260115 Verworpen Moasje parkearjen en ferkearsfeiligens Bernhardlaan Kollum
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2026-007014 MOASJE Art. 48 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 15 jannewaris 2026
Underwerp: Moasje oer parkearjen en ferkearsfeiligens Bernhardlaan Kollum
De ried, heard it beried, konstatearjend dat: - de ried op 20 novimber 2025 in moasje oannaam hat oer de parkear- en ferkearsfeiligenssituaasje oan de Bernhardlaan yn Kollum; - it kolleezje de ried mei de riedsynformaasjebrief fan 16 desimber ynformearre hat oer de fuortgong fan dizze moasje; - út dizze brief blykt dat der noch gjin sprake is fan in strukturele oplossing; - de sportferienings ree binne om sels te ynvestearjen, ûnder mear troch grûnoankeap en eigen behear, en dêrby in berop dogge op meiwurking fan de gemeente; en fan miening dat: - ferkearsfeiligens en in goed funksjonearjende iepenbiere romte kearntaken fan de gemeente binne; - it koälysje-akkoart 2024-2026 ynset op in tsjinstbere gemeente, dy’t inisjativen fan ûnderop fasilitearret en mei de mienskip oplossings foarmjout; - der in bestimmingsreserve ‘Coalitieakkoord 2022’ is dy’t brûkt wurde kin foar de útfiering fan ôfspraken út it koälysje-akkoart; - dizze situaasje in konkrete en ienmalige problematyk is en dat it net beskikber stellen fan gemeentlike middels in belemmering foarmet foar in strukturele oplossing; - it plan foar de extra parkearromte yntegraal ûnderdiel is fan Wilhelmina Sportpark dat past yn ‘e fyzje ‘Ontwikkeling Kollum’; ropt it kolleezje op: 1.
om in ynsidenteel budzjet beskikber te stellen foar it ferbetterjen fan de parkear- en ferkearsfeiligenssituaasje oan de Bernhardlaan yn Kollum; 2. dit te dwaan yn oerlis mei ferienings en Pleatslik Belang; 3. dit buzjet yn te setten foar: a. planfoarming en ûntwerp; b. realisearring fan ekstra parkearfoarsjennings;
4. foar dit doel in bedrach fan maksimaal € 30.000 euro beskikber te stellen; 5. dit bedrach te dekken út de gemeentlike begrutting, post ‘Coalitieakkoord 2022’ FCL4211226; 6. hjirby fêst te lizzen dat it giet om in unike situaasje; 7. sa gau as mooglik wurk te meitsjen fan de realisaasje fan it ekstra parkearterrein; 8. de ried úterlik yn it twadde fearnsjier fan 2026 te ynformearjen oer: a. de besteging fan de middels; b. de útfiering, en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: Marije van der Staal (S!N), PvdA
Stimming
Foar: SIN, PvdA (7)
Tsjin: GBNF, CDA, BVNL, FNP, CU (18) Moasje net oannaam