260924 Moasje frjemd - Huldiging foar finer earste jeugdljipaai yn Noardeast-Fryslân
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2026-243876 MOASJE Art. 48 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 24-09-2026 Underwerp: Huldiging foar finer earste jeugdljipaai yn Noardeast-Fryslân De ried, heard de beried, fan betinken dat: • it finen fan it earste ljipaai in bysûndere en wurdearre tradysje is binnen Fryslân; • ek bern har ynsette foar it behâld en de belibbing fan dizze tradysje; • it finen fan it earste jeugdljipaai in bysûndere prestaasje is en omtinken fertsjinnet; • it wichtich is om bern te belûken by de Fryske natuer, tradysjes en it kultureel erfgoed; • in wurdearring foar de finer fan it earste jeugdljipaai hjir oan in positive bydrage leverje kin; oerwaagjende dat: • it inisjatyf foar dizze moasje komt út de winsk fan de berneboargermaster om de finer fan it earste jeugdljipaai yn it sintsje te setten; • it stimulearjen fan belutsenens fan bern by de natuer en Fryske tradysjes fan wearde is foar de takomst; • in jierlikse huldiging, priis of blyk fan wurdearring in moaie wize is om dy prestaasje sichtber te meitsjen; • dêrmei ek omtinken frege wurde kin foar de bysûndere posysje fan de ljip en de beskerming fan natuer en lânskip; fersiket it kolleezje: • mei klam om de berneboargemaster te belûken by de huldiging sadat er dêr in aktive rol yn ferfolje kin; • om mei yngong fan 2027 jierliks in
huldiging, priis of passende blyk fan wurdearring beskikber te stellen foar de finer fan it earste jeugdljipaai binnen de gemeente; • dêrfoar yn oerlis te treden mei lokale fûgelwachten en / of oare belutsen partijen; • de gemeenteried te ynformearjen oer de wize wêrop’t dizze priis foarmjûn wurdt en de eventuele finansjele konsekwinsjes dêrfan, en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: T. Otte-Feenstra (VVD), BBB, S!N, GBNF, CDA, LNF, FNP, CU Stimming Foar: VVD, BBB, S!N, GBNF, CDA, LNF, FNP, CU, PvdA (26) Tsjin: - Moasje oannaam Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 24 septimber 2026. De ried niisneamd, de plf. griffier, de foarsitter {{Signer1}} {{Signer2}} S. Bouma-Kooistra mr. J.G. Kramer