CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

AANGENOMEN Ap. 9 - Amendemint - Fryske Plaknammen

It Beslút 8 juli 2021, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Fryske plaknammen - ûtfieringsplan inklusyf finansjes985 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

2021/Z301043-2021 AMENDEMINT Art. 48 RfO Agindapunt: 9. Fryske Plaknammen

Underwerp: Fryske Plaknammen - útfieringsplan

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 8 july 2021 beslút: A. It foarstelde beslútpunt 2 as folget te wizigjen: 2. Yn te stimmen mei it foarstel fan it kolleezje om de plaknammen fêst te stellen sa as oanjûn op de taheakke en sa tekene list “Fêst te stellen plaknammen 1-1-2023”, mar it útstelde “De Lytse Jouwer” Hiaure te litten, it útstelde “Waaksens” Waaxens te litten en it útstelde “Ealsum” Aalsum te litten en de doarpen hjiroer te ynformearjen. B. As beslútpunt 4 ta te foegjen: 4. It kolleezje iepen te kommunisearjen te litten mei ús boargers oer it wêrom fan dizze harmonisaasje, de ôfspraken oangeande it Frysk taalbelied yn in weryndielingsgemeente en benammen ek de finânsjes dy’t mei dit útstel muoit binne.

Taljochting: Der is yn septimber 2020 in riedsbreed amendemint oannaam wêrtrocht’t de ientalige Fryske plaknammen, yn it ramt fan harmonisaasje, rûnom yn de gemeente wer de standertnamme wurde sil. Der leit in soarchfâldich ta stân kommen kolleezjefoarstel wêrfoar’t dekking is út provinsjale subsydzjes en weryndielingsjilden fan it ryk. Der is wiidweidich advys foar it útstel ynwûn by eksterne partijen. Mei op basis fan dat advys, en binnen de romte dy’t it amendemint fan 10 septimber 2020 jout, wurdt foarsteld om de trije nammen dy’t in histoarje ha yn it Westerkwartiers (Warfstermolen, Munnikezijl en Burum) en Kollumerpomp, wat yn wêzen al in Fryske namme is, yn de hjoeddeiske foarm te litten. As ried hawwe wy alle reaksjes fan alle doarpen soarchfâldich lêzen. Wy ha besocht goed te harkjen nei harren ynbring en ha besocht op basis fan it oannommen amendemint fan 10 september, de advyzen fan de ferskate organen en de ynbring fan de doarpen it bêste te dwaan. Dat brocht ús ta de folgjende oerwagings:

1. Hiaure: It doarp hat kenber makke “De Lytse Jouwer” te fier ôf lizzen te finen fan Hiaure, wat men graach hâlde wolle soe. Hiaure is lykwols neffens de advysorganen perfoarst net Frysk en neffens it Hânfest net ‘tradisjoneel’. It doarp wol graach dûbeldtalige buorden hâlde mar dat is net oan de oarder. De hear Sjoerd de Hoop seit yn in ynstjoerde brief oan de ried op tongersdei 1 july út namme fan it doarp it folgjende: “Sjoch, wy binne best grutsk op it Fryske plaknamme De Lytse Jouwer. Wy hechtsje dochs ek oan it stikje skiednis, hoe’t de âld Fryske namme De Hioure him troch de ieuwen fanôf 1450 untwikkele hat nei de fernederlânske namme Hiaure yn 1847. It ienige dat wy no fan jimme freegje is om beide nammen gewoan stean te litten. Om’t yn Hiaure de ‘au‘ der yn in pear hûndert jier tusken slûpt is, is dy namme no ynienen folslein Nederlânsk en soe it oarspronklijke De Hioure mei ‘ou’ gjin echt Frysk wêze….?” Wy wolle it doarp yn ‘e mjitte komme troch “Hiaure” net te ferfangen troch “De Lytse Jouwer”. 2. Waaxens: It oanwêzich wêzen fan in oar doarp mei deselde namme earne oars yn de provinsje is fansels net in argumint om de namme net te feroarjen, de hjoeddeiske digitale middels en de beskikberens fan in postkoade sille derfoar soargje dat dy betizing net tanimme sil.

It ûntbrekken fan de letter X yn it Frysk soe in helder argumint wêze moatte om de namme Waaxens te feroarjen yn Waaksens. Lykwols feroaret de útspraak fan de namme folslein net troch it al of net feroarjen fan de letter, dêrmei is de klank “Waaksens,” ek mei in X, boarge. (Dat yn tsjinstelling ta bygelyks de A fan Aalsum (echte klank: Ealsum, altyd sa west, ek doe’t it noch mei AE skreaun waard)). Foar it stânpunt fan it doarp om Waaxens mei in X te hâlden sprekt dat ek fier foar Albrecht fan Saksen de X al brûkt waard út de Latynske tradysje wei (rûn 1300 al). Dêrneist hat ek de Fryske namme fan de van Harinxmawei syn X beholden. De aadlike famylje van Harinxma, âld kommissaris fan de kening Pieter Albert Vincent van Harinxma thoe Slooten foarop, hiene neat mei de Fryske taal op en dat skimert oant de dei fan hjoed troch yn har famyljenamme (wêryn’t bewust foar in X keazen is) en dus ek op guon plakken as Waaxens. Dat is fansels ek histoarje. Lit Waaxens dêrom Waaxens en lit it tegearre mei de Van Harinxmawei it ferhaal fertelle fan de ûnderhearrige posysje fan de Fryske taal, de Hollânske taaloerhearsking en de krêften dy’t de Fryske emansipaasjestriid oant de dei fan hjoed tsjinwurkje. 3. Aalsum: Wy ha sjoen dat dit doarp serieus syn húswurk makke hat en hat in útwreide ûnderbouwing jûn om de namme fan it doarp sa te hâlden as dy is: Aalsum.

Der wurde tal fan histoaryske feiten oanhelle dy’t freegje om de namme te litten sa as dy is. Ek mei dúdlik wêze wat it Dokkums op de doarpsnamme hat. De namme AaIsum wjerspegelt de ynfloed fan de stêd op it plattelân. Yn de tsiende iuw wie it doarp Atlesheim.en yn wat lettere tiid Aelsom, Ailsum en Aelsum. Wy fine it op grûn fan boppensteande rjochtfeardige dat de namme Aalsum stean bliuwe kin.

Yntsjinne troch: A.J. Soepboer (FNP), CDA, S!N, CU, VVD en ALL

Stimming

Foar: FNP, CDA, SIN, CU, VVD, ALL, GBNF, PvdA (24)

Tsjin: 0

Amendemint oannaam

Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 8 july 2021.

De ried niisneamd, de griffier,

de foarsitter,

{{Signer1}}

{{Signer2}}

mr. S.K. Dijkstra

mr. J.G. Kramer

Signed By: Dijkstra, Sytze <s.dijkstra@noardeast-fryslan.nl> 09/07/2021 11:50:20 CEST ID: f603bf97-2e88-4c38-a6ed-aa4e9157c34f Auth: Scribble

Signed By: Kramer, Johannes <j.kramer@noardeast-fryslan.nl> 12/07/2021 11:54:30 CEST ID: f603bf97-2e88-4c38-a6ed-aa4e9157c34f Auth: Scribble

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=b49fe811-5165-490c-9ed7-c2304e48308e