CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

251203 Technyske fragen FNP - parkeargaraazje Dokkum

It Debat 4 december 2025, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Startnotitie Noordelijke stadsentree: Haalbaarheidsonderzoek ondergrondse parkeergarage Panwurklocatie239 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Technyske fragen – ûndergrûnske parkeargaraazje Dokkum (Panwurk lokaasje) en parkearen binnenstêd It beslút 18 desimber (It Debat 4 desimber)

Nr 1.

Fraach Wat is de totaal rûzing fan de ynvestearring foar de ûndergrûnske parkeargaraazje, mei splitsing nei boukosten, technyk/ynstallaasjes, ûntwerp & tafersjoch, en risikoreserve? Wat bin hjir fan ûnderbouwde syfers?

2.

Wat is de kostpriis fan in parkearplak yn de garaazje (€/plak) neffens de hjoeddeiske rûzing?

3.

Hoe wurdt de ynvestearring finansiere (reserves, liening, subsydzjes en wat bin de bydragen fan tredden)?

4.

Wat binne de ferwachte kapitaal lêsten per jier (rinte + ôfskriuwing) en hokker rinte prosint en ôfskriuw termyn binne oannommen?

5.

Wat binne de ferwachte eksploitaasjekosten it jier (enerzjy, ûnderhâld, skjinmeitsjen, fersekering, behear)?

6.

Hokker ynkomsten (tariven, abonneminten) en hokker besettingsgraad binne brûkt yn ’e finansjele berekkening? En wat is it ferwachte parkear tarief.

7.

Yn hokker jier wurdt in posityf of negatyf eksploitaasjeresultaat ferwachte, en wat is de rûning fan it jierliks saldo?

8.

Is der in folsleine "businesscase" / finansjeel rekkenmodel beskikber, en kin dizze mei de ried dield wurde? It foarstel sil beseart wêze op besteande sifers en /of oannames, dit oanjaan.

9.

Wat is de kostpriis fan in parkearplak fan it eardere plan Panwurk my ferdjippe plakken.(2021)

Antwurd

10.

Wat bin de besikers tallen fan de toeristen yn de binnenstêd fan Dokkum fan de ôfrûnne jierren.

11.

Wat is it beleid by nei bouw fan apparteminten yn de binnenstêd en it meitsjen fan parkearplakken.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=759f6622-bc59-4813-abfe-fab6b5bf4932