Beslutelist It Beslút 16 april 2026
Tekst van het document
Beslutelist fan de riedsgearkomste fan de gemeente
Beslutelist fan de riedsgearkomste fan gemeente Noardeast-Fryslân d.d. 16 april 2026 OANWEZICH: De leden fan de ried: Dhr. J. Andringa (FNP), dhr. M. de Boer (S!N), dhr. W.J. Boorsma (CDA), dhr. A. Braaksma (GB), dhr. A.W. Braaksma (LNF), dhr. A.A. Buwalda (FNP), dhr. P. Damstra (VVD), mefr. B.B. van Dellen (FNP), dhr. L. Dijkstra (BBB), mefr. D. Ferwerda-Havenga (LNF), dhr. H.J. Kamies (CDA), dhr. A. Koonstra (FNP), dhr. J.H. Lammering (PvdA, oant en mei 21:39 oere), mefr. F. Meindertsma (FNP), dhr. D. van der Meulen (CU), dhr. P. Mulder (CDA), dhr. J. Nutma (S!N), mefr. T. Otte-Feenstra (VVD), mefr. G.T. Schaafstal (PvdA), mefr. G.J. Schoorstra-Boeijenga (CDA), dhr. P.J. Schouwstra (CDA), mefr. R. Slijver (GB), mefr. M. van der Staal (S!N), dhr. J.D. Streekstra (CDA), mefr. J.R. Tacoma-Dijkstra (BBB), dhr. R.J. Torensma (S!N), mefr. T.A. van der Veen (LNF, fan 19:33 oere ôf), mefr. E. Vellinga-Zeilstra (CU), dhr. S.J. Vogelzang (LNF) De griffier: Dhr. S.K. Dijkstra De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: Boargemaster dhr. J.G. Kramer (ek riedsfoarsitter) en de wethâlders dhr. P.L. Braaksma, mefr. L.J. Jouta, dhr. A. Koonstra, mefr. M. Prins-Meindersma, mefr. L. Vellinga-Zeilstra De gemeentesiktaris: Dhr. H. Verbunt Ofwêzich mei kundskip: -
It Beslút 1. Iepening De foarsitter iepenet de riedsgearkomste om 19.31 oere. 2. Fêststelle aginda De folgjende moasje frjemd wurdt oan de aginda tafoegd: 5a. Moasje frjemd – Kwelders. 3. Ferslach fan de ferkenner De ferkenner, dhr. H. Oosterman, hat in koarte taljochting op syn ferslach jûn. Dêrnei hat de ried wiidweidich oer dit ferslach debattearre. 4. Fêststelle formaasjeopdracht De raad heeft op basis van het advies van de verkenner de formatieopdracht vastgesteld, waarin o.a. is opgenomen dat: - De fracties van CDA, S!N, CU, GB en VVD met gesprekken starten om te komen tot een meerderheidscoalitie, waarbij zij samen een coalitieakkoord opstellen en kandidaat wethouders voordragen; - De onderhandelingen, conform het advies van de verkenner, starten met het onderwerp uitvoering Spreidingswet. Nadat hier ‘harde’ afspraken over zijn gemaakt, komen andere onderwerpen voor het coalitieakkoord aan bod. 5. Beneamen formateur De ried hat mefr. C. de Pee mei algemiene stimmen beneamd ta formateur.
Pagina 1 van 3 V 1.1
5a. Moasje frjemd - Kwelders De troch de fraksjes fan FNP, LNF, BBB, CDA, CU, GB en VVD yntsjinne moasje 'Kwelders', dêr't it kolleezje yn fersocht wurdt: 1. om him aktyf, sichtber en mei klam yn te setten rjochting Rykswettersteat en it Wetterskip, mei as doel te lobbyen foar it weromdraaien of fersêftsjen fan de tagongsferboaden; 2. om as gemeente de regy te nimmen yn it organisearjen fan in iepen en earlik proses mei de belutsen oerheden dat ek sichtber is en goed kommunisearre wurde sil nei de mienskip; 3. om dúdlik te meitsjen dat natuerbelied yn Noardeast-Fryslân it bêste slagje kin mei draachflak út de mienskip; 4. om de ried op koarte termyn, mar yn elk gefal foar 1 juny 2026, te ynformearjen oer konkrete stappen en resultaten yn dit dossier, wurdt ek stipe troch de fraksjes fan S!N en PvdA en is dêrmei mei algemiene stimmen oannommen. Wethâlder Prins lit witte dat it oerlis mei RyksWetterSteat fierder giet. Hja sil ek neifreegje hoe’t it sit mei it ferjeien fan guozzen. 6. Sluting De foarsitter slút om 22.22 oere de gearkomste. Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân op 7 maaie 2026. De ried niisneamd, de griffier,
de foarsitter,
{{Signer1}}
{{Signer2}}
mr. S.K. Dijkstra
mr. J.G. Kramer
Pagina 2 van 3 V 1.1
Pagina 3 van 3 V 1.1