Ap. 7 Oannaam Moasje Multifunksjoneel fjild Hurddraverspark 231005
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2023-198020
MOASJE Art. 49 RfO
Moasje nei oanlieding fan agendapunt nû. 7 yn de riedsgearkomste fan 5 oktober 2023
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 5 oktober 2023
Underwerp: Multyfunskjoneel fjild foar rekreaasje en sport
De ried, heard it beried, yn beried nimmend dat: • it ûntwikkelramt Hurddraverspark rûmte lit foar ferskate ynfollings fan it park; • der in diel fan it park ynrjochte wurde kinne soe as multyfunksjoneel fjild; • der op san fjild rekreëarre wurde kin, lytse eveneminten organisearre wurde kin en sport wurde kin; • de ried besykje wol om gebrûkers fan it Hurddraverspark yn de mjitte te kommen; • it karakter fan de plannen yn dit stadium net mear feroare wurde moat; • de kosten foar it plan net mear oprinne moatte; • de útfiering fan it ûntwikkelramt fan it Hurddraverspark net fierder fertrage wurde moat; ropt it kolleezje op: • te ûndersykjen oft der mooglikheden binne om binnen it ûntwikkelramt kosteneutraal in fjild te realisearjen dat multyfunksjoneel en in grut part fan it jier brûkt wurde kin foar rekreaasje en sport; • de ried sa gau as mooglik, mar yn elts gefal foardat dit diel fan it ûntwikkelramt útfierd wurdt, oer de resultaten fan dit ûndersyk te ynformearjen, en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: F. Meindertsma (FNP), S!N, CDA, VVD, Tien
Stimming
Foar: FNP, S!N, CDA, VVD, Tien, PvdA, BVNL (21)
Tsjin: CU (4)
Moasje oannnaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 5 oktober 2023. De ried niisneamd, de griffier, Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 06/10/2023 11:55:59 CEST ID: 86d9c55f-e1c0-45b4-b5d2-d210f060f605
{{Signer2}} Auth: Scribble
mr. S.K. Dijkstra
de foarsitter, Signed By: Breeuwsma, Fedde <f.breeuwsma@noardeast-fryslan. 06/10/2023 12:12:01 CEST ID: 86d9c55f-e1c0-45b4-b5d2-d210f060f605
{{Signer1}} Auth: Scribble
F. Breeuwsma