CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

251120 Moasje - Parkearjen Bernhardlaan Kollum

It Beslút 20 november 2025, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Moasje frjemd - Parkearjen Bernhardlaan Kollum390 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

2025-294747 MOASJE Art. 48 RfO Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 20 november 2025

Underwerp: Parkearjen Bernhardlaan Kollum

De ried, heard it beried, konstatearjend dat: - al sûnt 2019 praat wurdt oer de parkearoerlêst en ferkearsfeiligens by it sportkompleks oan de Bernhardlaan te Kollum; - VV Kollum, de tennisferiening en de kuorbalferiening mei-inoar hûnderten leden ha en de parkeardruk dêrtroch struktureel tanaam is; - der gauris ûnfeilige situaasjes ûntstean foar bern, fytsers, omwenners en helptsjinsten; - it kolleezje yn maart 2025 oanjûn hat dat der gjin finansjele middels beskikber binne foar werynrjochting fan besteande parkearplakken; - de gemeente yn har belied stribbet nei leefbere, feilige en belutsen doarpen; - de ferienings sels grûn oankeapje wolle foar ekstra parkearromte en dit oanlizze wolle mei selsredsumens, mar wol de gemeente freegje om te fasilitearjen; en fan miening dat: - ferkearsfeiligens in kearntaak fan de gemeente is; - de sportferienings yn Kollum in wichtige maatskiplike funksje ha; - dizze situaasje liedt ta frustraasje by ferienings en omwenners; - it útbliuwen fan aksje it fertrouwen yn de gemeente fierder skaait; - der wol in hiele moaie kâns fan ûnderop is no’t de ferienings sels eigen grûn oankeapje wolle, harren selsredsumens ynsette wolle om dit probleem struktureel op te lossen en it parkearterrein yn eigen behear hâlde sil; ropt it kolleezje op: 1.

om yn ‘e mande mei de sportferienings, de omwenners en pleatslik belang te kommen ta in mear strukturele oanpak fan de ferbettering parkearsituaasje en ferkearsfeiligens oan de Bernhardlaan; 2. dêryn te ûndersykjen hoe’t de gemeente posityf meiwurkje kin oan de oplossing fan de ferienings sels;

3. om de ried te ynformearjen oer útkomsten en fuortgong foar 1 jannewaris 2026,

en giet oer ta de oarder fan de dei.

Yntsjinne troch: Marije van der Staal (S!N), PvdA, LNF

Stimming

Foar: S!N, PvdA, LNF, FNP, CU, CDA, GB (27)

Tsjin: -

Moasje oannnaam

Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 20 novimber 2025. De ried niisneamd, de griffier, Signed By: Dijkstra, Sytze 21/11/2025 11:20:26 CET ID: 95a80a30-b05e-4697-aecc-547d756b8b96

{{Signer1}} Auth: Scribble

mr. S.K. Dijkstra

de foarsitter, Signed By: Kramer, Johannes 21/11/2025 13:26:26 CET ID: 95a80a30-b05e-4697-aecc-547d756b8b96

{{Signer2}} Auth: Scribble

mr. J.G. Kramer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=2ab1bfaa-092e-4c08-bf0a-e42edf5f9981