CConstaterende datNoardeast-Fryslân
Koppel je AI →
Document · PDF

250521 Amendemint - Campus Kollum

It Beslút 21 mei 2025, gemeente Noardeast-FryslânBij agendapunt: Brede Campus Kollum336 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Jiertal / saaknûmer: 2025-023736 AMENDEMINT Art. 47 RfO Agindapunt: 8

Underwerp: Brede Campus Kollum

De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 21 maaie 2025 beslút de foarstelde riedsbesluten 1 en 2 te wizigjen en in tredde punt ta te foegjen, as folgjend: 1. Oanfoljend € 7.5 miljoen beskikber te stellen foar de realisaasje útwreiding Brede Campus Kollum ynklusief nijbou of ferhuzing doarpshús, bibliotheek en berneopfang. 2. De hjirút folgjende kapitaallêsten en oare kosten ad € 165.000 per jier te ferwurkjen yn de mearjierrebegrutting. 3. Ta it ôfdekken fan de kapitaallêsten foar de liening foar de berneopfang mei in hierkontrakt fan minimaal 40 jier.

Taljochting: Tidens It Beslút fan 16 april 2025 hat de ried it kolleezje frege om op syk te gean nei besunigings binnen it riedsfoarstel dy't rjocht dogge oan de finansjele situaasje fan de gemeente en ek oan de belangen fan de belanghawwende partijen. De útkomsten fan de fierde petearen binne ferwurde yn de riedsbrief fan 13 maaie 2025 dêr't it kolleezje in trijetal punten yn beneamd dy't yn totaal in besuniging fan 1 miljoen opleverje op it totale ynvestearringsbedrach fan Campus Kollum en in kostedekkende hierpriis fan 40 jier fan de folsleine kapitaallêsten foar de finansiering fan de boukosten fan de berne-opfang. Trochmiddel fan dit amendemint wurdt dizze riedsbrief ferwurke yn it riedsfoarstel. Taheakke: in berekkening fan team Finânsjes fan de nije kapitaallêsten.

Yntsjinne troch: J. Postema (FNP), CDA, CU en GB

Stimming

Foar: FNP, CDA, CU, GB, S!N, LNF, PvdA, VVD (25)

Tsjin: -

Fan stimming ûnthâlden: Buruma (1)

Amendemint oannaam

Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 21 maaie 2025. De ried niisneamd, de griffier, Signed By: Dijkstra, Sytze 22/05/2025 14:01:30 CEST ID: fe39b52f-952a-4521-b3c4-188294e15329

{{Signer1}} Auth: Scribble

mr. S.K. Dijkstra

de foarsitter, Signed By: Kramer, Johannes 22/05/2025 21:43:07 CEST ID: fe39b52f-952a-4521-b3c4-188294e15329

{{Signer2}} Auth: Scribble

mr. J.G. Kramer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=noardeastfryslan&id=98be4188-d05f-4e39-840d-dcdb446a4268