Aangenomen moasje FNP - Eigen grûnbedriuw
Tekst van het document
2021 / Z319577-2021 MOASJE Art. 49 RfO Moasje nei oanlieding fan agendapunt nû. 9 yn de riedsgearkomste fan 1 july 2021
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 1 july 2021
Underwerp: Eigen grûnbedriuw
De ried, heard it beried, konstatearjend dat: ● der yn de PPN fan 2022 in negatyf finansjeel perspektyf sketst wurdt wêr’t lokale en kulturele foarsjenningen wolris de dupe fan wurde kinne; ● de gemeentlike ynkomsten foaral ôfhinklik binne fan it Gemeentefûns en it ferheegjen fan OZB, oare belêstingen, leges ensfh.; fan miening dat: ● wy de boargers net op kosten jeie moatte mar der wol jild yn it laadsje komme moat; ● de gemeente op syk moat nei mooglikheden om dat op in goeie yntegere wize te dwaan; ● it ûnwikkelfûns mooglik brûkt wurde kin om ynvestearringen te dwaan dy’t finansjeel rendearje; fersiket it kolleezje : ● te ûndersykjen hokker mooglikheden der yn Noardeast binne om in eigen grûnbedriuw op te rjochtsjen dat goed is foar gemeente en mienskip; ● de ried foar de begruttingsbehanneling yn novimber hjir oer te ynformearjen, en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: B. Koonstra (FNP), GBNF, CU, ALL, S!N, CDA, PvdA, VVD
Stimming
Foar: FNP, GBNF, CU, ALL, S!N, CDA, PvdA, VVD (27)
Tsjin: ELP-NEF (1)
Moasje oannnaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 1 july 2021. De ried niisneamd, de griffier,
de foarsitter,
{{Signer1}}
{{Signer2}}
mr. S.K. Dijkstra
mr. J.G. Kramer
Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 02/07/2021 11:45:27 CEST ID: 99f2f134-aaa5-4dc6-b0dd-5c2142c1666d Auth: Scribble
Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 05/07/2021 12:51:59 CEST ID: 99f2f134-aaa5-4dc6-b0dd-5c2142c1666d Auth: Scribble