grut ek, gjin bydrage leverje wolle, dan kin en sil ik de Minister van Asiel en Migratie net behinderje om yn it ferdielbeslüt werom te gripen op 'e ferdieling per gemeente. As ik sjoch nei de aktuele ynspanningen fan de Fryske gemeenten, dan konstatearje ik alderearst dat der meardere gemeenten binne dy't al jierren opfangplakken foar asylsikers oanbiede. Sa biedt de gemeente Smellingerlan al jierrenlang plak oan 600 persoanen, 100 dêrfan binne AMV-ers. De gemeente Tytsjerksteradiel fangt ek al jierren 625 minsken op yn in reguliere opfanglokaasje. Dat jildt ek foar de gemeente Waadhoeke dy't 400 minsken opfangt, wêründer 35 AMV-ers. De gemeente De Fryske Marren hat dêrneist jierrenlang tusken de 500 en 300 persoanen opfongen. De opfanglokaasje yn Balk soe, konfoarm de oarspronklike ófspraak mei it COA, mei yngong fan 1 oktober 2026 slute moatte. It COA hat lykwols oanjun dy lokaasje langer iepen halde te wollen. De gemeente hat in plan fan oanpak foar lytsskalige asylopfang fêststeld. De ütfiering hjirfan is lykwols foarearst ütsteld oant der düdlikheid is oer de definitive slutingsdatum fan de lokaasje yn Balk. De gemeente Südwest-Fryslan sil in nije reguliere opfanglokaasje bouwe foar 450 persoanen. Oant dy tiid bliuwt de besteande lokaasje iepen foar in selde oantal plakken.

De gemeente Harns fersoarget in needopfanglokaasje konfoarm COA-noarmen foar 170 persoanen. De iepenstelling fan dizze lokaasje wurdt ferlinge oant Q1 2029. Mei in COA- trochstreamlokaasje biedt de gemeente Eaststellingwerf Onderdak oan 195 persoanen. De gemeenten It Hearrenfean (150 plakken) en Noardeast-Fryslan (214 plakken) hawwe plannen yn tarieding foar opfanglokaasjes foar de doer fan 10 jaar. It Hearrenfean is ek ree om 50 net fergunninghaldende AMV-ers op te fangen. De gemeente Ljouwert fersoarget dêrneist 451 opfangplakken foar de doer fan 15 jier. Oant de regionale opfanglokaasje iepene wurdt, sille de opfangplakken op de besteande plakken yn 'e stêd ynrjochte bliuwe. De gemeente Opsterlan biedt Onderdak oan 20 net fergunninghaldende AMV-ers. Dêrneist hat dy gemeente in bysündere stap set troch in trochstreamlokaasje foar fergunninghalders te iepenjen, yn gearwurking mei Smellingerlan, Weststellingwerf en It Hearrenfean. Oer dizze lokaasje is in diskusje geande oft dy binnen de kaders fan 'e Spreidingswet fait. Foar de Waadgemeenten jildt, dat men al jierren ree is om by te dragen troch lytsskalige opfang. Om't it COA dêrta noch gjin mooglikheden sjocht, is it spitich om konstatearje te moatten dat dizze potinsjele opfangkapasiteit net effektuearre wurdt.

Ik bin lykwols bliid mei de wittenskip dat it oanbod fan 'e Waadeilannen bliuwt bestean om nei aard en skaal, buten it seizoen, opfang te bieden. Ta beslüt binne de gemeenten Weststellingwerf, Dantumadiel en Achtkarspelen frege oft sy ree binne om de rol fan saneamde 'oerrin-opfang-gemeenten' op harren te nimmen. Dat haldt yn dat sy, as it COA in berop op harren docht, om beurten maksimaal 6 moanne as krisisneedopfang (sliepplakken) fungearje. Hoewol't ut de ferkenning fan dy opsje troch de gemeenten solidariteit sprekt, is it yn ferliking mei de gemeenten dy't al jierrenlang bydragen leverje in skrale ynspanning. Yn dat ramt hechtsje ik deroan dat dizze gemeenten de fraachtekens oer harren bydrage weinimme en harren ütsprutsen solidariteit krêft bysette. It is nammentlik in gegeven dat as de Fryske bydrage yn syn totaliteit net robüst of struktureel genóch is, yndividuele gemeenten ferge wurde kinne op in gruttere bydrage. Dêrom ferwachtsje ik dat de oanbelangjende gemeenten it oantal sliepplakken dêr't it om giet beskikber stelle en dêrby yn eagenskou nimme dat de ferdieling per gemeente fanüt de Spreidingswet it ienige alternatyf is. Ik gean derfan ut dat ek dizze gemeenten sjoen de ütsprutsen solidariteitsgedachte harren bydrage oan de Fryske opjefte leverje. Gearfetsjend wol Fryslan mei-inoar de skouders ünder de ütfiering fan de Spreidingswet sette.

Dat fretget bestjoerlik committment fan jo gemeente. Ik begryp dat lokaal de wjerstan tsjin asylopfang grut wêze kin en dat it foar jo as gemeentlik bestjoer as gefolch dêrfan ek lestich wêze kin om besluten te nimmen. Ek begryp ik dat der gemeenten binne dy't fan betinken binne dat ynspanningen op it mêd fan hüsfêsting foar statushalders en de opfang fan Oekraynske flechtlingen net genóch yn eagenskou nommen wurde. Derneist hawwe de Fryske gemeenten de wetlike taakstelling foar hüsfêsting fan statushalders de ófrune perioade realisearre en wurdt ynrün op de efterstannen üt it ferline. Dêrop reagearje ik graach mei de wurden dat dizze bydragen absolüt sjoen en erkend wurde. Mar dat dizze redenearre fanüt de Spreidingswet inkeld yn 'e foarm fan ütruiljen in rol spylje kinne. Foar de provinsje Fryslan binne konkrete öfspraken oer ütruiljen fan opjeften binnen de provinsje foarearst net oan de oarder. Jo hawwe lykwols de mooglikheid ta it meitsjen fan öfspraken oer Onderling ütruiljen fan de opjeften foar asylfoarsjenningen, hüsfêsting fan statushalders en de opfang fan Oekraynske flechtlingen. Oan de PRT sil dizze opsje ferkend wurde as it ferdielbeslut dêr oanlieding ta jout.

It boppesteande, dat troch it provinsjaal plan underboud wurdt, is it resultaat fan yntegrale bestjoerlike en amtlike ofstimming. Ut myn ryksferantwurdlikheid wei beskógje ik it as bemoedigjend dat der yn Fryslan, nettsjinsteande de oanhaldende en tanimmende dynamyk om asylopfang hinne, inisjativen binne en bliuwe dy't bydrage oan de beëage stabiliteit yn it opfanglanskip. Yn in tiid dat de druk op 'e hiele opfangketen fierder tanimme sil, mei troch de feroaringen yn it rezjym oangeande de opfang fan Oekraynske flechtelingen, bliuwt it needsaaklik dat gemeenten mei-inoar opluke. As ryksorgaan is it myn opdracht om jo sa nedich oan te sprekken oer de ütfiering fan de wet, ek fan de Spreidingswet. Dêrmei is dit skriuwen net amendearber Mei heechachting,

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://noardeastfryslan.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/fcdd1fc3-9260-4ff8-999b-a73fec33423d?agendaItemId=4bad22bf-aecd-4034-885e-2b044fd3ddeb