251218 Moasje frjemd - FNP-CU-CDA-GBNF - Foarrang foar eigen ynwenners by takenning sosjale hierwenten
Tekst van het document
Jiertal / saaknûmer: 2025-319992 MOASJE Art. 48 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp
De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 18 desimber 2025
Underwerp: Foarrang foar eigen ynwenners by takenning sosjale hierwenten
De ried, konstatearjende dat: ➢ der binnen de gemeente Noardeast-Fryslân in grut tekoart is oan betelbere sosjale hierwenten; ➢ hieltyd mear ynwenners muoite hawwe om binnen de eigen gemeente in passende wenning te finen; ➢ der sinjalen binne dat in grut part fan de frijkommende wenten tawiisd wurdt oan wenningsykjenden fan bûten de gemeente; oerwaagjende dat: ➢ it fan belang is dat ynwenners fan de gemeente Noardeast-Fryslân safolle mooglik yn harren eigen omjouwing wenjen bliuwe kinne; ➢ bining mei de lokale mienskip bydraacht oan leefberens, sosjale koheezje en it behâld fan foarsjennings yn doarpen en wiken; ➢ de Huisvestingswet 2014 gemeenten de mooglikheid biedt om, ûnder betingsten, foarrang te jaan oan eigen ynwenners by de ferdieling fan krappe wenromte; fersiket it kolleezje: 1. yn oerlis te gean mei de wenningkorporaasjes oer it ynfieren fan in foarrangsregeling foar ynwenners fan Noardeast-Fryslân en minsken mei lokale bining mei ûs gemeente, by it tawizen fan sosjale hierwenten; 2. hjirby te stjoeren op in persentaasje binnen de wetlike romte fan maksimaal 50%; 3. dêrby spesjaal omtinken te jaan oan jongeren, starters en trochstreamers dy't no faak bûten de gemeente útwike moatte; 4. de ried foar Q2 2026 te ynformearjen oer de mooglikheden, juridyske ramten en konkrete ôfspraken dy’t dêroer makke binne, en giet oer ta de oarder fan de dei.
Yntsjinne troch: A. Buwalda (FNP), CU, CDA, GBNF
Stimming
Foar:
Tsjin: Moasje oannnaam / net oannaam
Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 18 desimber 2025. De ried niisneamd, de griffier,
de foarsitter,
{{Signer1}}
{{Signer2}}
mr. S.K. Dijkstra
mr. J.G. Kramer