Bijlage 3 - Coalitieakkoord Noardeast-Fryslan 2026 met Portefeuilleverdeling_Frysk
Tekst van het document
Mei-inoar bouwe oan in sterke takomst
Koalysjeakkoart 2026 - 2030 CDA, S!N, CU, GBNF, VVD
ynhâldsopjefte
Ynlieding
2
Finansjele posysje en koers
3
Programma 1 - Ynwenner en Bestjoer
5
Programma 2 - Mienskip
9
Programma 3 - Soarch en Wolwêzen
14
Programma 4 - Wurk, Bedriuw en Rekreaasje
17
Programma 5 - Wenjen en Omjouwing
21
Programma 6 - Iepenbiere Romte
25
Finansjele paragraaf
28
Ta beslút
29
Portefúljeferdieling
30
Ynlieding MEI-INOAR BOUWE OAN ‘E TAKOMST FAN NOARDEAST-FRYSLÂN Noardeast-Fryslân is in gemeente mei fitale doarpen, in sterke stêd en in hechte mienskip. Minsken sette harren yn foar inoar, ferienigingen soargje foar moeting en it lânskip en de regio bepale foar in wichtich part wa’t wy binne. Dat makket ús gemeente sterk, mar freget ek om soarchfâldige keuzes foar de takomst. Tagelyk libje wy yn in tiid wêryn’t ûntwiklingen bûten ús gemeente hieltyd sterker trochwurkje yn ús deistich libben. Ynternasjonale spanningen, in feroarjende wrâldoarde en tanimmende ûnwissigens op it mêd fan ekonomy, feiligens en enerzjy binne ek lokaal te fernimmen. Dat freget om bestjoerlike wendberens en in gemeente dy’t har rol pakt yn it fuortsterkje fan werberens, gearhang en betrouwen yn de mienskip. Wy kieze der as koalysje foar om yn dizze kontekst ferantwurdlikens te nimmen foar de ûntwikling fan Noardeast-Fryslân. Dat dogge wy troch realistyske keuzes te meitsjen, rjochte te ynvestearjen dêr’t der ferlet fan is en tagelyk each hâlde foar wat ús gemeente sterk makket. De kommende jierren steane wy foar opjeftes dy’t net altyd ienfâldich binne. De druk op ‘e soarch en foarsjennings nimt ta, de ekonomy feroaret, de romte wurdt krapper en finansjele mooglikheden binne beheind. Dêrneist binne der ûntwiklingen yn ‘e regio en dêrbûten dy’t fan ynfloed binne op ús gemeente.
Wy kieze derfoar om dizze útdagings realistyk en mei betrouwen oan te pakken. Wy bouwe troch op wat der al is. Yn ‘e ôfrûne jierren is der in soad yn gang set. Dy line sette wy troch. Wy kieze derby foar fokus, gearhang en ôf te rûnen wat wy begongen binne, yn balâns mei it oppakken fan nije ambysjes. Net alles kin tagelyk en net alles kin oeral. Wy meitsje bewuste keuzes, mei each foar wat it measte bydraget oan ús ynwenners, doarpen en stêd. Wy hantearje dêrby in dúdlike finansjele basis. Wy gean soarchfâldich om mei middels en stjoere op in sûn lykwicht, wêrby’t strukturele kosten drage wurde troch strukturele ynkomsten. Tagelyk bliuwt Noardeast-Fryslân in ûntwikkelgemeente. Wy ynvestearje dêr’t der ferlet fan is, mar altyd mei each foar helberens, útfierberens en lange termyn effekten. De mienskip stiet sintraal. Wy leauwe yn in mienskip wêryn ynwenners, ferienigingen en ûndernimmers sels ynisjatyf nimme. De gemeente stipet en fasilitearret dêr’t der ferlet fan is, mar nimt dy rol net oer. Tagelyk binne wy der foar ynwenners dy’t dat sels net organisearje kinne. Wy sykje hieltyd de balâns tusken eigen krêft en stipe, tusken romte jaan en ferantwurdlikens nimme. Us gemeente stiet stevich yn ‘e regio en sjocht ek fierder. In soad fraachstikken hâlde net op by de gemeentegrins.
Dêrom wurkje wy gear mei oare gemeenten, provinsje, Ryk en Europa en soargje wy dat wy op de juste mominten op it juste plak sichtber binne. Sa bliuwe wy ynfloed útoefenjen en benutte wy kânsen foar ús ekonomy, leefomjouwing en mienskip. De keuzes dy’t wy meitsje dogge wy soarchfâldich, yn ferbining mei de mienskip en mei de gemeenteried. Wy jouwe romte oan petear, oan ynbring en oan bystjoering dêr’t der ferlet fan is. Dat past by ús wize fan wurkjen: iepen, dúdlik en betrouber. Mei dit koalysjeakkoart kiest de koalysje foar in Noardeast-Fryslân dat: • tichtby en betrouber is yn bestjoer en tsjinstferliening; • sterk yn ‘e mienskip stiet en iepen stiet foar eltsenien; • soarchfâldich omgiet mei middels en keuzes; • wurket oan in takomstbestindige gemeente. CDA, S!N, CU, GBNF, VVD
03
FINANSJELE POSYSJE EN KOERS Noardeast-Fryslân hat in solide basis, mar de romte is beheind. De kommende jierren nimt de finansjele druk en kompleksiteit ta, ûnder oaren troch ûnwissichheden oer ryksbydragen en op de lange termyn, de ûntwikling fan soarchkosten, ekonomyske ûntwiklingen en it kapitaalguodbehear. Yn de kommende perioade wurkje wy oan it fierder oanskerpjen fan it ynsjoch en it kapitaalguodbehear en de oanbelangjende ynvestearringsopjefte. Tagelyk krije gemeenten hieltyd mear taken en ferantwurdlikheden, wylst middels en personiele kapasiteit net yn deselde mate meigroeie. Dit makket it needsaaklik om skerper te prioritearjen, keuzes te meitsjen en de beskikbere middels doelmjittich yn te setten. Dat freget om in soarchfâldige en realistyske koers. Wy hâlde ús kosten behearsber, gean soarchfâldich om mei reservers en waakje derfoar dat besluten fan hjoed gjin ûnnedige druk lizze op takomstige generaasjes. Tagelyk wolle wy gjin gemeente wêze dy’t stil falt. Noardeast-Fryslân is en bliuwt in ûntwikkelgemeente, dy’t net bang is te ynvestearjen dêr’t it nedich is foar ynwenners, doarpen, wiken, bedriuwen en de kwaliteit fan ús leefomjouwing. Dat dogge wy binnen dúdlike finansjele kaders: soarchfâldich, doelmjittich en mei each foar útfierberens. Untwikkeljen betsjut foar ús foarútgang boeke dêr’t it echt ferskil makket. Dat freget om dúdlike keuzes.
Net alles kin tagelyk en net alles kin oeral. Wy stjoere op fokus, fasearring en gearhang, en jouwe prioriteit oan it dien meitsjen en bestindigjen fan wat al yn gang set is. Wy meitsje dêrby bewust ûnderskied tusken wat no needsaaklik is en wat letter kin as oars kin. Nije ûntwiklingen waagje wy hieltyd ôf tsjin finansjele helberens, útfieringskrêft en maatskiplike opbringst. Dêr’t mooglik en winsklik is wurkje wy gear en benutte wy eksterne middels, sûnder ôfhinklik te wurden as strukturele risiko’s te nimmen. Wy ûntkomme der net oan om de kommende perioade in besunigingsronde ta te rieden en út te fieren. Dêrby kieze wy foar in soarchfâldige oanpak, wêryn wy keuzes transparant meitsjen en maatskiplike effekten neidruklik meiwaagje. It útgongspunt is dat needsaaklike ombûgings bydragen oan duorsume finansjele sûnens, wêrby’t wy ynvestearjen bliuwe yn wat echt wichtich is foar ynwenners en mienskip. Sa kieze wy foar in sûne balâns: earst de basis op oarder, rinnende trajekten ôfrûnjen en boargjen, en gerjocht ynvestearjen dêr’t it ferantwurd kin. Wy hantearje as útgongspunt dat wy allinnich strukturele útjeften dogge wannear’t dêr strukturele middels tsjinoer stean. Insindintele middels sette wy gerjocht yn om ûntwiklingen oan te jaagjen dy’t op termyn bliuwend effekt hawwe. De gemeenteried bliuwt neidruklik belutsen by de finansjele koers.
Wy soargje fia de reguliere planning-en control syklus foar transparânsje, tiidige bestjoering en heldere keuzes. Sa hâlde wy grip op ús finânsjes en bliuwe wy romte hâlden om te dwaan wat nedich is foar Noardeast-Fryslân, no en yn ‘e takomst.
Programma 1
YNWENNER EN BESTJOER
05
TICHTBY, BETROUBER EN FERANTWURDLIK Goed bestjoer begjint by betrouwen. Yn Noardeast-Fryslân wolle wy in gemeente wêze dy’t tichtby ynwenners, ûndernimmers en organisaasje stiet, dy’t docht wat hja taseit en ferantwurdlikens nimt wannear’t dêr ferlet fan is. Wy kieze foar in bestjoersstyl dy’ iepen is, betrouber en benaderber is, mei each foar de minsklike maat én foar de maatskiplike opjeftes dêr’t wy foar stean. De relaasje tusken oerheid en mienskip stiet ûnder druk. Ynternasjonale ûntwiklingen, digitalisearring en desynformaasje reitsje ek ús gemeente. Dat freget om in bestjoer dat dúdlik kommunisearret, ynwenners serieus nimt en sichtber is. Tsjintferliening foarmt hjiryn in wichtich fundamint: begryplik, tagonklik en passend by ferskate situaasjes en ferlet. Bestjoer giet ek oer feiligens en werberens. Wy wolle soargje foar in feilige leefomjouwing, wêryn’t wy ûndermijning tsjingean en wêryn’t wy ynwenners, ûndernimmers en maatskiplike organisaasjes stypje yn it weerber bliuwe yn in feroarjende wrâld. Dêrby sykje wy hieltyd de balâns tusken eigen ferantwurdlikens en in belutsen, stypjende oerheid. Noardeast-Fryslân stiet stevich yn har mienskip en sjocht tagelyk bewust nei bûten. In soad fraachstikken dy’t ús ynwenners reitsje wurde mei bepaald troch regionale, nasjonale en Europeeske ûntwiklingen.
Us koalysje kiest der dêrom foar om aktyk regy te hâlden en op ús posysje, gear te wurkjen mei partners en ús belangen sichtber en profesjoneel te behertigjen. Bestjoeren betsjut ek keuzes meitsjen. Wy nimme ferantwurdlikens foar wetlike taken en maatskiplike opjeftes, mei each foar draachflak, soarchfâldigens en lokale regy. Dêrby jilt hieltyd: de fraach is net óft wy ús ferantwurdlikens nimme, mar hoe’t wy dat dogge op in wize dy’t past by Noardeast-Fryslân en har ynwenners. Mei Programma Ynwenner en Bestjoer sette wy yn op in gemeente dy’t tichtby en tsjintber is dêr’t it kin, stevich en dúdlik wannear’t it moat, en betrouber yn alles wat hja docht.
Tsjintferliening: iepen, tichtby en betrouber Noardeast-Fryslân wol in gemeente wêze dy’t tichtby har ynwenners, ûndernimmers en organisaasjes stiet. De ôfrûne perioade is it Programma Tsjinstferliening in stevige basis lein foar in betroubere gemeentlike tsjintferliening. Mei de fêststelde fyzje op tsjinstferliening en de organisaasjebrede beweging IEPEN (“iepen stean = fierder helpe”) jouwe wy hjir alle dagen konkreet ynfolling oan. Wy dogge wat wy tasizze, soarchfâldich en fan grutte linen oant yn detail.
Feiligens De gemeente Noardeast-Fryslân wol in sa feilich mooglike leefomjouwing biede oan har ynwenners. De mienskip feroaret oanhâldend en dat bringt ek hieltyd feroarjende bedrigingen fan ús feiligens mei har mei. Wy wurde hieltyd faker konfrontearre mei ûndermijnende kriminaliteit. De wiidweidigens fan ús gemeente mei in grut bûtengebied en ôflizzende gebouwen makket ús gemeente relatyf oantreklik en dus kwetsber foar organisearre kriminaliteit.
Us tsjinstferliening is digitaal dêr’t it kin en persoanlik dêr’t it moat. Ynwenners kinne ienfâldich kontakt mei ús lizze, krije dúdlike en begryplike antwurden en witte wêr’t hja oan ta binne. Wy kommunisearje as gemeente yn dúdlike taal. Wy hâlde each foar ferskillen tusken minsken: tsjinstferliening is ynklusyf en tagonklik foar eltsenien. De minsklike maat bliuwt liedend, júst ek dêr’t wy digitaal mear mooglik meitsje.
Dêrom sille wy ús de kommende perioade rjochtsje bliuwe op it bestriden fan ûndermijning. Dat dogge wy mei ús fergunningsbelied, it tafersjoch en foar ynformaasje-útwikseling tusken ynstânsjes. Wy sille ek in berop dwaan op ús ynwenners om sinjalen te werkennen en oan ús troch te jaan. Yn de Veiligheidsnota dy’t de ried de kommende perioade fêststelle sil, sille wy dit opnij as in wichtige prioriteit opnimme.
06
Werberens Der bart in soad yn de wrâld en yn de mienskip. Oarlogen, skaarste, klimaatferoaring en de ynfloed fan sosjale media reitsje ek ús gemeente. Dit kin liede ta ûnwissigens, in ôfnimmend gefoel fan feiligens en druk op it betrouwen yn ‘e oerheid. Ek desynformaasje kin har rap ferspriede en it maatskiplik betrouwen skea oandwaan. Dizze koalysje wol ynwenners, ûndernimmers, ferienigings en maatskiplike organisaasjes stypje yn it fuortsterkje fan harren werberens. Dat dogge wy troch dúdlike ynformaasje te bieden, gear te wurkjen mei partners yn de mienskip en oandacht hawwe foar werberens yn relevante beliedsfjilden. Wy stimulearje selsrêdsumens dêr’t dat kin en biede stipe dêr’t der ferlet fan is. Dêrby sykje wy hieltyd nei in goeie balâns tusken it fuortsterkje fan eigen krêft en it ûnderhâlden fan in sterke, belutsen relaasje tusken gemeente, ûndernimmers en ynwenners.
Noardeast-Fryslân yn Europa: stevich woartele, nei bûten rjochte Noardeast-Fryslân is in gemeente mei in sterke eigen identiteit, woartele yn harren doarpen, stêd, lânskip en mienskip. Krekt troch dy ferbûnens mei ús omjouwing makket dat wy ek nei bûten sjogge. De opjeften dêr’t ús ynwenners, ûndernimmers en maatskiplike partners
foar stean-fan leefberens en wenjen oant ekonomy, lânbou, ynnovaasje en natuer-hâlde net op by de gemeentegrins. Hja wurde yn tanimmende mate beÿnfloede troch regionale, provinsjale, nasjonale en Europeeske ûntwiklingen. Wy kieze der bewust foar om aktyf te ynverstearjen yn de eksterne posysje fan Noardeast-Fryslân, omdat dit direkt bydraget oan de kânsen en mooglikheden foar ús gemeente. Europa is dêrby gjin doel op himsels, mar in bestjoerslaach en netwurk dat grutte ynfloed hat op wetjouwing, ynvestearring en ûntwiklingrjochtingen dy’t ús reitsje. Sichtber en organisearre meidwaan fergruttet ús ynfloed en foarkomt dat oaren de aginda bepale. It Europeeske boattersfjild feroaret. De klam ferskowt nei feiligens en werberens, in duorsume en ynnovative ekonomy en digitalisearring, wylst middels foar regio’s en plattelân minder fanselssprekkend binne. Dit freget dat gemeenten tidich posysje kieze, gearwurkje en harren ferhaal skerp delsette. Foar Noardeast-Fryslân betsjut dit: gerjocht ynvestearje yn relaasjes en netwurken, sadat wy meidwaan kinne wannear’t it der op oankomt. Fia it Nationaal Programma Vitale Regio’s, wêryn dúdlik wurde moat dat ‘eltse regio telt’ sykje wy hieltyd nei mooglikheden om ryksbelied en finânsjes better ta harren rjocht kommen te litten yn ús regio en ús gemeente.
07
Wy sjogge Noardeast-Fryslân derby neidruklik as ûntwikkelgemeente: in gemeente dy’t net bang is om te stjoeren, ynisjatyf nimt en de nekke útstekt om wat te betsjutten foar har ynwenners en bedriuwen. Dat dogge wy net allinne, mar mei regionale partners, de provinsje Fryslân, it Ryk en yn Europeeske netwurken. Wy bliuwe aktyf dielnimmen oan gearwurkingsferbannen sa as Europa Pact Fryslân, ANNO, P10, netwurken foar Waadsee en Waadkust en fuortsterkje ús sichtberens yn Europa dêr’t dat relevant is foar ús opjeften. De stedenbân mei Fulda en Crediton sjogge wy as weardefolle, langduorrige relaasjes tusken gemeenten en mienskippen, dy’t romte biede foar moetsjen, útwikseling en oer en wer begryp. Us ynset rjochtet har op tema’s dy’t passe by ús gebiet en ús takomst: vitale doarpen en wiken, wenjen en soarch, in sterke en duorsume regionale ekonomy, en de kwaliteit fan lânskip, wetter en leefomjouwing. Dêrby hat ús Waadkust en it omlizzende lânskip in bysûndere betsjutting. It Waadgebiet is net allinnich in natuergebiet fan wrâldklasse, mar ek in boarne fan identiteit, ekonomy en leefkwaliteit foar ús ynwenners. Dêrby hechtsje wy wearde oan in dúdlike gemeentlike rol foar it Waadgebiet, troch in bestjoerlike en amtlike fokus te rjochtsjen op de Wadden.
Leafde foar it lânskip en soarch foar de kust foarmje in fanselssprekkend part fan hoe’t wy ús regionaal en Europeesk posysjonearje: soarchfâldich, mei each foar ekology én takomstbestindige bedriuwichheid en rekreaasje. In aktive eksterne posysje freget om bestjoerlike skerpte en realisme. Wy kieze foar fokus en gearwurking en ferbine Europeeske ûntwiklingen oan wat lokaal spilet. Europeeske gearwurking helpt ús om goed tared te wêzen op nije regels, kânsen foar ynnovaasje en ûndernimmerskip te benutten en ambysjes te realisearjen dy’t oars bûten berik bliuwe. Sa fuortsterkje wy de fearkrêft fan Noardeast-Fryslân en hâlde wy regy op ús eigen ûntwikling. Mei dizze koers kieze wy foar in Noardeast-Fryslân dat stevich yn ‘e regio stiet, sichtber en op it júste momint en nivo, en betrouwen hat yn ‘e eigen krêft. Nei binnen woartele, nei bûten rjochte - mei lef, realisme en each foar wat ús gemeente bysûnder makket. Utfiering Spreidingswet en realisaasje AZC In krusjaal fraachstik foar ús as nije koalysje is de útfiering fan de Spreidingswet en de oanbelangjende opjefte foar de opfang fan asylsikers. De minister hat de gemeente hjiroer al skriftlik ynformearre en de ryksoer-
heid is begûn mei aktive hanthavening. Dêrmei is dúdlik dat it foldwaan oan de wetlike opjefte gjin frijbliuwende keuze is. De sintrale fraach dêrby is net óft de wet útfierd wurdt, mar hoe Noardeast-Fryslân hjir ynfolling oan jout: ôfwachtsjend en reaktyf, of proaktyf en mei behâld fan lokale regy. •
Trochtaastende oanpak; bestjoerlike ferantwurdlikens en bliuwende mearwearde De koalysje kiest mei klam foar in proaktive oanpak mei behâld fan lokale regy. Wy nimme ús wetlike taak op ús en jouwe hjir soarchfâldich en trochtaastjend útfiering oan. Begjin fan dizze bestjoersperioade begjinne wy hjir mei. Dat betsjut dat wy bestjoerlike ferantwurdlikens nimme, foarkomme dat de gemeente foar in foldongen feit pleatst wurdt en sels rjochting jouwe oan lokaasjekeuze, rânebetingsten en proses. Wy sette yn op it realisearjen fan it nedige tal opfangplakken konform de Spreidingswet. Dêrby kieze wy foar in opfanglokaasje mei in jildichheidstermyn fan maksimaal 10 jier, dy’t by foarkar nei ôfrin beskikber komme kin foar oare doelgroepen en dêrmei bliuwende mearwearde hat foar ús ynwenners.
•
Lokaasjeûndersyk en betingsten De realisaasje fan in AZC freget om soarchfâldige ôfwagings. Dêrom wurdt in breed lokaasjeûndersyk útfierd, wêrby’t wy op syk gean nei nije lokaasjes. By de beoardieling en útwurking fan mooglike lokaasje jilde heldere ynhâldlike kondysjes, wêrûnder: - Feiligens en leefberens foar sawol bewenners fan de opfang as omwenjenden; - Duorsume ynpassing yn de omjouwing, sawol sosjaal as fysyk; - Goeie berikberens fan foarsjenning en winkels; - In feilige en passende ferkears-en ûntslutingssituaasje, ynklusyf berikberens fan helptsjinsten; - Realistyske ynskatting fan prosedueres en trochrintiden; - Beskikberens en oanslútberheid op it elektrisiteitsnet; - Ynsjoch yn lokaasjebûne finansjele gefolgen.
Dizze kondysjes binne bedoeld as toetsings-en kwaliteitsramt, net as fertraagjende faktoaren. De taakstelling voor 2027 en 2028 wordt, zoals op dit moment bij ons bekend, 214. Het betreft 200 reguliere opvang (asielzoekers) en 14 AMV-ers.
08
•
Feiligens, monitoaring en bystjoering Feiligens foar ynwenners én foar minsken dy’t opfongen wurde is in rânebetingst. Yn gearwurking mei it COA en oaren partners wurdt soarge foar passende maatregels binnen en rûnom de opfanglokaasje. Wy kieze foar in trochrinnende monitoaring. Wy hâlde aktyf de finger oan de pols en stjoere dêr’t ferlet fan is, bygelyks op it mêd fan feiligens, leefberens as organisaasje fan de opfang.
•
Partisipaasje, kommunikaasje en draachflak Goeie útfiering freget om iepen, aktive en trochrinnende kommunikaasje. Dit betsjut mear as
ynformearjen allinne. Wy gean it petear oan mei de ynwenners, erkenne soargen en beswieren en nimme dizze serieus. Wy ynvestearje bewust yn partisipaasje, ferbining en betrouwen, en wurkje oan draachflak troch transparânsje en tichtby te wêzen. By de partisipaasje binne wy yn ’t foarren dúdlik oer wat wy dwaan kinne mei de útkomsten. •
Maatskiplike ferantwurdlikens Fanút in dield besef fan maatskiplike ferantwurdlikens wol Noardeast-Fryslân bydrage oan in feilige opfang fan minsken dy’t op ‘e flecht binne foar oarloch en geweld. Dit dogge wy op in wize dy’t past by ús regio: fanút wetlik ramt, mar mei behâld fan lokale regy en belutsenens.
Foto: Marja Poldermans
Programma 2
MIENSKIP
10
MEI-INOAR LIBJE EN FIERDER BOUWE Noardeast-Fryslân is in gemeente fan 52 doarpen, ûngefear 56 buorskippen en in stêd, fan sterke mienskippen en belutsen ynwenners. De mienskip foarmt it hert fan ús maatskippij. Minsken moetsje inoar fia ferienigings, tsjerken, kultuer, sport, taal, tradysjes, media en foarsjennings tichtby. Dat sosjale weefsel wolle wy koesterje en fuortsterkje, júst yn in tiid wêryn mei-inoar libje net altyd fanselssprekkend is. Wy stean foar in iepen en ynklusive mienskip, wêryn’t eltsenien mei dwaan kin harren wolkom fielt, ûngeacht ôfkomst, leeftyd, levensstijl, leauwensoertsjûging as geaardheid. Wy kieze foar ferbining en ûnderlinge belutsenens, mei respekt foar ferskillen. Tagelyk past dêrby in nuchtere rolopfetting fan de gemeente: wy stypje en fasilitearje dêr’t ferlet fan is, mar nimme it ynisjatyf en de ferantwurdlikens fan ynwenners, ferienigings en mienskippen net oer. Ferienigings, frijwilligers en maatskiplike organisaasjes binne ûnmisber foar de mienskip. Hja organisearje moeting, aktiviteiten en soargje foar gearhang. De gemeente wol harren stypje op in wize dy’t tagonklik is, ienfâldich en foarspelber, mei sa min mooglik regels en ien dúdlik oansprekpunt. Sa helpe wy netwurken te behâlden en te fuortsterkje, sûnder harren te ferstikke.
Mienskip freget ek om plakken en foarsjennings dêr’t minsken inoar moetsje kinne, leare en harren ûntwikkeljen. Doarpshuzen, sportferienigings, kulturele aktiviteiten, biblioteken en lokale media spylje hjiryn in wichtige rol. Hja drage by oan leefberens, kânsengelykweardigens, ynformaasjefoarsjenning en werberens yn in mienskip wêryn desynformaasje en yndividualisearring tanimme. Wy benaderje dizze foarsjennings yn gearhang en meitsje dêrby bewuste keuzes, rjochte op kwaliteit, berikberens en takomstbestindigens. Mei dit programma sette wy yn op in ynklusive mienskip mei respekt foar tradysjes en talen, each foar fernijing en feroaring, en romte foar eltsenien om mei te dwaan. Wy bouwe troch op wat der is, fuortsterkje wat wurket en meitsje soarchfâldige keuzes dy’t nedich binne om de mienskip ek op langere termyn sterk te hâlden. Underhâldsfûns Doarpshuzen Doarpshuzen hawwe in wichtige funksje foar de leefberens yn ús doarpen en wiken. Ek yn de Visie op
Wonen en Zorg is opnommen dat sosjale moetings belangryk binne en dat doarpshuzen dêr in sleutelrol yn ferfolje. Neist in jierliks ûnderhâldbudzjet is der in pear jier lyn in Underhâldsfûns foarme om de eigenaren, oer it algemien de doarpen sels, by steat te stellen te ynvestearjen yn bygelyks duorsumens. Wy wolle it besteande fûns hanthavenje en op basis fan in goeie analyze nei gebrûk fan it fûns en de steat fan de doarpshuzen beslute oft en yn hokker mate der oanfoljende middels nedich en ferantwurd binne. Dêrby waagje wy keuzes hieltyd ôf yn gearhang mei oare ynvestearings yn leefberens en binnen de beskikbere finansjele kaders. Doarpen- en Wikenbudzjet Mei it doarpen-en wikenfûns kinne doarpen en wiken ynisjativen útfiere dy’t de leefberens fuortsterkje. Yn it resintlik útkommen evaluaasjerapport sjocht de koalysje in befêstiging fan it belang en de tafoege wearde fan dit fûns. Dêrom wolle wy dit struktureel opnimme yn ‘e begrutting. Dêrmei kinne subsydzjes út dit fûns in driuwtsjil foarmjen foar it oanlûken fan oare finansjearringsbronnen. De koalysje sjocht it Doarpen-en Wikenfûns foaral as ynstrumint foar ko-finansjearring. Sa as it rapport oanjout, is it wichtich dat dit fûns doelmjittich (doelmjittiger) ynset wurdt en dat der yn de útfiering op let wurdt dat it fûns brûkt wurdt foar dêr’t it foar bedoeld is.
It jierlikse bedrach kin ûnôfhinklik fan de grutte fan it doarp foar eltsenien in fêst bedrach wurde. In leechdrompelige tagong, keppele oan doelmjittichheid en in ienfâldige foarm fan ferantwurding jout in passende opfolging oan de oanbefelings út it evaluaasjerapport. Stipe fan ferienigings nei it beëinigjen fan de âld-papierregeling Us gemeente benut noch net alle mooglikheden om optimaal ôffal te skieden. In wichtige ferbetterslach is ûnder oaren te meitsjen by de ynsammeling fan âld papier en karton. Dizze koalysje wol dy ferbetterslach meitsjen troch ynfiering fan in ynsammelsysteem dat oanslút by it wetlike ramt en by de ambysjes fan de gemeente op it mêd fan ôffalskieding en de VANGdoelstellingen. Dêrneist wol dizze koalysje it âld papier en karton foar de hiele gemeente op deselde wize ynsammeljen gean. Oeral dêr’t it mooglik is krije ynwenners de beskikking oer in kontener foar papier en karton.
11
Foar de binnenstêd fan Dokkum en appartemintenkompleksen yn ús gemeente sil nei de meast praktyske en wurkbere oplossing socht wurde. Wy binne ús der fan bewust dat dizze keuze gefolgen hat foar ferienigings en oare partijen dy’t no noch âld papier ynsammelje en dêr ynkomsten úthelje. Dêrom sykje wy nei in suvere en earlike oplossing. Dit yn de foarm fan in ôfbouregeling om ynsammeljende partijen dêr’t der ferlet fan is te kompensearjen by de oergong nei in nije foarm fan stipe foar it ferienigingslibben. Tidens dizze oergongsperioade wurde besteande knipepunten en oare ûnwinsklike situaasje yn oerlis mei de belutsen partijen oplost. Oer de opset en útfiering fan de ôfbouregeling fynt oerlis plak mei alle belutsenen, sadat de oergong soarchfâldich ferrint en rjocht docht oan ferskate belangen. Foar bysûndere situaasjes is ekstra oandacht.
Underwiis en ûnderwiishúsfesting Wy steane foar goed ferspraat, kwalitatyf ûnderwiis dat goed berikber is. De gemeentlike ferantwurdlikens foar ûnderwiishúsfesting foar primêr en fuortset ûnderwiis brûke wy om de skoallebestjoeren de gelegenheid te jaan dit op in goeie wize te realisearjen. Ynvestearringen yn ûnderwiishúsfesting wurde hjirfoar as stipe- en stjoeringsmiddel brûkt. Foar gruttere skoallen bliuwe wy achter it hjoeddeistige belied fan it foarmjen fan yntegrale berne-sintra stean, sadat de opfang fan skoallegeande bern yn of tichtby de skoalle sels plakfine kin. Dêrby heart de ferantwurdlikens foar it boukundich realisearjen fan romten foar opfang, keppele oan slutende, strukturele ôfspraken mei de eksploitanten oer in kostendekkende hierpriis. Foar lytsere skoallen sjogge wy dat net al helber. It realisearjen fan ûnderwiishúsfesting dogge wy doelmjittich en effisjint en wurdt strak en profesjoneel, projektmjittich oanpakt.
Us doel is te kommen ta in breed droegen, ferfangjende en strukturele regeling dy’t rjocht docht oan de ynset fan ferienigings foar mienskipsfoarming en kultuer. Hjirfoar wolle wy in fûns ynstelle wêrmei wy’t ferienigings op in transparante, takomstbestindige en earlike wize stypje. Dizze nije regeling wurkje wy yn nauwe gearwurking út mei it ferienigingslibben, mei oandacht foar in passende foarm fan partisipaasje.
Kultuer: ferbine, belibje en fernije Kultuer is wichtich foar Noardeast-Fryslân. It bringt minsken by-inoar, draagt by oan wolwêzen en makket doarpen en stêd libbend. Kultuer helpt om iensumens tsjin te gean, jout romte foar kreativiteit en fuortsterkt de identiteit fan ús gemeente. Wy sjogge de wearde fan kultuer yn brede sin. Lokale ynisjativen, ferienigings en amateurkeunst foarmjen de basis fan it kulturele libben
12
yn ús doarpen en wiken. Dêrneist hat ek profesjoneel en ûnderskiedend kultureel oanbod wearde, bygelyks foar de útstraling en oantreklikheid fan Noardeast-Fryslân as sintrumgemeente. Beide foarmen fan kultuer binne wichtich en fuortsterkje inoar. Wy bouwe troch op wat der al is en hawwe wurdearring foar de ynset en enerzjy yn de kulturele sektor. Tagelyk sjogge wy dat it hjoeddeistige kultuersubsydzjebelied ta is oan in goeie werijking. Sa slute wy hjirmei mei klam oan by de troch de ried oannommen moasje: earst ynsjoch, dan keuzes. Dêrom litte wy it besteande subsydzje-ynstrumintarium soarchfâldich analysearje en evaluarje. Op basis dêrfan wurde mearde opsjes útwurke foar de nije kultuernota, sadat de ried goed ûnderboude besluten nimme kin. Wy wolle gjin hastige besluten nimme en rinne net foarút op de útkomsten fan dizze werijking. Wol fine wy it wichtich dat it kultuerbelied dúdlik is yn doelen en kritearia, earlik en transparant wurket en romte biedt foar kwaliteit en fernijing. Dêrby sykje wy hieltyd balâns tusken tagonklikens, maatskiplike wearde en ûnderskiedend fermogen, binnen it beskikbere finansjele ramt. Kultuer stiet net op har sels. Wy ferbine kultuer mei klam mei oare opjeften, sa as leefberens, wolwêzen en de ûntwikling fan doarpen en stêd.
Mei makkers, ferienigings, ynstellingen en oare partners wurkje wy ta nei in takomstbestindige kultuernota, dy’t rjochting jout en tagelyk romte lit foar ynisjatyf fan ûnderen op.
Sport: sûn, aktyf en ferbûn Sport en bewege helpe ynwenners fan NoardeastFryslân sûn, aktyf en ferbûn te bliuwen. Hja drage by oan sûnens, wolwêzen en moetsjen, en fuortsterkje de gearhang yn doarpen en wiken. Sportferienigings spylje dêrby in ûnmisbere rol. Dizze koalysje wol sport en bewege foar safolle mooglik ynwenners tagonklik hâlde, mei oandacht foar jeugd, âlderein en minsken foar wa’t meidwaan net fanselssprekkend is. Wy hawwe wurdearring foar de ynset fan frijwilligers en ferienigings, dy’t mei in soad belutsenens soargje foar in breed sportoanbod. De gemeente stipet dit dêr’t der ferlet fan is, mei each foar betelberens, ienfâld en gearwurking. Dêrby stimulearje wy dat sport ek bydraget oan previnsje, fitaliteit en it meidwaan yn de mienskip. Sport freget ek om goeie en feilige foarsjennings. Sportakkomodaasjes en swimbaden binne wichtich foar sportbeoefening, swimfeiligens en moetsjen, mar bringe ek hege kosten mei harren mei foar behear, ûnderhâld en enerzjy. Wy kieze dêrom foar in soarchfâldige en op ‘e takomst rjochte oanpak, rjochte op in duorsum sportnetwurk fan foarsjennings. Dêrby stjoere wy op behâld en fuortsterking fan foarsjennings dy’t oantoanber brûkt wurde en bydrage oan leefberens, en meitsje wy keuzes op basis fan gebrûk, duorsumens en finansjele helberens.
By it meitsjen fan keuzes sykje wy aktyf de dialooch en gearwurking mei sportferienigings en gebrûkers, sadat ôfwagings soarchfâldich en mei kennis fan it fjild ta stân komme.
13
Net alles kin oeral en net alles kin tagelyk. Dêrom hantearje wy it útgongspunt fan strategyske sprieding: sportfoarsjennings moatte mei-inoar soargje foar berikberens en sprieding binnen de gemeente, sûnder dat dit liedt ta ûnnedige doublures as ûnhâldbere kosten. Ofwagings oer sportakkomodaasjes en swimbaden meitsje wy yn gearhang mei oare foarsjennings yn doarpen en stêd, en altyd binnen de beskikbere finansjele kaders. Nije ynvestearringen as yngripende wizigingen wurde soarchfâldich tared en fia de reguliere beslútfoarming oan de ried foarlein. Sport stiet net op har sels. Wy ferbine sport en bewegen mei oare opjeften, sa as sûnens, jeugdbelied, leefberens en de foarsjenningsstruktuer. Mei ferienigings, gebrûkers en oare partners wurkje wy oan in sportbelied dat helder is yn keuzes, foarspelber yn stipe en takomstbestindich yn útfiering.
Frysk taalbelied De gemeente Noardeast-Fryslân hecht wearde oan meartaligens en oan de mooglikheid foar ynwenners om harren te uterjen yn de taal dy’t by har past. It Frysk is foar in soad ynwenners de memmetaal en it fertsjinnet as erkende rykstaal in wichtige funksje yn ús mienskip. Wy hawwe as gemeentlike oerheid in foarbyldfunksje foar it yn stân hâlde en yn eare hâlde fan it Frysk. Bysûndere oandacht wolle wy besteegje oan de regio yn ús gemeente dêr’t it Frysk net de earste taal is, te witten de streek oan de eastkant fan de gemeente mei de kearnen Burum, Munnekezijl, Warfstermolen en Kollumerpomp en it stêdsfrysk yn Dokkum. Wy fine dat by meartaligens heart dat ek oare talen en streektalen de romte krije.
It taalbelied mei net in beheining opsmite foar de tagonklikens, gastfrijheid en tsjinstferliening fan de gemeente. It taalbelied moat yn oerienstimming bliuwe mei de wearden (Inclusief, Eenvoudig, Persoonlijk, Eigentijds, Nauwkeurig: IEPEN) dy’t foar Noardeast-Fryslân liedend binne foar de tsjinstferliening. Wy kieze dêrom foar behâld fan it besteande Frysk taalbelied. Omdat wy de kwaliteit fan ús tsjinstferliening foaropstelle wolle wy dêr’t der ferlet fan is pragmatysk omgean mei it taalbelied. Fan de stelde noarmen foar iepenheid, begryplikheid, gastfrijheid en tagonklikens fan ús tsjinstferliening moat sa min mooglik ôfweken wurde. Wy fine it rjochtfeardige, winsklik en needsaaklik dat der yn ‘e praktyk maatwurk levere wurdt. Dêrom waagje wy soarchfâldich ôf yn hokker situaasjes it sinfol, winsklik as ûnevenriedich hinderlik is om dokuminten yn it Frysk op te stellen. It hjoeddeistige belied sil aktualisearre en evaluearre wurde. Dêrby bringe wy sa helder mooglik yn byld wat de kosten binne, út hokker middels dy kosten dekt wurde (gemeente as provinsje), wêroan it jild bestege wurdt en hokker effekt dat hat op it heljen fan de doelen dy’t wy stelle foar it gebrûk fan it Frysk yn it offisjele ferkear. Mei it each op ‘e finansjele foarútsichten sille wy ek it taalbelied toetse op effektiviteit en doelmjittichheid.
Us ambysje mei it taalbelied stimme wy ôf op it beskikbere budzjet. Sa bliuwt it Frysk in libbende en ferbinende taal yn ús gemeente, dy’t bydraget oan mei-inoar libje en inoar ferstean.
Programma 3
SOARCH EN WOLWÊZEN
15
TAGONKLIK, BETELBER EN YN BALÂNS Noardeast-Fryslân stiet yn it Sosjaal Domein foar grutte en groeiende opjeftes. De fergriizing nimt ta, soarchfragen wurde komplekser en faker mearfâldich, en de druk op ‘e arbeidsmerk soarget foar krapte en mismatch yn krúsjale soarch- en wolwêzenfunksjes. Dêrneist stiet der hieltyd druk op ‘e hûsfesting fan kwetsbere groepen en statushâlders. Tagelyk stiigje de soarchkosten en ûnderfynt ek ús gemeente de hinder fan de tanimmende ôfhinklikens fan ynsidintele ryksmiddels. Dêrtroch hawwe wy gjin finansjele wissigens wat ek foar ús begrutting risiko mei har meibringt. Yn dizze kontekst kieze wy foar in brede beweging fan soarch nei sûnens en wolwêzen, wêryn’t previnsje sintraal stiet. Troch te ynvestearjen yn in sûne leefomjouwing, tidige sinjalearring en it fuortsterkje fan de eigen krêft fan ynwenners, wolle wy problemen safolle mooglik foarkomme en de druk op swierdere foarmen fan soarch ferminderje. Noardeast-Fryslân wol leechdrompelige, foar eltsenien tagonklike foarsjennings biede, sadat minder yndividueel maatwurk nedich is. Tagelyk erkenne wy, en hâlde dêr rekken mei, dat maatwurk foar sommige ynwenners needsaaklik is en bliuwt. Wy bliuwe skerp sjen nei effektiviteit, doelmjittichheid en effisjensy, en gean de effekten fan ús belied trochrinnend monitoaren.
Sa gau as út de monitoaring docht bliken dat bystjoering winsklik is sille wy dêrta oergean. Troch ek trends en finansjele effekten systematysk te monitoaren krije wy mear spesifike ynformaasje en ynsjoch en kinne wy fundearre rjochting jaan oan takomstige keuzes. Dy keuzes sille wy yn elts gefal meitsje mei it each foar wolwêzen fan ús ynwenners, ek wannear’t de besunigingsneedsaak har oantsjinnet. De monitoaring foarmt dêrmei in essinsjeel part fan ús stjoeringsfilosofy. Wy wolle stjoere op in optimaal lykwicht tusken in akseptabel foarsjenningsnivo en in akseptabel kostennivo. Om goed stjoere te kinnen wolle wy safolle mooglik regy en grip hâlde op it sosjaal domein, yn nauwe gearwurking mei partners en maatskiplike organisaasjes. Dêrby sil de gemeente der altyd wêze as fangnet foar ynwenners dy’t it sels net rêde.
Demografyske ûntwiklingen en kânsegelikens De befolking fan Noardeast-Fryslân is oan it fergriizjen en feroaret, mei dêrtroch, stadichoan fan gearstalling. Dy demografyske feroaringen hawwe ferskate gefolgen fan sosjaalekonomyske en sosjaal-maatskiplike aard en ek noch fan kulturele en romtlike aard. Dat hat ynfloed op ‘e soarch, mar dêrneist ek de fitaliteit fan ús doarpen en de kânsen fan ús jeugd op in passend plak yn ús mienskip. Wy gean in op ‘e takomst rjochte oanpak útwurkjen om ûnwinsklike effekten fan dizze ûntwiklingen te bestriide. Wy wolle yn it belied foar it sosjaal domein dêrby in aksint lizze op it safolle mooglik, binnen de mooglikheden dy’t Noardeast-Fryslân dêrfoar hat, lyklûke fan de ûntwikkelkânsen foar alle jongeren. Dit slút oan by ús bredere ynset op previnsje en in sterke sosjale basis. Fitaliteit, sûnens en previnsje Fitaliteit en in goeie sûnens foar alle ynwenners fan Noardeast-Fryslân is foar ús in wichtich doel. It middel om dat doel te benaderjen is previnsje: foarkomme is better én goedkeaper as better meitsje. We gean ynwenners bliuwend stimulearjen om sels regy te hâlden oer harren sûnens en wolwêzen. Goeie gearwurking tusken soarch- en wolwêzenorganisaasjes is hjirby ûnmisber.
Troch yn te setten op tidige sinjalearring en mienskiplike oanpak kinne problemen earder werkend wurde en oanpakt, wêrtroch it ferlet oan swierdere soarch foarkommen wurde kin.
Tagonklike stipe en oanpak fan earmoede Wy fine it wichtich dat regelingen en foarsjennings tagonklik, begryplik en leechdrompelich binne. Ynwenners moatte ienfâldich harren wei fine kinne binnen de WMO, de Partisipaasjewet en oare stipemooglikheiden. Wy gean ús tsjinstferliening by it útfiere fan dizze regelingen en it oanbiede fan de foarsjennings yn oerienstimming bringen mei de wearden (Inclusief, Eenvoudig, Persoonlijk, Eigentijds, Nauwkeurig: IEPEN) dy’t foar Noardeast-Fryslân liedend binne foar de tsjinstferliening. Dêrneist sette wy yn op it bestrieden fan besteans- en enerzjyearmoede. Ynwenners dy’t finansjeel kwetsber binne sille wy gerjocht stypjen bliuwe by it enerzjysuniger meitsjen fan harren wenten en it tawurkjen nei in akseptabel nivo fan wolwêzen en libbensûnderhâld. Wy fuortsterkje ynisjativen dy’t bydrage oan stabiliteit, selsrêdsumens en perspektyf.
16
Wurk, partisipaasje en gearwurking mei partners Wurk en partisipaasje drage by oan wolwêzen, eigenwearde en maatskiplike belutsenens. Dêrom bliuwe wy ynsette op banenôfspraken en gearwurking mei partners sa as Dokwurk. Dat sille wy dwaan yn gearwurking mei wurkjouwers en maatskiplike organisaasjes op basis fan de mienskiplike ferantwurdlikens fan dizze partijen. Wy stimulearje dat eltsenien dy’t wurkje kin ek daadwerklik kânsen krijt, passend by har as syn mooglikheden. Iensumensbestriding en sosjale ferbûnens Iensumens komt ek yn Noardeast-Fryslân hieltyd mear foar en ferspriedt har breed oer ferskate leeftyds- en befolkingskategoarieën. Wy fuortsterkje ynisjativen dy’t moeting, ferbining en dielnimmen oan de mienskip befoarderjen. Troch gearwurking tusken doarpen, frijwilligersorganisaasjes, soarch- en wolwêzenpartners kreëarje wy in omjouwing wêryn’t minsken inoar witte te finen en gjinien der allinnich foar hoecht te stean.
Minsklike weardigens en in feilige leefomjouwing Wy hechtsje wearde oan minsklike weardigens yn alle fasen fan it libben. Dat betsjut dat wy ús ynsette foar in feilige en sûne leefomjouwing. Prostituusje, drugs-en drankmisbrûk, oermatich gokken en oare gedragingen dy’t skea oanbringe oan minske, mienskip en leefomjouwing wolle wy bestride. Ek fine wy it wichtich dat eltse ynwenner rekkenje kin op in respektfol lêst rêstplak. Ynisjativen sa as it gedenkbos drage hjiroan by. Foar de eksploitaasje fan algemiene tsjerkhoven hantearje wy in ôfwagingsramt dat helpt om weloerwogen keuzes te meitsjen oer effisjinsy en organisaasjefoarm. Wy gean yn algemiene sin en eventueel per tsjerkhôf ûndersykje oft de grutste mate fan effisjinsy behelle wurde kin troch útbesteging as troch it yn eigen hân te hâlde.
Programma 4 WURK, BEDRIUW EN REKREAASJE
18
STERK LOKAAL EN OP ‘E TAKOMST RJOCHTE In sterke lokale ekonomy is essensjeel foar de leefberens fan Noardeast-Fryslân. Wurkgelegenheid, bedriuwichheid, lânbou, fiskery en rekreaasje soargje foar ynkommen, foarsjennings en levendige doarpen en stêd. Dizze koalysje wol romte biede oan ûndernimmers en ynisjativen dy’t bydrage oan in takomstbestindige en fearkrêftige ekonomy, passend by de skaal, identiteit en krêft fan ús gemeente. Undernimmers, wurk en partisipaasje Undernimmers binne fan grutte wearde foar Noardeast-Fryslân. Hja soargje foar wurk, ynnovaasje, dynamyk en leefberens yn stêd en doarpen. De gemeente stipet harren mei dúdlike regels, goeie tsjinstferliening en romte om te ûndernimmen, wêrby’t wy each hawwe foar de ferskate belangen en fasilitearje dêr’t it kin. Wurk is foar in soad ynwenners de sleutel ta selsstannigens en meidwaan. Wy sette dêrom yn op it fuortsterkje fan de ferbining tusken ekonomy en arbeidspartisipaasje. Dêrby spilet Dokwurk in wichtige rol as ferbinende skeakel wurk, begelieding en ûntwikling. Wy benutte dizze wol en jouwe romte om mei te bewege mei in tusken feroarjende arbeidsmerk, sadat mear ynwenners duorsum dielnimme kinne oan it arbeidsproses. Ek de ferbining tusken bedriuwslibben en ûnderwiis sille wy stimulearje, net allinnich om ús jongerein oanslute te litten op ‘e arbeidsmerk mar ek om ynnovative ûntwiklingen te stimulearjen.
Lânbou en it lânlik gebiet De lânbou is it klopjende hert fan ús gemeente en in wichtige ekonomyske pylder. De sektor leveret net allinnich iten en wurkgelegenheid, mar draacht ek by oan de identiteit en it lânskip fan Noardeast-Fryslân. De lânbou stiet tagelyk foar grutte feroaringen, ûnder oaren op it mêd fan duorsumens, wetter, enerzjy en
romtegebrek. De koalysje kiest derfoar om dizze ûntwikling stap foar stap en mei de sektor foarm te jaan en yn nau oerlis te bliuwen mei ûnder oaren oerheden, as terreinbehearende organisaasjes. De lânbou yn ús gemeente is yn ûntwikling. Dêrby sjogge wy ûnder mear skaalfergrutting en in feroarjend ferlet oan arbeidskrachten. Dit betsjut dat der faker gebrûk makke wurdt fan arbeidsmigranten. Foar dizze groep moat goeie en humane hûsfesting organisearre wurde. Wy wolle der op tasjen dat arbeidsmigranten op in ferantwurde en respektfolle wize yn ús gemeente wenjen kinne, mei each foar kwaliteit, feiligens en leefberens foar sawol harren sels as de omjouwing. Dêr’t nedich is ûntwikkelje wy oanfoljend belied, yn line mei it lânbouprogramma. Skaalfergrutting is dêrby gjin doel op har sels; wy bliuwe ynsette op in takomstbestindige lânbou yn balâns mei de omjouwing. Dêr’t it past biede wy romte foar oanfoljende as nije foarmen fan ûndernimmerskip, sa as rekreaasje en toerisme, dy’t bydrage kinne oan in duorsume en rendabele bedriuwsfiering. Wy sette yn op in takomstbestindige lânbou wêryn’t ekonomy, ekology en leefberens yn balâns binne.
19
Dêrby: • Jouwe wy romte oan ynnovaasje en eksperiminten, passend by de praktyk; • Stimulearje wy kringlooplânbou en duorsum boaienbehear; • Behâlde wy lânbougrûn dêr’t it kin foar produksje fan iten; • En sykje wy ferbining mei kennisynstellingen, ûnderwiis, gebietskollektiven en ûndernimmer. De gemeente hat hjirby in fasilitearjende en ferbinende rol, en dêr’t nedich is in regisearjende rol om gearwurking en ûntwikling mooglik te meitsjen. Dêrby sjogge wy lânbou as in wichtige drager fan ekonomy, lânskip en leefberens yn ús gemeente. Haven Lauwersoog en fiskerij De gemeente Noardeast-Fryslân is mei de gemeente Het Hogeland en oare partners oandielhâlder fan de haven fan Lauwersoog. De haven fan Lauwersoog en de fiskery binne fan belang foar de ekonomy en identiteit fan ús gemeente. Hja soargje foar wurkgelegenheid en foarmje in werkenber part fan it gebiet. Tagelyk is Lauwersoog ek in wichtich plak foar rekreaasje en toerisme, as tagongspoarte ta it Waad en it efterlân. Wy wolle ús mei partners ynsette foar in takomst bestindige ûntwikling fan Lauwersoog, wêrby’t romte is foar de fiskery én foar rekreative en oare ekonomyske aktiviteiten dy’t passe by it gebiet. Dêrby soargje wy binnen de gemeentlike organisaasje foar in dúdlik oansprekpunt en bundeling fan kennis rûn haven en fiskery.
Wy sykje in goeie balâns tusken ekonomy, ekology en leefberens en wy slute oan by ûntwiklingen yn de regio. Bedriuweterreinen en enerzjy In goeie en takomstbestindige ynrjochting fan bedriuweterreinen is wichtich foar de ekonomyske ûntwikling. Tagelyk stean romte en enerzjyfoarsjenning ûnder druk. Wy kieze foar in aktive en regisearjende rol yn de ûntwikling fan bedriuweterreinen. Wy sette yn op it better benutte fan besteande lokaasjes en fuortsterkje mei nammen de maakyndustry, dy’t in wichtige ekonomyske drager is. Netkongestje foarmt in groeiend knipepunt. Dêrom: • wurkje wy gear mei bedriuwen oan passende enerzjyoplossingen; • stimulearje wy lokale opwek en gebrûk fan enerzjy; • en bliuwe wy ús ynsette om romte te kreëarjen foar wynenerzjy by bedriuweterreinen. Toerisme en Rekreaasje Toerisme en rekreaasje drage by oan de ekonomy en de kwaliteit fan libje yn ús gemeente. Noardeast-Fryslân hat in soad te biede, mei de Waadkust, it lânskip, ús doarpen en stêd as wichtige dragers. De koalysje kiest foar kwaliteit boppe grutskaligens. Wy fuortsterkje besteande foarsjennings en benutte kânsen dêr’t dy passe, mei each foar de omjouwing en de belangen fan ynwenners.
20
De farrûtes yn ús gemeente binne karakteristyk en fan wearde foar rekreaasje, leefberens en ekonomy; wy sette ús yn om dizze kwaliteit op peil te hâlden, binnen de besteande kaders en mooglikheden. Foar de farferbining nei it Amelân folgje wy de rinnende ûndersiken en konsesjeûntwikling op ‘e foet, mei as ynset om de maatskiplike en ekonomyske mearwearde hjirfan foar Noardeast-Fryslân te fuortstjerkjen. Berikberens en regionale posysje In goeie berikberens is fan belang foar ynwenners, bedriuwen en besikers. Dit jildt foar diken, wetter en regionale (OV-) ferbiningen. Ek yn Dokkum freget de berikberens bliuwend oandacht. De ûntwikling fan de noardlike stêdsentree en de parkearsituaasje binne dêrby twa gearhangjende opjeften. Op basis fan it rinnende ûndersyk wurdt bepaald fan hokker rjochting ferlet is, wêrnei beide ûnderwerpen yn gearhang en yn ferbining mei it mobiliteitsbelied trochtaastend oppakt wurde. In wichtich aspekt hjirby is it gebrûk fan de fyts en it fasilitearjen derfan troch goeie stallingsmooglikheden yn ‘e stêd. Dêrneist bliuwt de westlike rûnwei Dokkum in winsk mei klam,
ûnder oaren yn relaasje ta de berikberens fan it bedriuweterrein Betterwird. Hoewol’t hjirfoar op dit stuit gjin finansjele middels beskikber binne, hâlde wy each foar kânsen dy’t har foardogge, bygelyks yn gearhang mei gebietsûntwiklingen as oare regionale ynvestearringen. De berikberens fan Kollum freget mei klam oandacht. Wy sette dêrom yn op in op ‘e takomst rjochte ferbettering fan de ûntsluting, yn gearhang mei it omjouwingsprogramma, de Mobiliteitsvisie en mei each foar kânsen dy’t harren yn ‘e regio foardogge. Noardeast-Fryslân wurket aktyf gear mei regionale en bopperegionale partners en wy nimme dêrby dêr’t it pas in lûkende en inisjearjende rol yn. Dêrmei fersulverje wy de belofte fan de weryndieling. Troch tidich oan te sluten by ûntwiklingen en troch ús belangen dúdlik te agindearjen, fuortsterkje wy ús posysje fierder en benutte wy kânsen foar ekonomy, wurkgelegenheid en leefberens.
Programma 5
WENJEN EN OMJOUWING
22
LEEFBER, YN BALÂN EN TAKOMSTBESTINDICH Eltsenien yn Noardeast-Fryslân moat noflik, takomstbestindich en betelber wenjen kinne yn in oantreklike, sûne en feilige leefomjouwing. Dêrom sette wy de kommende perioade de regy op wentebou troch en fuortsterkje dy dêr’t der ferlet fan is. Wy kieze foar in realistyske en útfierbere oanpak dy’t past by de skaal, aard en ferlet fan ús gemeente en har ynwenners. Dêrby wurkje wy gear mei wenningkorporaasjes, ynwenners, maatskiplike organisaasjes, ûndernimmers en oare oerheden, mei each foar de ferskillen tusken ús kearnen. By romtlike keuzes sykje wy hieltyd nei in soarchfâldich lykwicht tusken wenjen, ekonomy, lânbou, natuer, lânskip, erfguod, duorsumens en leefberens. Nije ûntwiklingen moatte bydrage oan leefbere doarpen en wiken, oan trochstreaming op ‘e wentemerk en oan in duorsume takomst foar folgjende generaasje. By romtlike ûntwiklingen wurkje wy fanút de útgongspunten fan de Omjouwingswet: soarchfâldich partisipearje, romte biede oan ynisjativen fanút de mienskip en stjoere op kwaliteit fan de fisike leefomjouwing. Dêrby hâlde wy mei klam rekken mei útfierberens, beskikbere kapasiteit, finansjele helberens en draachflak yn de mienskip.
Nije ynvestearringen en ûntwiklingen waagje wy yntegraal ôf op ‘e bydrage dy’t levere wurde kin oan leefberens, maatskiplike mearwearde, finansjele helberens en takomstbestindichheid fan ús gemeente. Wenjen en wentebou De gemeente hâldt regy op ‘e wentebouopjefte en soarget foar dúdlike kaders by nije ûntwiklingen. In prioriteit binnen dy kaders is foldwaande sosjale wentebou. Wy stjoere op in goeie programearring, fasearring en sprieding fan wentebouûntwiklingen. Dit dogge wy troch yn te setten op passende wenfoarmen. Sa ferbetterje wy de trochstreaming op ‘e wentemerk. Dit freget in oanpak mei gerjochte strategy dy’t wy fierder útwurkje sille. Wentebou en folkshúsfesting wolle wy yntegraal en systematysk oanpakke om alle doelgroepen optimaal betsjinje te kinnen. Nije ûntwiklingen moatte net allinnich foarsjen yn it ferlet oan foldwaande en passende wenten, mar moatte ek bydrage oan fersterking fan de romtlike kwaliteit, leefberens en oan it optimaal benutte en ûntwikkeljen fan spesifike lokaasje- en gebietskwaliteiten.
Wy stimulearje in fariearre wenteoanbod, wêrûnder ynnovative en op ‘e takomst rjochte wenfoarmen sa as hofkes, wen-soarchkonsepten, flekswenten en (oare) foarmen fan kollektyf wenjen. Dêrby sjogge wy mei klam nei wat past by de identiteit, skaal en leefberens fan Noardeast-Fryslân en har kearnen. Ek ûndersykje wy mooglikheden foar mantelsoarchwenten, starterswenten en tydlike wenoplossingen, mits dizze útfierber binne binnen wet-en regeljouwing en passen binnen de leefomjouwing. By gebietsûntwiklingen dy’t ynset wurde om de wentebouopjefte te realisearjen sjogge wy foar it meitsjen fan planologyske keuzes yntegraal nei wenjen, berikberens, ferkearsfeiligens, foarsjennings, ekonomy en leefberens. Wentebou moat bydrage oan it yn stân hâlde fan leefbere doarpen, maatskiplike foarsjennings en in fitale mienskip.
23
Noardeast-Fryslân fiert strak regy op ôfspraken mei wenningkorporaasjes en benut har posysje aktyf om foldwaande betelbere wenten beskikber te krijen. Dêrby stjoere wy op útwreiding fan sosjale hierwenten, oanpak fan leechstân en werbestimming om trochstreaming te befoarderjen. Foar de húsfesting fan statushâlders en Oekraïners wolle wy foldwaan oan de wetlike opjefte. Dêrby sykje wy nei oplossingen dy’t kânsen biede foar oare doelgroepen, bygelyks mei hybride wenfoarmen as tydlike húsfesting. Wannear’t de gerjochte ynset fan de urginsjeferoardening oan dit doel bydrage kin troch de feroardening dêrop oan te passen, dan sille wy dat dwaan. Duorsumens en enerzjytransysje Ferduorsuming fan de wentefoarried is foar ús koalysje in wichtige ambysje. Wy sjogge ferduorsuming net as lúkse, mar as in wichtige bydrage oan in akseptabel nivo fan wolwêzen en libbensûnderhâld. Enerzjybesparring, it weromdringe fan enerzjyearmoede en it behearsber hâlde fan wenlêsten, hearre ta ús prioriteiten. Wy sette aktyf yn op ynisjativen dy’t bydrage oan legere enerzjylêsten en in takomstbestindige leefomjouwing. Us koalysje hat de ambysje om in grut part fan it enerzjyferlet duorsum en lokaal op te wekken. De enerzjytransysje jouwe wy tegearre mei de mienskip foarm.
It oanpakken fan netkongestje is needsaaklik foar wentebou, ekonomyske ûntwikling, ferduorsuming fan wenten en behâld fan in takomstbestindige leefomjouwing. Dêrom sette wy aktyf yn op oplossingen sa as energiehubs, lokale opslach en tûke keppelingen tusken wenjen, bedriuwichheid en duorsume
enerzjyopwekking, ynklusyf de dêrfoar needsaaklike wynmûnen. Om te foarsjen yn it enerzjyferlet fan wengebieden is oansluting op in energiehub foar ús koalysje in winsklike oplossing wannear’t der gjin reëel sicht is op oansluting op it net binnen in akseptabele termyn. By duorsume enerzjyopwekking waagje wy lânskiplike kwaliteit, draachflak, ekonomyske needsaak en leefberens soarchfâldich tsjin inoar ôf. Nije ûntwiklingen moatte passe by de skaal en identiteit fan ús gemeente en soarchfâldich ynpast wurde yn it lânskip. By romtlike ûntwiklingen stjoere wy op in duorsume en sirkulêre oanpak. Sirkulêr bouwe, wergebrûk fan materialen en it ferminderjen fan ôffalstreamen sille wy stimulearje. Dêr’t it mooglik is ferkoarte wy prosedueres, sûnder ôfbrek te dwaan oan kwaliteit, soarchfâldigens en partisipaasje. Klimaatadaptaasje en leefomjouwing Klimaatadaptaasje is foar ús in yntegraal part fan in sûne, oantreklike en takomstbestindige leefomjouwing. By romtlike keuzes waagje wy enerzjytransysje, duorsumens, lânskiplike kwaliteit en leefberens hieltyd yn gearhang ôf. De gefolgen fan klimaatferoaring binne ek yn Noardeast-Fryslân sichtber; dêrom stjoere wy by nije projekten yn romtlike ôfwagings, sadat nije wenwiken en oare ûntwiklingen better bestân binne tsjin ekstreem waar, wetteroerlêst, drûchte en hitte.
Klimaatadaptaasje ferankerje wy yn romtlike plannen en it Omjouwingsplan, sadat fergriening, wetterboarging en in sûne leefomjouwing struktureel part binne fan nije ûntwiklingen.
24
Wy stjoere op foldwaande grien yn nije wiken en op natuerynklusyf bouwe, mei oandacht foar biodiversiteit, wetterbehear en sûnens. Ek stimulearje wy klimaatadaptive maatregels op partikulier terrein, tegearre mei de mienskip. Behâld en fersterking fan lânskip, biodiversiteit en kultuerhistoaryske wearden sjogge wy as essinsjeel foar natuer, leefomjouwing, yndintiteit, rekreaasje en toeristyske oantreklikheid. Dêrby slute wy oan by besteande beliedskaders, sa as de lânskipsbiografy en de Omjouwingsfyzje fan de gemeente. Skjin wetter en in sûne leefomjouwing bliuwe wichtige oandachtspunten. Wy wurkje gear mei partners oan it beheinen fan fersmoarging en it beskermjen fan natuer en miljeu. It Waadgebiet as UNESCO Werelderfgoed is fan grutte wearde foar ús gemeente. Wy koesterje en beskermje de unike lânskiplike, ekologyske en kultuerhistoaryske kwaliteiten fan dit gebiet. Dêrneist sette wy ús aktyf yn foar in sterke posysje fan Noardeast-Fryslân binnen de governance fan it Waadgebiet en wurkje wy gear mei regionale, provinsjale, lânlike en Europeeske partners oan it takomstbestindige Waadkust. Erfguod en kultuerhistoary Noardeast-Fryslân kent in rike kultuerhistoary en in grut tal argeologyske wearden. Erfguod en argeology binne wichtige fasetten fan de ûnderskiedende kwaliteit fan ús gemeente. Hja drage by oan yndintiteit, romtlike kwaliteit en toeristyske oantreklikheid.
Dêr binne wy grutsk op. Tagelyk binne wy ús derfan bewust dat de finansjele middels foar erfguod en kultuerhistoary beheind binne. De gemeente fiert har wetlike taken op it mêd fan erfguod soarchfâldich út en benut dêrby de besteande erfguodnota en it omjouwingsprogramma erfguod as ramt.
Om de kwaliteit fan it erfguodbelied te boargjen ynvestearje wy dêr’t nedich is yn foldwaande kennis, kapasiteit en gearwurking. Dêrneist ferkenne wy hokker oanfoljende mooglikheden der binne om kultuerhistoaryske wearden fierder te fuortsterkje, passend binnen beskikbere kapasiteit en middels. Dêrby ûndersykje wy ek kânsen foar keppeling mei besteande subsydzjes en stimulearringsprogramma’s. Offal, sirkulariteit en miljeustrjitten De gemeente set yn op ‘e beweging fan ôffal nei grûnstof (de saneamde VANG-doelstellingen). Dêrby bouwe wy troch op de besteande oanpak en ferbetterje wy de ôffalskieding, mei bysûndere oandacht foar GFT en papier. Wy kieze foar in praktyske, útfierbere en betelbere oanpak sûnder yngripende wizigingen yn it systeem fan ôffalstoffenheffing. By feroarings yn ôffalsammeling en ôffalskieding waagje wy effektiviteit, betelberens, útfierberens en maatskiplik draachflak soarchfâldich tsjin inoar ôf. Tagelyk wurkje wy oan fierdere bewustwurding en stipe fan ynwenners by ôffalskieding, wergebrûk en sirkulariteit. Foar de miljeustrjitten sette wy yn op in takomstbestindige ynrjochting mei in goeie balâns tusken berikberens, service, iepeningstiden en kosten.
Dêrby ferkenne wy in kombinaasje fan fersterking fan besteande foarsjennings en gearwurking mei buorgemeenten en oare partners, rjochte op profesjonalisearring, rûmere tsjinstferliening en it beheljen fan sirkulêre en VANG-doelstellingen.
Programma 6
IEPENBIERE ROMTE
26
FEILICH, BERIKBER EN RJOCHTE OP ‘E TAKOMST De iepenbiere romte is de basis fan hoe’t ynwenners ús gemeente alle dagen belibje. Diken, grien, wetter en foarsjennings drage by oan leefberens, feiligens en sûnens. Wy wolle dat de iepenbiere romte feilich, tagonklik en goed ûnderhâlden is, en past by in gemeente wêryn’t minsken noflik wenjen kinne, wurkje en rekreëarje. Behear en ûnderhâld kapitaalguod It behear en ûnderhâld fan kapitaalguod, sa as diken, brêgen, grien, riolearring en gebouwen, sjogge wy as kearntaak fan de gemeente. Goed ûnderhâld draagt by oan feiligens, leefberens en it foarkommen fan hegere kosten op ‘e lange termyn. Yn 2026 wurdt in nije Nota Kapitaalgoederen opsteld en ta beslútfoarming oan ‘e gemeenteried oanbean. Dizze nota foarmt it beliedsmjittige ramt foar behear en ûnderhâld fan gemeentlik kapitaalguod. Dêrby wurde ferskate ûnderhâldsnivo’s útwurke, wêrby’t rekken hâlde wurdt mei maatskiplike opjeftes en finansjele kaders. Wy sille hjiryn bewuste keuzes meitsje, rjochte op in duorsume kwaliteit fan de iepenbiere romte en in sobere en doelmjittige ynset fan middels.
Berikberens en parkeare Berikberens en parkeare freget mei klam oandacht. Dit spilet foaral yn Dokkum en Kollum dêr’t de druk op de ferkearsbewegingen en iepenbiere romte tanimt. Dêrom kieze wy derfoar dizze fraachstikken yn gearhang oan te pakken, mei as doel de fersterking fan de binnenstêd. Foar Kollum wurkje wy oan in omjouwingsplan mei û.o. keuzes foar parkeare en ferkearssirkulaasje. Yn Dokkum soargje wy foar in fêststeld plan foar parkeare yn Dokkum, foardat wy fierdere keuzes meitsje oer de ferkearssirkulaasje en de útfiering hjirfan. Op basis fan de rinnende ûndersiken bepale wy fan hokker maatregels ferlet binne en fiere dy út, mei each foar berikberens, leefberens en in goeie trochstreaming.
27
Ferkearsfeiligens en mobiliteit Feilich ferkear is in wichtich betingst foar in leefbere gemeente. Dêrom sette wy yn op feiligens yn ‘e iepenbiere romte, mei oandacht foar kwetsbere ferkearsdielnimmers en foar in goeie trochstreaming. Wy stimulearje duorsume mobiliteit, sa as fytse en elektrisch ferfier, en soargje dêr’t der ferlet fan is foar passende foarsjennings, bygelyks de stalling fan fytsen yn Dokkum en in goed dekkende laadstruktuer foar elektrisch ferfier. By nije wentebouûntwiklingen rjochtsje wy de iepenbiere romte sa yn dat de auto te gast is en der romte is foar alle gebrûkers fan de dyk. De ynrjochting fan de iepenbiere romte freget om in yntegrale oanpak. Ferskate opjeftes, sa as ferkear, grien, wetter, klimaat en lânbou, komme hjir gear. Wy kieze foar oplossing dy’t bydrage oan mearfâldich gebrûk fan ‘e romte en dy’t passe binnen de skaal en it karaktere fan ús gemeente. Dêrby sykje wy nei praktyske oplossingen, sa as romte foar lânbouferkear en it ferbetterjen fan de ferkearsfeiligens dêr’t it nedich is, sûnder direkt foar grutte yngrepen te kiezen.
Spesifike ûntwiklingen Foar in tal projekten en ûntwiklingen is de rjochting dúdlik ynset. Sa wurdt de rûnwei Wânswert fierder útfierd, passend binnen eardere beslútfoarming. Dêrneist wurkje wy yn kearnen as Kollum en Dokkum oan it ferbetterjen fan de kwaliteit fan de iepenbiere romte, yn gearhang mei berikberens, ferbliuwskwaliteit en gebrûk fan it sintrum. Duorsume en takomstbestindige iepenbiere romte De iepenbiere romte spilet in wichtige wol yn it oanpasse oan in feroarjend klimaat. Dat betsjut dat wy better omgean mei hevige rein, wetter langer fêsthâlde en hitte yn doarpen en wiken ferminderjen. Mear griend helpt dêrby en soarget tagelyk foar in noflikere leefomjouwing en mear romte foar natuer. Wy kieze foar in oanpak wêrby’t wy stap foar stap fergriene en de iepenbiere romte better ynrjochtsje foar de takomst. Wy kombinearje dêr’t mooglik is wurksumheden, sa as ûnderhâld, ferkear en fergriening, sadat wy tûk en effisjint wurkje mei de middels dy’t wy hawwe. Sa soargje wy derfoar dat de iepenbiere romte klear is foar de takomst, sûnder no al keuzes te meitsjen dy’t wy letter oanpasse moatte.
28
FINANSJELE ÚTWURKING FAN IT KOALYSJEAKKOART De finansjele keuzes yn dit koalysjeakkoart slute oan by de eardere sketste finansjele posysje en koers fan de gemeente. De romte is beheind en freget om soarchfâldige ôfwagings. Dêrom kieze wy derfoar om yn dizze fase gjin omfangrike nije ynvestearringen op te nimmen. De middels dy’t wy wol yn dit akkoart opnimme binne gerjocht en beskieden en bedoeld as ympuls op ûnderwerpen dy’t fan grut belang binne foar de mienskip as dêr’t konkrete kânsen harren foardogge om it stap foarút te setten. It giet dêrby om it fuortsterkje fan ûntwiklingen dy’t bydrage oan de útfiering fan dit akkoart. Posten en taljochting Konkreet giet it om de folgjende posten: No. 1. 2. 3.
Omskriuwing Doarpen- en Wikenfûns (D&W-fonds) Waadamtner Ekstra formaasje wethâlders TOTAAL
Bedrach € 300.000 € 150.000 € 175.000
•
je, belangenbehertiging en it benutte fan kânsen dy’t fuortkomme út regionale, nasjonale en Europeeske ûntwiklingen rûnom it Waad. Yn de begrutting is op dit stuit 3,2 fte foar wethâlders opnommen. De foarstelde formaasje fan 4,45 fte leit heger as dizze basis, mar wurdt as reëel beskôge yn it ljocht fan de opjeftes en ambysjes fan dizze bestjoersperioade. Dêrby is de foarstelde formaasje yn line mei eardere kolleezjes en leger as de omfang fan it hjoeddeistige kolleezje (4,55 fte)