250626 Memo strukturele lesten foar de fer- en nijbou yn’e Kadernota
Tekst van het document
Memo Aan
:
Gemeenteraad
Van
:
Wethouder M. Prins
CC
:
Aan
Datum
:
26 juni 2025
Betreft
:
Strukturele lesten foar de fer- en nijbou yn’e Kadernota
Bijlage
:
Geen
Zaaknr. :
-
Achte riedsleden, Mei dizze memo wolle wy jo graach ynformearre oer it neikommende: Troch in tal riedsleden binne wy derop attendeare dat de strukturele lesten foar de fer- en nijbou fan boudielen A en B dy’t opnaam binne yn’e Kadernota heger binne as de lesten dy’t yn it riedsútstel steane. It skeelt rûchwei € 100.000. It ferskil is te ferklearjen trochdat it bedrach yn’e kadernota opnaam is foardat it riedsútstel klear wie. Op dat stuit wie it riedsútstel noch net útwurke en wie der noch gjin sicht op it bedrach dat echt noadich is. Mocht jo ried yn septimber beslúte om yn te stimmen mei it riedsútstel, dan wurdt fansels it “echte” bedrach oan kapitaallesten opnaam yn de begrutting dy’t yn novimber foarleit. De kapitaallesten foar 2029 yn’e mearjierrebegrutting binne dan leger as it bedrach dat no opnaam is yn’e kadernota, en dêrmei it risseltaat better. Wy hoopje dat dizze réaksje de dúdlikheid jout dy’t frege is. Mei freonlike groetnis, Wethâlder M. Prins
-1-