CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

7 - Net oannaam amendemint - Bysûndere eleminten Hurddraver skrasse

It Beslút 17 februari 2022, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Aanvraag investeringskrediet project Harddraverspark & Tolhuispark Dokkum308 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

saaknûmer: 2021-127605 AMENDEMINT Art. 48 RfO Agindapunt: 6 (Aanvraag investeringskrediet Harddraverspark & Tolhuispark Dokkum)

Underwerp: Bysûndere eleminten skrasse

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 17 febrewaris 2022 beslút it foarstelde beslútpunt 1 as folget te wizigjen: 1. Investeringskredieten beschikbaar te stellen voor de ontwikkeling Harddraverspark, verplaatsing tennisvelden en de gebiedsontwikkeling Tolhuispark van in totaal € 7.071.000, met uitzondering van de bijzondere elementen in het Harddraverspark, en de kapitaallasten te dekken uit het krediet sportverplaatsing, het investeringskrediet Súd Ie met betrekking tot de recreatieve voorziening, de vrijvallende kapitaallasten van de Trimmer en de reserve ontwikkelfonds.

Taljochting: As gefolch fan dit amendemint wurdt der gjin jild beskikber steld foar de yn de paragraaf “Bijdrage bijzondere elementen en subsidiewerving” neamde ûnderdielen. It op dizze wize besparre jild kin ûnderdiel útmeitsjen bliuwe fan it ynfestearringskrediet en tsjinje as buffer foar mooglike tsjinfallende kosten (lykas omskreaun yn “Kanttekeningen en risico’s”. Sport is tige wichtich en it is fan grut belang dat de sportferpleatsing en it ûntwikkeljen fan it Tolhúspark en it Hurddraverspark dêrom net langer wachtsje moatte. It breder ûntwikkeljen fan de beide parken kin posityf wêze foar de stêd en har sport- en rekreaasjeoanbod. De gemeente hat lykwols te krijen mei krappe budzjetten en it is nei de takomst ta net ferantwurde om no slompen jild út te jaan oan rânesaken dy’t noch net iens dutsen binne en wêr’t sels noch mear subsydzje foar oanfrege wurde moatte sil. It oanfreegjen fan dy subsydzjes sil amtlike ynset freegje dy’t op oare plakken goed brûkt wurde kin op dit stuit. Der is gjin breed draachflak foar nije ferbinings (lês: brêgen) nei de binnenstêd fan Dokkum ta.

Yntsjinne troch: J. Talsma (BVNL), FNP, S!N, PvdA, AL

Stimming

Foar: BVNL, FNP, S!N, PvdA, AL (12)

Tsjin: VVD, CDA, CU, GB 16)

Amendement net oannaam

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=872400da-0a6e-4200-a9b9-00de1ea3a5c6