Bijlage A - Moasje Betelberheid wenningen starters 231109
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2023-215509 MOASJE Art. 49 RfO Moasje nei oanlieding fan agendapunt nû. 7 yn de riedsgearkomste fan 9 novimber 2023
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 9 novimber 2023
Underwerp: Betelberheid fan wenningen foar starters
De ried, heard it beried, konstatearjend dat: ➢ by it debat oer de Mollemalokaasje it benammen gie oer de betelberens fan wenningen foar starters op de keapwenningmerk; ➢ op de fraach wat in betelbere wenning eins is gjin dúdlik antwurd jûn is, los fan de rjochting hokker lanlik definiearre is as de grins fan € 355.000; oerweagjende dat: ➢ de hjoeddeistige wize fan bouwen amper betelbere wenten foar starters opsmyt; ➢ de definysje fan wat in betelbere wenning foar starters is, net dúdlik en rjochtingjouwend foar takomstige bou is; ➢ der ferskate finansieringsmooglikheden binne om starters op de wenningmerk te helpen om dochs noch in wenning keapje te kinnen, tink oan de KoopStart, KoopGarant regeling en erfpacht u.o.; ➢ yn jannewaris 2024 it Keapfûns foar betelbere wenningen op de merk komt; ➢ we by starterswenten ek tinke moatte oan tiidlike wenfoarmen; ➢ we by it ferlet fan betelbere hier- of keapwenten bûten de hjoeddeistige regels om tinke kinne; ➢ it goed is om alle mooglikheden foar betelbere wenningen op in rychje te setten; fersiket de Ried: ➢ om in wurkgroep te formearjen út de ried wei; ➢ dizze wurkgroep de opdracht te jaan om in ekspertmeeting oer de betelberens fan nij te bouwen wenten yn de gemeente Noardeast-Fryslân te organisearjen; ➢ dêrby gebrûk te meitsjen fan stipe fan de griffy;
➢ de einresultaten fan de ekspertmeeting te brûken foar takomstich belied op it mêd fan betelber wenten bouwen; fersiket it kolleezje: ➢ de nedige amtlike stipe te jaan oan dit ynisjatyf, en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: A. Buwalda (FNP), S!N, CDA, PvdA, Tien, GBNF, VVD, BVNL
Stimming
Foar: FNP, S!N, CDA, PvdA, Tien, GBNF, VVD, BVNL, CU (28)
Tsjin: -
Moasje oannnaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 9 novimber 2023. De ried niisneamd, de griffier,
de foarsitter,
{{Signer1}}
{{Signer2}}
Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 09/11/2023 21:29:01 CET ID: e0ddf2b2-d2b2-48f8-a211-7bf303f94172 Auth: Scribble
mr. S.K. Dijkstra
Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 09/11/2023 21:48:55 CET ID: e0ddf2b2-d2b2-48f8-a211-7bf303f94172 Auth: Scribble
mr. J.G. Kramer