Beslutelist fan riedsfergadering 12 novimber 2026
Tekst van het document
Pagina 1 van 2 V 1.1 Beslutelist fan de riedsgearkomste fan de gemeente Beslutelist fan de riedsgearkomste fan gemeente Noardeast-Fryslân d.d. 12 novimber 2026 OANWEZICH: De leden fan de ried: Dhr. J. Andringa (FNP), dhr. M. de Boer (S!N), dhr. W.J. Boorsma (CDA), dhr. A. Braaksma (GB), dhr. A.W. Braaksma (LNF), dhr. A.A. Buwalda (FNP), dhr. P. Damstra (VVD), dhr. J. Dekkema (CU), mefr. B.B. van Dellen (FNP), dhr. L. Dijkstra (BBB), dhr. L. Feenstra (CDA), mefr. D. Ferwerda-Havenga (LNF), dhr. H.J. Kamies (CDA), mevr. T.A. Keegstra- Van der Veen (LNF), dhr. J.H. Lammering (PvdA; oant 22.21 oere), mefr. F. Meindertsma (FNP), dhr. D. van der Meulen (CU), dhr. P. Mulder (CDA), dhr. J. Nutma (S!N), mefr. T. Otte-Feenstra (VVD), dhr. J. Postema (FNP), mefr. G.T. Schaafstal (PvdA), dhr. P.J. Schouwstra (CDA), mefr. R. Slijver (GB), mefr. M. van der Staal (S!N), dhr. J.D. Streekstra (CDA), mefr. J.R. Tacoma-Dijkstra (BBB), dhr. R.J. Torensma (S!N), dhr. S.J. Vogelzang (LNF) De griffier: Dhr. S.K. Dijkstra De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: Boargemaster dhr. J.G. Kramer (ek riedsfoarsitter) en de wethâlders mefr. D. Alkema, mefr. G. Bos-Jonkman, dhr. P.L. Braaksma, mefr. G. Schoorstra-Boeijenga en mefr. L. Vellinga-Zeilstra De adjunct-directeur: Dhr. B. Schat Ofwêzich mei kundskip: Gemeentesiktaris H. Verbunt. It Fragemomint Gjin fragen.
It Debat - Ambitie Energieprogramma Wethâlder Alkema lit witte dat alternative enerzjyboarnen en it sanearjen fan besteande wynmûnen meinommen wurde sille yn de partisipaasjetrajekten en yn it definitive enerzjyprogramma. Wethâlder Alkema seit fierder ta dat de ried foar de riedsgearkomste fan 26 novimber o.s. de ynformaasje oer de peiling ûnder ynwenners ûntfange sil. De fraksjes sille harren de kommende wiken beriede op in amendemint om senario 2 wat breder te meitsjen. It Beslút 1. Iepening De foarsitter iepenet de riedsgearkomste om 20.44 oere. 2. Fêststelle aginda Agindapunt 5, Verordening Werkgeverscommissie, wurdt as hammerpunt behannele. De folgjende moasjes frjemd wurde oan de aginda tafoegd: 7a. Moasje frjemd - Fertrouwensfergunning foar weromkommende eveneminten; 7b. Moasje frjemd – Elzensingel- en dykswallenbehear. Op fersyk fan de fraksjes FNP, LNF, PvdA en BBB wurdt in ynterpellaasje oer gemeentewerven Holwerderwei 21 Dokkum as agindapunt 7c oan de aginda tafoegd. 3. Meidielings Gjin
Pagina 2 van 2 V 1.1 4. Fêststelle beslutelist It Beslút 5 novimber 2026 De beslutelist wurdt ûnferoare fêststeld. 5. Verordening Werkgeverscommissie 2026 De raad heeft de Verordening Werkgeverscommissie gemeente Noardeast-Fryslân 2026 vastgesteld. 6. Gewijzigde vaststelling Paraplubestemmingsplan covergisting en mono-mestvergisting (reparatie) De raad heeft besloten: 1. Het ‘paraplubestemmingsplan covergisting en mono-mestvergisting’ met identificatienummer NL.IMRO.1970.BpVergisting-VA02 met de bijbehorende bestanden en de ondergrond BGT 2021-03-06 gewijzigd vast te stellen. 2. Voor het paraplubestemmingsplan geen exploitatieplan als bedoeld in artikel 6.12 Wro vast te stellen. 3. De Afdeling bestuursrechtspraak van de Raad van State en Biogas Marrum B.V. te informeren over het gewijzigde vastgestelde bestemmingsplan waarmee invulling wordt gegeven aan de tussenuitspraak. 7a. Moasje frjemd - Fertrouwensfergunning foar weromkommende eveneminten In troch de fraksjes fan FNP, LNF, PvdA en BBB yntsjinne moasje frjemd ‘Fertrouwensfergunning foar weromkommende eveneminten’ wurdt nei beried wer ynlutsen. Pfh. Kramer seit ta dat hy mooglike fersoepelingen besjen sil en dat it kolleezje foar 1 july 2027 mei in riedsynformaasjebrief mei dêryn de mooglikheden komme sil. 7b.
Moasje frjemd – Elzensingel- en dykswallenbehear In troch de fraksjes fan CDA en BBB yntsjinne moasje frjemd ‘Elzensingel en dykswallenbehear’ wurdt nei beried wer ynlutsen. Wethâlder Schoorstra seit ta dat hja mei de buorgemeenten de mooglikheden ûndersykje sil en dat de ried dêroer ynformearre wurde sil. 7c. Ynterpellaasje gemeentewerven Holwerderwei 21 Dokkum De út namme fan de fraksjes FNP, LNF, PvdA en BBB stelde fragen oer de oankeap fan Holwerderwei 21, de sintralisaasje fan de gemeentewerven, de beslútfoarming om it gearfoegjen fan de werven hinne, de lokaasjekar foar in mooglik AZC en de ynformaasjefoarsjenning oan de gemeenteried, wurde troch de wethâlders Braaksma en Alkema beantwurde. 8. Sluting De foarsitter slút om 23.18 oere de gearkomste. Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân op 26 novimber 2026. De ried niisneamd, de griffier, de (wnd.) foarsitter, {{Signer1}} {{Signer2}} mr. S.K. Dijkstra M. van der Staal